Heech

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heech
Flagge fan Heech Wapen fan Heech
Flagge Wapen
Lokaasje fan Heech
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 2241
Webstee
18e ieuske wente
Ielaak 'Korneliske Ykes II'

Heech (Nederlânsk: Heeg) is in doarp in de gemeente Súdwest Fryslân, oan de noardkant fan de Hegemer Mar, súdwest fan Snits. It doarp hat likernôch 2.241 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Heech yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Ielhannel[bewurkje seksje | edit source]

Troch de lizzing oan de Hegemer Mar wie lange tiid de ielfiskerij en -hannel belangryk yn Heech. Oant 1938 waard fanút Heech iel nei Londen eksportearre. De Hegemers koenen dêrby fergees gebrûk meitsje fan de Dutch Mooring (Nederlânske oanlis) oan de Teems, net fier fan de Toer fan Londen. De hannel wie sa wichtich foar it doarp dat der in tiid west hat dat de Hegemer bern op de legere skoalle al Ingelsk learden. It belang blykt ek út it wapen fan Heech, dêr't noch altyd in iel yn stiet.

Wettersport[bewurkje seksje | edit source]

Tsjinwurdich is Heech in bekend wettersportsintrum mei in ferskaat oan jachthavens en werven. Hjirfan is de werf foar platboadems fan Piersma de bekendste. Yn it sintrum fan it doarp steane noch in pear gebouwen út de 18e ieu wêrunder de herfoarme tsjerke út 1745.

Topografy[bewurkje seksje | edit source]

Ta Heeg wurde ek de buorskippen Osingahuzen en Lytshuzen rekkene. Súdeastlik fan Heech lei earder it buorskip Easterwâlde.

Oer it lân jout De Skatting ferbining mei de twa buorskippen en fia de Alde Skatting mei Drylts. De Nijedyk jout ferbining mei De Gaastmar.

Oer it wetter jouwe it Nauwe Fliet en de De Grêft fan de Hegemer Mar tagong ta it midden fan it doarp. Fan wêr't dy twa gearkomme giet de Hegemer Far nei it easten, en komt út op it plak dêr't de Wimerts (de Nauwe Wimerts en de Wide Wimerts) de Jeltesleat krúst. De Jeltesleat ferbinet bûten it doarp om de Hegemer Mar mei de Kûfurd. Fan it Nauwe Fliet giet de Tsjerkesleat ek nei Lytshuzen, en fia de Djippe Sleat nei de Rintsjepoel. De Weisleat jout ferbining mei de Idzegeaster Poel en mei Idzegea. Yn de buorren fan it doarp steane noch in tal 18e ieuske bouwurken, lykas it Kapteinshûs. De Syl is karakteristyk foar Heech en om de herfoarme tsjerke út 1745 binne smûke strjitsjes. Fierders binne der noch:

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

In doarpshûs stiet midden yn it doarp. In it yn 1999 oanleine Hiempark mei besikerssintrum binne ferskate biotopen te sjen. Der is in broek-, park- en droechbosk. Boppedat binne der in fjildlaboratorium, fûgelhutte, fûgeleilân, swellemuorre en in flearmûzeboufal. Der wurdt alle jierren in soad op tou set, lykas it doarpsfeest "Heech yn’t Findel", de reüny fan rûne- en platboaiemjachten en ferskate sylwedstriden op de Hegemer Mar. "Heechspanning" is it jierlikse Strjittefestival, Heechsimmerfestival is in muzykspektakel. Ynwenners wurde fan alles op de hichte hâlden middels it krantsje "De Sylboade". "Talma State"is in tehûs foar de âlderein. It doarp hat in kristlike en in roomske basisskoalle.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Crescendo - muzyk

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

De yn 2003 ferstoarne ARP-politikus Joop Bakker leit yn Heech begroeven. Hanneke Jagersma, de earste, en ienige boargemaster yn Nederlân dy't lid fan de CPN wie is berne yn Heech.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Sint Jozeftsjerke

Strjitten fan Heech[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten fan Heech.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • W.O. Santema - Heeg en de Palinghandel op Londen" (1995), "Greolshaven, in pleats yn oarlochstiid" (1993) en Wapendropping op 'e Gouden Boayum(1992)
  • Jan Zetzema - De Friese Palingaken (1996)
  • G. Gerritsma, K. de Jong, L. van der Pol, J. Vleer en T. Zijlstra - Heeg en de Hegemers (1987)
  • Sicco van Albada - De Helling onder Heeg (1999),
  • It wapen fan Heech
  • Webstee Wymbritseradiel