Abbegea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Abbegea

Abbegea (Abbega) is in terpdoarp yn Súdwest Fryslân, mei likernôch 263 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Abbegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Befolkingsûntwikkeling: 2003-262, 2002-264, 1999-268 Abbegea leit oan de Twiska, krekt noardlik fan de Himdyk, en de Abbegeaster Opfeart foarmet de ferbining nei it noarden mei De Wimerts. Ta it doarp heart ek it buorskip Abbegeasterketting. Oan de noardkant fan it doarp is in nijbouwyk. Men kin mei de boat oan Abbegea ta komme.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Gertrudistsjerke

Abbegea is ûntstien op in terp tusken 1000 en 1200.

Eartiids wie hjir in parochy Gertrudistsjerke wijd oan de hillige Gertrudis. De herfoare tsjerke is noch út de Midsieuwen. De toer hat in houten dakruter mei in klok út 1647. Sûnt 1989 is it âlde tsjerkepaad nei Westhim fernijd.

[bewurkje seksje] Gertrudislien

By testamint bepaalde pastoar Goffa Adema (†* july 1508 ) de bestimming fan it Sint-Gertrudislien. It jild út de ferhier fan in oantal pleatsen moast te'n goede komme oan de neisieten. Binne dy der net dan meie oaren dit brûke om foar doomny te learen. De gemeente is mei de tsjerkefâden it bestjoer. De stifting hat in moaie drinkhoarn yn besit. Sjoch hjirfoar ek it boek:

  • H.Bolt - Geschiedenis van het Sint Geerttruidsleen te Abbega 1508 - 1933

[bewurkje seksje] Wetterskip

It wetterskip Abbegea ûntstie doe't men oan it begjin fan de 20e ieu in bettere wetterbehearsking ha woe yn it gebiet fan it wetterskip De Skerwolder- en Moarra-Himmen.

[bewurkje seksje] Mienskip

Abbegea hat in feriening foar Doarpsbelang. De oranjeferiening fersoarget ien kear yn de twa jier de doarpsfeesten. Abbegea hat mei Folsgeare en Easthim it kontaktbledsje 'Kontakt'. Yn 1983 krige Abbegea in nije basisskoalle: "Bernegea".

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten yn Abbegea

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen