1971
Ut Wikipedy
Ieuwen: 15e 16e 17e 18e 19e - 20e ieu - 21e 22e 23e 24e 25e
Jierren: 1966 - 1967 - 1968 - 1969 - 1970 - 1971 - 1972 - 1973 - 1974 - 1975 - 1976
1971 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Kalinder foar 1971.)
Foarfallen [bewurkje seksje]
- jannewaris
- 1 - De Benelúks Merkenwet wurdt jildich.
- 1 - Yn de Feriene Steaten wurdt reklame foar sigaretten op televyzje ferbean
- 8 - De Britske ambassadeur in Urûguay, Geoffrey Jackson, wurdt yn Montevideo troch de Tupamaros-beweging ûntfierd.
- 15 - In Egypte wurdt de Aswandaam iepene.
- 24 - De Noar Dag Fornæss wurdt op It Hearrenfean Europeesk kampioen reedriden foar Nederlanner Jan Bols.
- 25 - Generaal-majoar Idi Amin Dada ferslacht Milton Obote by in militêre coup yn Uganda.
- 31 - De Apollo 14 wurdt lansearre, mei de astronauten Alan Shepard, Stuart Roosa en Edgar Mitchell.
- febrewaris
- 4 febrewaris - It Britske Rolls-Royce Motor Cars giet fallyt en wurdt dêrnei nasjonalisearre.
- 5 - Astronaut Alan Shepard kuieret op de moanne.
- 7 – Switserlân kriget frouljuskiesrjocht .
- 8 - De Nasdaq set útein.
- 11 - De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk , de Sovjet-Uny en oare lannen tekenje in ferdrach dat stasjonearing fan kearnwapens op de boaiem fan de oseanen ferbiedt
- 13 - Súd-Fietnameeske troepen, stipe troch Amerikaanske artillery en loftmacht geane de grins mei Laos oer.
- 15 - Yn Grut-Brittanje en Ierlân wurdt it desimale stelsel yn it jildsysteem ynfierd.
- 20 – De Amerikaanske steat Mississippy wurdt rekke troch 50 tornado's, 74 minsken reitsje dea.
- 27 - De earste abortusklinyk fan Nederlân, it Mildredhûs yn Arnhim, begjint mei it útfieren fan abortus provokatus.
- maart
- 12 – Militêre steatsgreep yn Turkije ûnder lieding fan generaal Tagmac en Nihat Erim. Linkse partijen en organisaasjes wurde ferbean en tûzenen politike tsjinstanners wurde oanholden.
- april
- François Duvalier, mei de bynamme Papa Doc, presidint en diktator fan Haïty, wurdt nei syn ferstjerren opfolge troch syn soan Jean Claude, bynamme Bébé Doc (Baby Doc), foar it libben.
- 19 - De Sovjet-Uny bringt de Saljoet 1, it earste Russyske romtestasjon, om de Ierde.
- maaie
- 3 - Walter Ulbricht wurdt yn de DDR opfolge troch Erich Honecker as sekretaris-generaal fan it Sintrale Komitee fan de SED.
- 21 - Attraksjepark Flevohof wurdt iepene troch prinsesse Beatrix
- 29 - Attraksjepark Six Flags Magic Mountain wurdt iepene.
- 31 - Nij lân: Banglades; it gebiet hearde earst oan Pakistan (East-Pakistan).
- juny
- 13 juny - Publikaasje fan geheime Pentagon-dokuminten yn de New York Times en Washington Post oer de oarloch yn Fietnam.
- 16- Fuotbalklup GVAV wurdt FC Groningen.
- july
- 3 - Jim Morrison, sjonger fan de groep The Doors, wurdt yn Parys dea fûn yn syn bad.
- 10 july - De Nederlânske auteur Godfried Bomans komt op it ûnbewenne Rottumerplaat oan. Hy sil dêr in wike bliuwe, útnoege troch Willem Ruis, dy't in radioprogramma makket mei deistige bydragen fan Bomans. It ferbliuw falt Bomans slim ôf.
- 17 - Godfried Bomans wurdt op Rottumerplaat ôflost troch Jan Wolkers, ek skriuwer.
- 18 - De Belgyske hurdfytser Eddy Merckx wint de Omgong fan Frankryk.
- 26 - De Feriene Steaten lansearje de Apollo 15 nei de moanne. Foar it earst giet der in moanneweintsje mei.
- augustus
- 1 - It Konsert foar Banglades
- 14 - Bahrein ferklearret har ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
- 15 - De keppeling fan de dollar oan it goud wurdt opheft.
- septimber
- 3 - Yn Katar wurdt de ûnôfhinklikheid útroppen
- 21 - Katar, Bûtan en Bahrein wurde lid fan de Feriene Naasjes
- oktober
- 14 - Oprjochting fan Greenpeace yn Kanada, yn it earst oan ûnder de naam Don't Make A Wave Committee.
- 27 – De namme fan it Afrikaanske lân (Belgysk) Kongo wurdt feroare yn Zaïre.
- novimber
- 4 – Reboelje yn it Grinzer Hûs fan Bewarring. Gizeling fan fjouwers beweitsers. Finzenen wolle nei De Haach om by de minister te kleien oer harren omstannichheden. Nei fjouwer oeren jouwe de aksjefierders harren lykwols oer.
- 15 - De Hjerringflytdaam (1970) wurdt offisjeel yn gebrûk naam.
- 15 - Intel bringt de 4004-mikroprosessor foar mikrokompjûters út.
- 28 - De Jordaanske premier Wasfi Tell wurdt fermoarde troch de Palestynske terreurgroep Swarte Septimber.
- desimber
- 2 - Stifting fan de Feriene Arabyske Emiraten .
- 3 - Yndiaask-Pakistaanske kriich.
- 9 - De Feriene Arabyske Emiraten wurdt lid fan de Feriene Naasjes.
- 20 - Oprjochting fan Artsen sûnder grinzen.
- 21 – Boere-opstân yn Tubbergen fanwege de ruilferkaveling.
- 22 - Godfried Bomans komt te ferstjerren.
- gjin datum
- Yn Nederlân krijt tsjinstplichtig soldaat Rinus Wehrman arrest omdat hy wegeret nei de kapper te gean.
- Earste net-sesurearre útjefe fan Wij slaven fan Suriname fan Anton de Kom (ûnder sensuer útjûn yn 1934)
Berne [bewurkje seksje]
- 15 septimber - Annamarie Thomas, Fryske reedrydster.
- 26 desimber - Falko Zandstra, Fryske reedrider.
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 6 juny - Appel Ooiman, Frysk roeier (* 1905)
- 11 septimber - Nikita Chroesjtsjov, lieder fan de Sowjet-Uny (* 1894).
- 19 augustus - Minne Endstra, in súksesfolle Nederlânske sakeman(* 1901).
Jierren: 1966 - 1967 - 1968 - 1969 - 1970 - 1971 - 1972 - 1973 - 1974 - 1975 - 1976
Ieuwen: 15e 16e 17e 18e 19e - 20e ieu - 21e 22e 23e 24e 25e