Abbegeasterketting

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Abbegeasterketting is in buorskip yn de gemeente Súdwest Fryslân. Abbegeasterketting leit benoarden Abbegea oan de Boalserter Feart. Oant 2011 lei Abbegeasterketting yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Earder stie by Abbegea en by Wolsum, twa doarpen yn de omkriten fan Boalsert, in "kettinghûs". Dêr wie in ketling oer de feart spand om tol fan de skippers ynfoarderje te kinnen. De útbuorrentsjes dêr ha no noch de nammen Abbegeasterketting en Wolsumerketting.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen