2009
Ut Wikipedy
| Gregoriaanske kalinder | 2009 MMIX |
| Ab urbe condita | 2762 |
| Armeenske kalinder | 1458 ԹՎ ՌՆԾԸ |
| Sineeske kalinder | 4705 – 4706 乙子 – 丙丑 |
| Etiopyske kalinder | 2001 –2002 |
| Hebrieuske kalinder | 5769 – 5770 |
| Hindoe kalinders | |
| - Vikram Samvat | 2064 – 2065 |
| - Shaka Samvat | 1931 – 1932 |
| - Kali Yuga | 5110 – 5111 |
| Iraanske kalinder | 1387 –1388 |
| Islamityske kalinder | 1430 –1430 |
Ieuwen: 16e -- 17e -- 18e -- 19e -- 20e -- 21e ieu -- 22e -- 23e -- 24e -- 25e -- 26e
Jierren: 2004 - 2005 - 2006 - 2007 - 2008 - 2009 - 2010 - 2011 - 2012 - 2013 - 2014
2009 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Kalinder foar 2009)
Ynhâld |
Foarfallen [bewurkje seksje]
2009 is it:
- Ynternasjonale Kalvijnjier fanwegen it fiifhûndertste bertejier fan de protestantsk tsjerkherfoarmer Johannes Calvijn.
- Darwinjier 2009 fanwegen it twahûnderste bertejier fan de natuerûndersiker en biolooch Charles Darwin.
- Ynternasjonale Jier fan de Astronomy, as betinking oan de 400e jierdei fan Galileo's earste warnimming mei in teleskoop.
Jannewaris [bewurkje seksje]
- 1 - Slowakije nimt de euro as wettich betelmiddel.
- 1 - Tsjechje wurdt foar in heal jier foarsitter fan de Europeeske Uny.
- 1 - Gazprom slút de ierdgas tafier nei de Oekraïne.
- 3 - Alaska makket sûnt 50 jier ûnderdiel út fan de Feriene Steaten.
- 3 - Israel falt de Gazastreek binnen.
- 5 - Ahmed Aboutaleb wurdt de nije boargemaster fan Rotterdam, hy folget Ivo Opstelten op.
- 7 - Gazprom slút ek de gas tafier nei Jeropa troch de Oekraïne.
- 17 - Israel kundiget in staakt it fjoeren oan dy't de deis dêrnei yngiet. Ek Hamas kundiget sels in staakt it fjoeren oan.
- 19 - It earste Fryske Hânwurdboek fan de Fryske Akademy wurdt útrikt oan minister Ronald Plasterk fan Underwiis. It is it earste Fryske wurdboek dat de ferklearrings yn it Frysk jout.
- 20 - Barack Obama wurdt de 44ste presidint fan de Feriene Steaten.
- 26 - De Yslânske oerheid- en banksysteem klapt yn elkoar. Minister-presidint Geir Haarde stapt fuortendaliks op.
Febrewaris [bewurkje seksje]
- 2 - De Iraanske presidint Mahmoud Ahmadinejad makke bekend dat Iran harren earste satellyt de romt yn sketten hat, de satelyt hat de namme Omid.
- 7 - De swierste boskbrânen yn de skiednis fan Austraalje begjinne. Uteinlik komme 173 minsken om it libben, rekke 500 minsken ferwûne en reitsje 7.500 minsken dakleas. De fjurren komme, nei de heechst metten temperetueren (yn Melbourne) ea, yn in Australyske haadstêd, 46,4°C. De measte fjoerhurden binne oanstutsen of komme troch fallende of ynstoartende elektrisiteitslinen.
- 10 - In Russyske en in Amearikaanske satellyt klappe op elkoar boppe Sibearje, wêrtroch in grutte mannichte romte ôffal ûntstiet.
- 10 - De Postbank giet op yn de ING.
- 12 - Geert Wilders wurdt de tagong ta it Feriene Keninkryk ûntsein.
- 21 - 8 maart - Stifting It Fryske Boek organisearret de Fryske Boekewiken.
- 25 - By Skiphol stoart in fleantúch fan Turkish Airlines del.
Maart [bewurkje seksje]
- 2 - João Bernardo Vieira, presidint fan Guinee-Bissau, wurdt fermoarde by in oanfal op syn wenning yn de haadstêd Bissau.
