Sealtsjerke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Goatyske Terptsjerke yn Akkrum
Ynterieur fan de herfoarme tsjerke fan Rhoon

In sealtsjerke is in rjochthoekich tsjerkegebou dat ienboekich oftewol ienskippich is. Faak waard in rûne nis, de apsis neamd, oanbrocht, dêr't it alter stie. Yn de romano-gotyk wie de alterromte meastal rjocht wylst dy yn de gotyk mearhoekich is.

In foarbyld fan in sealtsjerke is de Terptsjerke yn Akkrum.

De protestantske earetsjinst, dy't yn de rin fan de 16e ieu opkaam, hie ferlet fan sealtsjerken omdat hjirby de preek sintraal stie en dus de sichtberheid fan de dûmny fan grut belang wie. In soad iere protestantske tsjerken, lykas dy yn IJzendijke, binne as sealtsjerke útfierd. Ek nei de Frânske tiid, doe't der in soad wettersteatstsjerken foar de Herfoarmden boud waarden, waarden dy as sealtsjerke boud. Sokke tsjerkjes komme út de earste helte fan de 19e ieu. In foarbyld is it Van Goghtsjerkje yn Nuenen.

De measte moderne tsjerken, protestantske én roomske, binne faak as sealtsjerke boud.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]