Iens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Iens
Flagge fan Iens Wapen fan Iens
Flagge Wapen
Lokaasje fan Iens
Gemeente Littenseradiel
Ynwennertal (2004) 50
Webstee Webstee Spannum/Iens

Iens is in doarp yn de gemeente Littenseradiel, noardeast fan Wommels. It doarp hat likernôch 50 ynwenners (2004) en leit ticht by Spannum. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Iens diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1991 waard de namme Edens offisjeel feroare yn Iens. De bern geane nei skoalle De Tarissing yn Spannum.

It doarp leit mids pleatsen yn de Greidhoeke. Binnen de buorren, in beskerme doarpsgesicht, steane twa pleatsen. De measte ynwenners wurkje bûten it doarp. Fan oarsprong lei it oan in dearinnende dyk, letter is in fytspaad oanlein lâns de Boalserter Feart. Iens wurdt al sûnt it begjin fan de jiertelling bewenne. De karakteristike tsjerke kmt foar in part út de 13e ieu. Yn it tsjerke binne grêfsarken út de 16e ieu. Der stie hjir oait in stins dy't bewenne waard troch de famylje Van Burmania. In't tsjerke hinget noch in rouboerd mei it wapen fan dizze famylje.

By it doarp stiet de De Ienzermole, in lytse poldermole út 1847 dy't by grutte wetteroerlêst as helpgemaal ynsetten wurdt. Ten súdwesten fan Iwens stiet oan de oare kant fan de Boalserter trekfeart in om 1925 hinne boude Amerikaanske wynmotor.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Ienzers wurde wol Swannepopels neamd
  • By Iens stiet ek de Sinteklazepleats.
  • Fan Iens nei Boalsert rint in fytspaad: It Fersepaad. Op plakettes steane fersen fan Fryske skriuwers.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It Popelhûs is it doarpshûs dat simmerdeis ferhierd wurdt. Alle jierren wurdt in doarpsfeest holden.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Bûten de Kom, Hegenserleane, Van Burmaniawei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]