Wiuwert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wiuwert
Flagge fan Wiuwert Wapen fan Wiuwert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wiuwert
Gemeente Littenseradiel
Ynwennertal (2004) 260
Webstee Oer de mummy's
De noardside fan de tsjerke, mei de âldste muorre fan it gebou

Wiuwert is in doarp yn de Fryske gemeente Littenseradiel, mei 260 ynwenners (1 jannewaris 2004).

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Wiuwert diel út fan de gemeente Baarderadiel.

Wiuwert is twaliddich wat bebouwing oangiet. Oan de iene kant is der de âlde buorren, mar der is ek in nijbouwyk mei in in oantal moderne huzen dy't opfalle troch arsjitektuer en materialen. Ek in stikmannich bediuwsgebouwen lûke de oandacht.

Goudskat[bewurkje seksje | edit source]

Goudskat fan Wiuwert
Ien fan de mummys yn de grêfkelder

Yn 1866 waard by terpôfgravings in grutte goudskat fûn mei byzantynske en frankyske munten út de 7e ieu. Se waarden net brûkt yn in jildekonomy mar waarden droegen as sieraden. De skat bestiet út in fibula, ringen en earhingers. Yn de brakteaten binne Romeinske munten ferwurke. De munten binne ûnder oare fan Justinianus út de 6e ieu en wurde bewarre yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien.

Mummy's[bewurkje seksje | edit source]

Wat Wiuwert echt bekend makke hat is de ferneamde grêfkelder (1609) ûnder de, yn haadsaak 19e ieuske Herfoarme tsjerke. Yn de grêfkelder ûntdekten timmerlju yn maart 1765 by tafal in alvetal liken dy't op natuerlike wize mummifisearre binne. De kisten stienen op skragen. Yn de kisten sieten in hast geef lichem mei moaie klean oan. De kisten wienen mei linnen beklaaid. Sân kisten binne yn de rin fan de tiid ferdwûn. Guon miene dat se wolris brûkt wêze kinne troch de universiteit fan Frjentsjer. Fjouwer fan dizze ieuwenâlde mummys binne noch yn de grêfkelder te besichtigjen en foarmje sûnt jierren in toeristyske attraksje. Hoe't it kin dat dizze like nea fergien binnen is net rjocht dúdlik. Men tinkt oan de loftstream en fochtichheidsgraad yn de grêftombe as oarsaak, mar elk ûndersyk dat definityf útslútsel jaan kin oer de oarsaak wurdt net tastien troch de tsjerke. Dit omt men de mystike sfear dy't no om de mummifikaasje hinget sa hâlde wol. Ek oer de identiteit fan de mummy's bestiet gjin wissichheid. It binne wierskynlik de resten fan leden fan de Walta-famylje en/of resten fan inkele Labadisten. Dizze fromme sekte kaam yn de 17e ieu ek op it Waltaslot. (De yntellektuele en artistike Anna Maria van Schuurman wie in bekende labadist) Wis is yn elk gefal de identiteit fan in freon fan de walta's, goudsmit Stellingwerf fan Ljouwert. De smid leit links en fan him mist de rjochter ûnderearm. Neis him leit de 'ferjitten frou' mei de earms op it liif teard. Nûmer trije is de man mei it kaakabses en rjochts, ûnder in glêzen deksel, it lichem fan in famke (1610) dat nei alle gedachten tuberkuloaze hân hat. Om te demonstrearjen dat de singeliere grûngesteldheid en kâlde loftstream noch altyd har wurk dogge, is yn de rin fan de tiid in tal deade fûgels yn de romte ophong. Ek al dizze fûgels binne net fergien mar mummifisearre. It mummifisearjen hat grif net de bedoeling west, want de lichems wiene net balseme. Omdat it rêstplak yn 1609 boud waard is yn 2009 it 400-jierrich bestean betocht.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Op 25 jannewaris 1972 baarnde de eardere molkfabryk fan Wiuwert ôf.
  • Mei Britswert hat Wiuwert in wynmole delsette litten tusken de beide doarpen.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Mei Britswert hat Wiuwert ien feriening foar Doarpsbelang: De Twa Doarpen. De Pikeloer is de doarpsskoalle.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Buorren
  • Aldfeart -
  • Bessens - de buorskip Bessens noardeast fan Wiuwert
  • Froonackerdyk - Froonacker wie de âlde namme foar Frjentsjer
  • Klaaiterp -
  • Labadistendyk - Labadisten binne in leauwensrjochting
  • Middelsee - eardere wetter de Middelsee
  • Oer de Feart -
  • Slinke -
  • Swaanwerterdyk - dyk nei de buorskip Swaanwert
  • Terp -

Berne yn Wiuwert[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: