Fibula

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De fibula (ek wol: doekspjelde of mantelspjelde) is in twadielig brûnzen foarwerp besteande út in pinne mei in goatsje, dat eartiids brûkt waard om in mantel of oare stikken klean op de skouder mei fêst te setten. It wie de foarrinner fan de slútspjelde of knoop.

Yn ferkate gebieten fan Jeropa binne fibula's fûn; de âldste datearje út de 8e ieu f. Kr.. De fibula bleaune yn swang oant en mei de 9e ieu.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]