Beabuorren
Ut Wikipedy
Beabuorren is in buorskip yn de gemeente Wûnseradiel, Fryslân. Beabuorren leit yn de himrik fan Tsjerkwert.
Beabuorren leit westlik fan de N359 (Boalserterwei) en Tsjerkwert en eastlik fan Eksmoarre.
Yn Beabuorren stiet de Beabuorstermole oan de Beabuorster Opfeart, dy nei it noarden yn de Makkumer Feart by Boalsert útkomt. Der is in wynpark dat neamd is nei de âlde môle dy't earder eigendom wie fan it wetterskip Eksmoarre.