Fietnam
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Fietnameesk | ||||
| Haadstêd | Hanoi | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
329.560 km² 1,3% |
||||
| Ynwenners (2005) | 83.535.576 | ||||
| Munt | Dồng (VND) | ||||
| Tiidsône | UTC +7 | ||||
| Nasjonale feestdei | 2 septimber | ||||
| Lânkoade | VNM | ||||
| Ynternet | .vn | ||||
| Tillefoan | 84 | ||||
Fietnam is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Hanoi en de president fan de republyk is sûnt 1997 Tran Duc Luong.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Fietnam wurdt begrinzge troch:
- Sina yn it noarden;
- de Golf fan Tonkin yn it easten;
- de Súd-Sineeske See yn it suden;
- Kambodja en Laos yn it westen.
[bewurkje seksje] Lânskip
Fietnam beskikt oer sânstrannen, berchwâlden en in protte kultuermoniminten. Oan de Golf fan Tongking leit de delta fan de Reade- en Swarte Rivier. Te suden hjirfan leit Annam, it sintrale diel fan Fietnam, dat foarme wurdt troch in langhalige kuststripe dy't op him smelst amper 40 km breed is. Noch fierder nei it suden leit de 70.000 km² grutte Mekong-delta.. As gefolch fan in lange reintiid binne de kustgebieten bedekt mei typyske reinwâlden en mangrovebosken.
[bewurkje seksje] Skiednis
Foar it begjin fan de jiertelling wie yn it noarden fan it tsjintwurdige Fietnam, yn de delta fan de Reade rivier, in keninkryk neamd "Nam Fiet", wat lân fan it suden ynhâldt. Dat keninkryk foel sawat tûzen jier (111 f. Kr.-939 n. Kr.) ûnder Sineeske hearskippij. Yn de 10e ieu waard troch Fietnameeske opstannelingen in ein makke oan dat bewâld en ûntstie in eigen steat. Twastriid tusken twa wichtige famyljes soarge derfoar dat yn de 15e ieu it lân midstwa opdield waard yn noard en súd. Pas yn 1802 mei help fan de Frânsken waard it lân werienige. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it lân ferdield yn in kommunistysk regeard Noard-Fietnam en in diktatoriaal regeard Súd-Fietnam. De Fietnamoarloch (1957-1975) einige mei in machtsoername troch de Fietkong yn Súd-Fietnam en de weriening ûnder kommunistysk bewâld. De ynminging fan Fietnam yn Kambodja yn 1979 late ta in wapene konflikt mei Sina.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
De befolking fan Fietnam is konsintrearre yn de twa wichtige rivierdelta's, dêr't de etnyske Fietnamezen mei 85% fan grutste groep fan foarme. Yn totaal binne yn it lân om-ende-by 50 minderheidsgroepen, dy't foaral yn de heechlânnen libje, û.o. de Muong, Tai, Hmong, Dao, Sedong, Jarai, Bahnar, Rhade, Sjam en noch in grut tal lytsere groepen. Yn de stêden wenje grutte tallen Sinezen.
[bewurkje seksje] Taal
Yn Fietnam wurdt Fietnameesk sprutsen as offisjele taal. Dizze taal waard oant en mei de 17e ieu skreaun mei in op it Sineesk likend skrift. Troch de Frânske Jezuïet Alexandre de Rhodes waard yn de 17e ieu it Westerske alfabet yntrodusearre.
[bewurkje seksje] Religy
Yn Fietnam wurdt in grut ferskaat oan religys oanhongen, dêr't it boedisme de grutste godstsjinst fan foarmet. Oare leauwen binne it konfusianisme, tradysjonele lokale leauwen en it kristendom, fral de Roomsk-Katolike Tsjerke.