- 3 - In bus mei Sri Lankaanske kriketspilers wurdt ûnder fjoer naam yn Lahore, Pakistan. Acht minsken ferstearje en guon oaren reitsje ferwûne.
- 11 - Yn it Dútske Winnende sjit in 17-jierrige op syn âlde skoalle 15 minsken dea, wêrnei hy himsels fermoardet.
- 11 - 21 maart - De Nederlânske Boekewike.
- 17 - Yn Madagaskar wurdt presidint Marc Ravalomanana ôfsetten, wêrnei in moanne fol gefechten yn de haadstêd Antananarivo los giet. It leger wiist opposysje lieder Andry Rajoelina oan as nije presidint.
- 26 - Mount Redoubt yn Alaska barst foar de twadde kear yn in moanne tiid út. Sûnt jannewaris is de fulkaan al ûnrêstich.
- 31 - De NAFO hâldt in top yn De Haach.
- 31 - Fredesdemonstranten twinte in yllegale demonstraasje ôf in De Haach.
April [bewurkje seksje]
- 1 - Albaanje en Kroaasje komme by de NAFO, dêrmei komt it tal lannen fan de NAFO op 28.
- 4 - De Deen Anders Fogh Rasmussen wurdt keazen om fan 1 augustus ôf Jaap de Hoop Scheffer op te folgen as sekretaris-generaal fan de NAFO. Lars Løkke Rasmussen wurdt de nije premier fan Denemark.
- 5 - Op Antarktika brekt in ysskots fan it Wilkins Ysplato ôf dy't like grut is as in fearn fan Nederlân.
- 6 - By in ierdskodding yn de omkriten fan LÁquila yn de Italjaanske regio Abruzze komme mear dan 275 minsken om it libben, der binne wis 1.500 minsken ferwûne. De ierdskodding hie in krêft fan 6,3 op de skaal fan Richter, tûzenen gebouwen reitsje skansearre.
- 18 - UNESCO begjint mei de Digitale Wrâld Bibleteek
- 19 - Fuotbalklup AZ fan Alkmar wurdt lânskampioen fuotbal.
- 27 - Yn Jeropa wurde de earste gefallen fan besmetting mei de nije bargegrypfariant H1N1 befestige. Dêrmei is de gryp ek bûten it Amearikaanske kontinint ferspriede. It firus is no wis oantroffen yn de Feriene Steaten, Kanada, Spanje en Skotlân.
- 29 - Nei oanlieding fan de útbraak fan de Meksikaanske gryp is troch de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) de alarmfase opskale nei nivo 5 (it ien nei heechste nivo), de lêste fase foardat sprutsen wurde kin fan in pandemy. Dizze opskaling is benammen yn sein nei de oerheden en de farmaseutyske yndustry oer de heule wrâld om harren ta te riede op fierdere fersprieding.
- 30 - Minister fan Folkssûnens Ab Klink makket bekend dat ek yn Nederlân in gefal fan de Meksikaanske gryp fêststelt is. It giet om in bern fan 3,5 jier, it wurdt behannele en de tastân is net slim.
- 30 - By de fiering fan Keninginnedei 2009 rydt in auto op de staasje fan de keninginne yn.
Maaie [bewurkje seksje]
- 1 - Sûnt hjoed meie yn Nederlân persoane-auto's mei oanhingweinen of kerevens op de autogongwei maksimaal 90 km/o ride. Earder wie dat 80 km/o
- 8 - By in grutte oanfal fan Pakistan op de Taliban yn de Swatdelte komme wis 77 opstannelingen en 35 boargers om it libben.
- 9 - It is no offisjeel befêstige dat ek yn Austraalje, Japan en Panama de Meksikaanske gryp oanwêzich is.
- 9 - Jacob Zuma wurdt oanstelt as presidint fan Súd-Afrika.
- 9 - De hurdfytser Tom Boonen wurdt betrape op it brûken fan kokaïne. Hy wurdt troch syn ploech Quick·Step skorst. Inkele dagen letter wurdt ek bekend dat hy net meidwaan mei oan de Omgong fan Frankryk.
