Blauhûs (Súdwest-Fryslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Blauhûs
Flagge fan Blauhûs Wapen fan Blauhûs
Flagge Wapen
Lokaasje fan Blauhûs
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 574
Webstee http://www.blauhus.nl
Sint-Fitustsjerke
Pastorije Sint-Fitustsjerke
Kalvarygroep
Piëta-grêfmonumint
Bierhúske

Blauhûs is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Boalsert. Oant 2011 lei Blauhûs yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 574 ynwenners (2006). Der is foar it doarp in doarpsfyzje opsteld.

It Blauhûs

By de herfoarming yn 1580 moasten yn it gebiet súdwest fan de line Boalsert-Snits in tsiental lytse parochys ferdwine. Dêrom waarden foar de oerbleaune katoliken reizgjende preesters oansteld, dy't de sakreminten tatsjinnen en de mis foargean koene. Dizze situaasje blau oant yn 1651 it polderbestjoer fan de yn 1632 droechleine Sinsmar in gebou beskikber steld waard foar de roomske tsjinsten. Dêr waard it gebou fan it polderbestjoer foar brûkt dat op it stee fan it hjoedeiske Teatskehûs stiet. It polderhûs hie blauwe dakpannen en waard dêrom it Blauhûs" neamd. Doe't "it Blauhûs" brûkt ward foar de roomske earetsjinst kaam preester Adam Petri, oant dan wenjend yn Hieslum, dêr wenjen. Yn dy tiid waarden de earste huzen om "it Blauhûs" hinne boud. De bewenners wiene fansels roomsk. Omdat dat polderhûs brûkt waard as skûltsjerke ûntwikkele Blauhûs him as in katolike enklave.

"It Blauhûs" waard mei ferrin fan tiid te lyts as tsjerke en dêrom waard njonken it gebou in nije tsjerke boud yn 1785. "It Blauhûs" waard doe as pastorije brûkt. De gebouwen waarden brûkt oant 1871. Tusken 1868-1871 waard ûnder lieding fan pastoar Evers de neogotyske Sint-Fitustsjerke boud, nei ûntwerp fan P.J.H. Cuypers.

Doarpsstatus

Pas sûnt 1949 is Blauhús offisjeel in doarp. De jierren '50, '60 en '70 stienen yn it teken fan wenningwetwenten. Yn de jierren '50 waarden dy oan de Atsemar boud, ein sechtiger jierren oan de Sinsmar en begjin jierren '70 oan de Lytse Finne en de Van der Looswei. Yn de jierren '80 hat it Teatskehiem stal krigen en waard begûn mei dee bou fan (meast eigen) wenten oan de Gerben Rypmastrjitte. Yn de earste helte fan de jierren '90 is dat plan folboud en yn de twadde helte fan de njoggentiger jierren waard begûn mei bebouwing oan de Sylroede. De bedriuwen sitte meast oan de Jacobidyk en de Broer de Wittestrjitte, oan de noardeastkant fan Blauhús. Ein 2007 is begûn mei de twadde faze fan it bouplan oan de Sylroede.

Blauhûs is ek bekend fan de Blauhúster Dakkapel dy't geregeld optreedt by belangrike reedrydwedstriden. Op it dak fan it Teatskehûs is de Blauhúster Dakkapel ûntstien.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De skoalle fan it doarp hjit Sint Gregorius, der is in pjutteplak It Protternêst en it jeugdhûs Siesa. Foar de âlderein is der it soarchsintrum Teatskehûs. Blauhûs hat in Feriening foar Doarpsbelang dy't yn 1948 oprjochte is. Alle jierren wurdt de Blauhúster Merke hâlden dy't altyd yn it teken fan de hynders stien hat. It aktive ferieningslibben makket tankber gebrûk fan de akkomodaasjes as de sportseal (De Singel), it jongereinhûs en it sportfjild. Simmers wurdt de keatst en Jeu-de-boules spile; yn de winter kin der riden wurde oan de efterkant fan kafee “De Freonskip”. De akkomodaasjes binne boud mei grutte help fan de eigen doarpsmienskip. It jierlikse doarpsfeest, sûnt 1873, mei it hynstespektakel is by de hynsteleafhawwer in begryp. Fierders binne der fytsrûtes, it doarpskafee mei in smûk terras, it karnaval sûnt 1968, de túnfeesten yn de pastoarytún, sport, fertier en in protte (fisk)wetter meitsje it doarp ta wat it is: gesellich!~

Tsjerke

De mienskip fan Blauhûs mei roomsk neamd wurde. Dizze mienskip libbet rûnom de Fitustsjerke, mei in beskieden rûne smelle toer, dy’t yn 1868 boud waard. De restauraasje fan dizze Cuyperstsjerke is yn 1993 klearkaam. De gemeente hat it sa regele dat it monumintale ynterieur troch elts besjoen wurde kin ek wannear’t der gjin Mis hâlden wurdt.

Hynders

In keunstwurk yn it doarp is “De Fryske Hynstefôle” fan Maria van Everdingen fan Loaiïngea. De fôle stiet skean tsjinoer de tsjerke. It hynder hat yn dizze agraryske omjouwing jierren in tige wichtich plak hân. It waard brûkt foar it wurk, ferfier en fertier. De draverswedstriden dy’t útskreaun waarden troch de kastleins binne hjir in foarbyld fan. Sa ek yn Blauhûs dêr’t sûnt it begjin fan de merken alle jierren hurddraverijen wiene. Letter waarden in draverijen mei in hynder en boerewein en tsjinwurdich giet it om in sjees. De fôle symboalisearet de sterke bân tusken de minsk en it hynder yn dizze omjouwing.

De jongerein hie yn 2010 sa'n tsien keten (ek wol: dophokken): De Kie, Boethús, Keet fan Piet, Keet 't Fokhok en Keet De Skuorre en Keet Brandsma.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

De sportseal fan Blauhûs hjit De Singel.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Stifting Oaljemole wol de oaljemole yn stân hâlde en eksploitearje
  • De Gerben Rypma Stifting wol it wurk fan dizze skilder omtinken jaan. Yn it doarp is ek in Gerben Rypmastrjitte.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Atsemar, Broer de Wittestrjitte, De Kie, De Polle, De Sylroede, Dykslân, Gerben Rijpmastrjitte, Jacobidyk, Lytse Finne, Sinserpaad, Sinsmar, Teatskehiem, Van der Looswei, Vitusdyk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]