Burchwert

Ut Wikipedy
Burchwert
Flagge fan Burchwert Wapen fan Burchwert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Burchwert
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2021) 230 [1]
Webstee http://www.burgwerd-hichtum.nl

Burchwert is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, benoarden Boalsert. It doarp leit oan de Boalserter Trekfeart en hat 230 ynwenners (2021). Oant 2011 lei Burchwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dieperderhimpolder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp ûntstie út in delseting yn it kwelderlânskip yn de tiid dat it wetter noch frij spul hie. Tusken de jierren 900 en 1000 binne yn de omkriten de earste diken oanlein. Burchwert heart ta de âldste generaasje terpdoarpen yn de omkriten. Om it jier 900 is begûn mei it oanlizzen fan in oantal seediken yn Westergoa. Ien fan dy diken wie de "Dieperderhim". Dy ring gie fan Wytmarsum oant Hartwert en Boalsert. Omdat men it net mei elkoar iens wurde koe oer it ûnderhâld fan de dyk, hawwe der tusken de 13e en 16e iuw 77 dyktrochbraken west. De lêste oerstreaming wie mei by Alderheljen yn 1570. Nei dizze ramp is de dyk fersterke en ferbettere.

De namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp wurdt yn de 13e iuw neamd as Borghwarth en Borgwaart. Borghwert en Borgwerd komme ek faak foar yn ferskate stikken. De namme Burchwert bestiet út twa dielen. It wurd "Burch", dat "Sterk" of "dyk" betsjut. "Wert", is in útgong dy't in soad foarkomt yn Fryslân en Grinslân. It betsjut soksawat as "Eilân fan wetter omspield" of "Keunstmjittige hichte tsjin de floed opwoeksen". Dat de oarsprong fan it doarp is werom te finen yn syn namme.

De Jehannestsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Protestantske Jehannestsjerke
De Wikipedy hat ek in side Jehannestsjerke (Burchwert).

De romanogoatyske protestantske tsjerke fan Burchwert stamt nei alle gedachten út de 13e iuw. Yn 1515 teach in plonderjende kloft soldaten dwers troch Fryslân, dy't ek de Burchwerter tsjerke plondere. Dêrnei is de tsjerke yn yn goatyske styl ferboud. Yn de jierren 1724-1726 hat de tsjerke in grutte ferbouwing ûndergien en binne de muorren ommitsele mei âlder materiaal. Boppedat binne de finsters fergrutte.

De oarspronklike spits fan de toer hie neffens in print fan ± 1700 op de kanten topgevels mei in opklimmend bôgefries en in hege achtsidige spits. Yn 1816 is de toer ferboud en hat sûnt de hjoeddeiske spits. De yngong sit oan de noardlike kant; oan dy kant sit ek de ienichste wizerplaat om't it noard ek oan de noardkant fan de tsjerke leit.

Foar de Twadde Wrâldoarloch hie de tsjerke twa klokken. In lytse (getten yn 1512) en in grutten-ien (getten yn 1656) dy't nei de oarloch net weromkomd is. Yn de tsjerke stiet in oargel fan Michael Schwartzburg út 1735, dat yn opdracht fan Yttje Buwalda boud is nei' t har seis soannen allegear ferstoarn wiene.

De Sint Johannes Kapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de oarlochsjierren kamen der in soad evakuees nei Fryslân en ek yn Burchwert. De roomsk-katoliken sochten nei in mooglikheid om tichter by hûs tsjerketsjinsten hâlde te kinnen. Men koe nei Boalsert ta, mar troch de situaasje wie soks net altiten fertroud. Yn de oarlochsjierren waarden roomske tsjinsten hâlden yn de konsistoarje of by minsken thús, mar de langsteme nei in eigen tsjerke waard grutter. Yn 1950 is begûn mei de bou, de nije tsjerke hie in kapasiteit fan maksimaal 100 persoanen. Yn de begjinjierren siet de tsjerke fol, letter rûn dit werom nei 50 á 40 persoanen. Sûnt 2000 wurdt der net mear preke en is it gebou te keap setten.

It wapen en de flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wapen fan Burchwert is werom te finen yn de Jehannestsjerke fan Burchwert, dêrt'op in wapenboerd út 1726 it wapen stiet ôfbylde. In terp, mei dêrop in toer mei oan beide kanten twa stjerren. It wapen fan Burchwert is in sprekkend wapen. De flagge is letter ûntwurpen troch de gemeente Wûnseradiel. Se binne takend yn 1955. De flagge fan de gemeente sels stiet ôfbylde oan de broekskant fan de flagge fan elk doarp út Wûnseradiel. De kleuren op de flagge binne ûntliend oan it wapen, en symbolisearje de greiden om Burchwert hinne.

Moles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flakby it doarp stiet De Hiemerter Mole, in spinnekopmole dy't as helpgemaal ynsetten wurde kin by slimme wetteroerlêst.

Efkes noardeastlik fan Burchwert stiet de Aylvapoldermole, in poldermole dy't yn 2000 wer opboud is.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpshûs is it Doniahûs. Op 21 july 2006 hat der in reüny west foar ynwenners en âld-ynwoners fan Burchwert. Teffens waard it earste eksimplaar útrikt fan in boek oer de skiednis fan it doarp. Der is in feriening foar Doarpsbelang, in aktiviteitenkommisje en de feestkommisje Burchwert-Hichtum.

Skoallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wie in iepenbiere skoalle oant 1942. De âldste dokuminten oer dy skoalle binne út 1628. De kristlike skoalle 'It Skûlplak' is yn 1880 oprjochte en in jier letter útein setten. Oan it begjin sieten der 32 bern op skoalle. De start gie muoisum, benammen op finansjeel flak. Letter gienen alle bern fan Burchwert, Hichtum en Hartwert dêr hinne. Hoewol't de skoalle berekkene wie op 60 learlingen, hie de skoalle yn 1900 al 80 learlingen. Dêrnei bleau it wakker gelyk. Pas nei 2003 begûn it bernetal werom te rinnen, yn 2009-2010 hie de skoalle noch 36 learlingen.

Op 'e Hichte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'Op'e Hichte' is al sûnt 1982 de doarpskrante fan Burchwert. Sûnt 2001 docht it doarp Hichtum ek mei. De mienskiplike krante hjit sûnt 2001 'Op'e hichte fan Burchwert en Op'e paad troch Hichtum'. It pjutteboartesplak hjit 'It Klimmerblêd'. Sûnt it begjin fan de doarpskrante binne der in oantal rubriken, dy't faak weromkomme. Dat binne bygelyks "Yn petear mei..." , Nije Bewenners en Wisten-jo-datsjes. Meardere ferienings hawwe steefêst harren eigen side. Op'e hichte ferskynt fjouwer kear yn it jier, yn in oplage fan 190 stiks.

Ferieningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • biljertferiening De Twastriid
  • iisklup De trije doarpkes
  • keatsklup Sparta
  • badmintonferiening It plúmke
  • muzykferiening Exelcior Burchwert
  • toanielferiening Nij libben
  • frouljusferiening Bidt en werkt
  • begraffenisferien De lêste ear

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In bekende Burchwerter is dichter, skriuwer en oersetter Eeltsje Hettinga. It ynwennertal fan Burchwert rint al jierren tebek.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Opfeart, De Trekfeart, Doniaweg, Hemert, It Klaailân, Kapelstrjitte, Tsjerkhôf, Kleasterwei, Pealdyk, Skoallestrjite, Schwartzenbergwei, Sjungadyk, Trekpaad.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  1. Alle Cijfers