Tjeerd Kuipers

Ut Wikipedy
Rotterdam: Bergsingeltsjerke
Amsterdam: De Sân Lannen

Tjeerd Kuipers (De Gordyk, 21 desimber 1857 - Laren, 13 novimber 1942) wie in Nederlânske arsjitekt en de ûntwerper fan mear as fyftich tsjerken, dêr't mar in pear fan bewarre bleaun binne. Hy wie in broer fan de arsjitekten Roelof Kuipers en Foeke Kuipers.

Hy ûntwurp tusken 1888-1928 mear as fyftich, benammen grifformearde tsjerken. Tseard wurke by arsjitektenburo Salm en letter by Sanders en Berlage. (Sjoch Hendrik Petrus Berlage). Neidat earst in oantal ûntwerpen net útfierd waarden, û.o. foar tsjerken yn Katwyk oan See en Amsterdam, en in oannimmer syn ûntwerp foar in tsjerke yn Haarlim plagiearre, boude Kuipers yn 1888 syn earste tsjerke yn Makkum. Kuipers brûkte yn syn karriêre ferskate boustilen.

Syn ierste wurk fan ± 1896, is oer it generaal yn neorenêssânse styl. Dêrnei ûntwerpt hy in tal tsjerken mei ynfloeden út de romaanske styl en de gotyk kombinearre wurde mei it rasjonalisme fan Berlage. Fan 1899 ôf fiert dat rasjonalisme de boppetoan. In oantal fan syn lêste tsjerken yn de jierren 1920 is yn in ynholden ekspresjonistyske styl. Neist it ûntwerpen fan nije tsjerken fergrutte Kuipers ek in oantal besteande tsjerken, ûnder mear yn Hardenberg en Rijssen.

Njonken tsjerken, ûntwurp Kuipers ek profane wurken, lykas in skoalle yn Buiksloot yn 1886. Ien fan syn bekendste wurken is in rige fan sân huzen yn de Amsterdamske Roemer Visscherstrjitte, dêr't yn elts hûs in boustyl út in oar Europeesk lân ferwurke is.

Inkele wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Synagoge fan Grins

Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare provinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tjeerd Kuipers fan Wikimedia Commons.