Lytsewierrum
|
|||||
| Gemeente | Littenseradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 60 | ||||
| Webstee | |||||
Lytsewierrum is in terpdoarp yn it suden fan de gemeente Littenseradiel. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004). Oant en mei 1955 wie it doarp Rien in buorskip under Lytsewierrum. Lytsewierrum hat in beskerme doarpsgesicht.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Lytsewierrum diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Bouwurken
Der is in goed konservearre, let-goatyske Gertrudistsjerke. Hoewol't de toer oarspronklik fan âlder datum (1557) is as it tsjerke, is dizze troch lettere fernijingen dochs minder autentyk. Op de toer stiet in "Sint Maarten" op in hynder, alhoewol't de tsjerke wijd is oan de hillige Gertrudis en net oan Sint Maarten. Oan it troch tsjerke en tsjerkhôf foarme rûne sintrum lizze in pear hiemen op in dúdlike ôfstân fan it sirkelfoarmige tsjerkepaad.
Ungefear in kilometer súd fan it doarp stiet healwei de dyk nei Skearnegoutum oan de Legedyk de Grutte Wierum, in yn 1921 boude Amerikaanse wynmotor dy't ta ryksmonumint ferklearre is.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn de âlde pastorij mei de namme Bûtenskinkerij sit no keunstneresse Teresa Takes.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Buorren, De Heide, Grutte Wierum, Hegedyk, Ivigeleane, Molmawei, Nijlânsdyk, Slachtedyk, Tsjerkeleane.