Feytebuorren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Feytebuorren is in buorskip yn de gemeente Wymbritseradiel. Feytebuorren leit benoarden Westhim tusken Abbegea en Blauhûs oan de Westhimster Opfeart. De namme komt ek foar as Feitebuorren en Feiteburen.

Hy leit yn it noardlik ferlingde fan it doarpke Westhim. Feitlik foarmje de beide plakken ien plak mar ferdield oer twa kearnen. Dat is al fan oarsprong sa. It is dêrby opfallend dat de tsjerke fan it doarp dan krekt yn Feytebuorren stiet en net yn Westhim, dat útgroeid is ta it doarp fan de twa kearnen. Nettsjinsteande de tsjerke is Feytebuorren in buorskip bleaun fan Westhim.

[bewurkje seksje] Tsjerke

Bartolomeustsjerke

De tsjerke, de Bartholomeüstsjerke is wijd oan de hillige Bartolomeus. De fan kleastermoppen boude toer fan de tsjerke stammet út de 14e ieu en is it âldste part fan it gebou. Yn de klokkestoel fan de toer hingje twa klokken. De âldste kommt út 1353. As râneskrift stiet te lêzen: Bartolomeus dibaphus St. rex et immaculata mater Jesu. Ave Maria. (Bartolomeus, de met purper beklede, de heilige koning en de onbevlekte moeder van Jezus. Wees gegroet Maria.) Tevens vermeldt de klok de naam van pastoor Luidulfrus.[1] De jongste klok is fan 1639. De hjoeddeiske ienfâldige sealtsjerke is boud yn 1708 as ferfanging fan de midsieuske tsjerke.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. G.H. van Borssum Waalkes, ‘Friesche klokke-opschriften, met andere van elders vergeleken, en met aanteekeningen, vertaling, registers en platen voorzien’, De Vrije Fries (XVI) 1886, side 163-164.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen