Legere skoalle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Legere skoalle is in foarm fan basisûnderwiis dy't yn de hiele wrâld foarkomt.

De legere skoalle as begryp yn de wetjouwing waard yn 1985 ferlitten. Tegearre mei de beukerskoalle (of: 'lytse skoalle') is de legere skoalle in foarrinner fan de basisskoalle.

De legere skoalle hie seis klassen:

  • earste klasse: foar bern fan 6-7 jier (komt oerien mei groep 3 fan de basisskoalle)
  • twadde klasse: 7-8 jier (groep 4)
  • tredde klasse: 8-9 jier (groep 5)
  • fjirde klasse: 9-10 jier (groep 6)
  • fyfde klasse: 10-11 jier (groep 7)
  • seisde klasse: 11-12 jier (groep 8)

Nei de seisde klasse waard in skoaladvys foar it fuortset ûnderwiis jûn, meastal op grûn fan it resultaat fan it CITO Einhifkjen Basisûnderwiis

Somtiden wie der ek in sânde en achtste klasse, bedoeld om learlingen op skoalle te hâlden salang at se learplichtich wienen. Guon learlingen gienen fierder nei it fglû (fuortset gewoan leger ûnderwiis). It gie dan meast om learlingen dy't nei it leger ûnderwiis oan it wurk gienen.

Kombinaasjeklassen kamen ek foar as der te min learlingen op in skoalle wienen om seis klasselokalen mei te foljen.

In skoalhaad ('haadmaster') hie de deistige lieding; faak wie dy ek ûnderwizer fan in klasse yn de boppebou, útsein op tige grutte skoallen.

At klassen meiïnoar yn ien lokaal sitte hat men it oer in kombinaasjeklasse of kombinaasjegroep.