1969
Ut Wikipedy
Ieuwen: 15e - 16e - 17e - 18e - 19e - 20e ieu - 21e - 22e - 23e - 24e - 25e
Jierren: 1964 - 1965 - 1966 - 1967 - 1968 - 1969 - 1970 - 1971 - 1972 - 1973 - 1974
1969 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Kalinder foar 1969.)
Foarfallen[bewurkje seksje]
- 16 jannewaris - De studint Jan Palach stekt himsels yn 'e brân, as protest tsjin it ferneatigjen fan de herfoarmings fan de Praachske Maitiid.
- 2 maart - De earste flecht (29 minuten) fan de Concorde
- 29 maart - Lenny Kuhr wint foar Nederlân it Eurovisie Songfestival, se krijt likefolle punten as de ynstjoering fan it Feriene Keninkryk, Spanje en Frankryk.
- 23 maaie - De Lauwerssee wurdt ôfsletten en hjit no Lauwersmar.
- 20 july - Astronaut Neil Armstrong set as earste minske fuot op de Moanne.
- 15 augustus oant 17 augustus - It legindaryske Woodstockfestival wurdt hâlden yn Bethel, New York.
- 1 septimber - Kening Idris fan Lybje wurdt, wylst er om utens is, ôfset troch kolonel Moammar al-Qadhafi.
Berne[bewurkje seksje]
- 3 jannewaris - Michael Schumacher, Dútsk Formule 1-kûreur.
- 28 jannewaris - Ernie, fan it poppeduo Bert en Ernie.
- 22 febrewaris - Ferdinand de Jong, Frysk skriuwer
- 15 maart - Carla Zijlstra, Fryske reedrydster.
- 14 juny - Steffi Graf, Dútske tennister.
- 26 july - Bert, fan it poppeduo Bert en Ernie.
- 19 septimber - Candy Dulfer, Nederlânsk saksofoaniste.
Ferstoarn[bewurkje seksje]
- 19 jannewaris - Jan Palach, polityk aktivist, stjert oan syn wûnen (* 1948).
- 22 juny - Judy Garland, Amerikaanske aktrise en sjongster (* 1922).
- 3 july - Muzikant Brian Jones (Rolling Stones) stjert mei 27 jier.
- 31 augustus - Rocky Marciano, wrâldkampioen boksen yn it swiergewicht (* 1923).
- 12 oktober - Sonja Henie, Noarsk keunstrydster (* 1912).
Jierren: 1964 - 1965 - 1966 - 1967 - 1968 - 1969 - 1970 - 1971 - 1972 - 1973 - 1974
Ieuwen: 15e - 16e - 17e - 18e - 19e - 20e ieu - 21e - 22e - 23e - 24e - 25e