- 12 - De Nederlânske ynstjoering foar it Eurovisie Songfestival, De Toppers, komme net troch de heale finale, wêrtroch se net meidwaan meie oan it haadbarren op 16 maaie.
- 16 - Alexander Rybak wint foar Noarwegen it Eurovisie Songfestival mei it ferske Fairytale.
- 17 - SK It Hearrenfean wint yn de finale fan de KNFB Beker fan FC Twente.
- 23 - Horst Köhler fan it CDU wurdt troch de bûnsgearkomste werkeazen as bûnspresidint fan Dútslân.
- 25 - Noard-Korea hâldt foar de twadde kear in núkleêre test yn de provinsje Noard Hamgyong. De Feiligheidsrie fan de Feriene Naasjes feroardield de test.
Juny [bewurkje seksje]
- 1 - In fleanmasine fan Air France stoart del yn de Atlantyske Oseaan, foar de kust fan Brazylje. De 228 oan board fan it tastel komme allegear om it libben.
- 4 - Yn Nederlân en yn it Feriene Keninkryk wurde ferkiezings hâlden foar it Jeropeesk Parlemint. Yn Nederlân is de PVV de grutte winners, ek D66 en GrienLinks winne, grut ferlies is 'r foar de PvdA.
- 5 - Op de Sealterfryske Wikipedia wurdt it tûzenste artikel skreaun.
- 12 - Mahmoud Ahmadinejad is werkeazen as presidint fan Iran. De wiken dêrnei demonstrearje tûzenen minsken fan de opposysje tsjin de resultaten fan de ferkiezings.
- 25 - Michael Jackson ferstjert yn Los Angeles op 50-jierrige leeftyd.
- 28 - Presidint Manuel Zelaya fan Hondûras wurdt troch in steatsgreep ôfsetten omdat hy stappen ûndernaam om mei in referindum de grûnwet te feroarje en sa in tredde termyn as presidint oan te bliuwen.
July [bewurkje seksje]
- 4 - It Fryske Wikiwurdboek hat foar it earst likefolle yngongen as de Fryske Wikipedy.
- 29 - De 152e PC wurdt wûn troch, Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei, Daniel Iseger.
- 31 - 6 augustus - De 74e Snitswike wurdt hâlden.
Augustus [bewurkje seksje]
- 3 - Bolivia wurdt it earste lân yn Súd-Amearika dat ynheemske befolking it rjocht jout harren sels te bestjoere.
- 4 - Yn Nederlân falt it earste slachtoffer fan de Meksikaanske gryp. It giet om in jongen fan 17 jier dy't al bot siik wie.
- 4 - De Noard-Koreaanske lieder Kim Jong-il ferlient twa Amearikaanske sjoernalisten graasje nei dat Bill Clinton in mjitting hie mei Kim. De sjoernalisten wienen in arrestearre omdat se yllegaal yn it lân wêze soenen.
- 7 - De tyfoan Morakot giet oer Taiwan, 500 minsken komme om it libben.
- 16 - De Jamaikaan Usain Bolt rint in nij wrâldrekord op de 100 meter, 9,58 sekonde.
- 21 - Hawaï makket sûnt 50 jier diel út fan de Feriene Steaten fan Amearika.
- 29 - Yn Assen giet de 64e edysje fan de Vuelta fan start.
Septimber [bewurkje seksje]
- 6 - De 20e Nederlânske soldaat komt om it libben yn Afganistan. Korporaal Kevin van der Rijdt (26 jier), komt om it libben by Deh Rahwod yn Uruzgan.
- 8 - 13 septimber - New York 400 wike, wêryn de 400-jierrige bân tusken Nederlân en New York fierd wurdt yn New York.
- 26 - De tyfoan Ketsana giet oer de Filipinen.
- 27 - De Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski wurdt oppakt yn Switserlân yn ferbân mei in arrest yn de Feriene Steaten.
Oktober [bewurkje seksje]
- 1 - Dick Advocaat wurdt bûnstrener fan Belgje.
- 2 - Rio de Janeiro wurdt de Olympyske Spullen fan 2016 tawezen troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.
- 7 - 17 oktober - Nederlânske berneboekewike.
- 9 - Barack Obama wint de Nobelpriis foar de Frede.
- 11 - Pater Damiaan wurdt troch paus Benediktus XVI hillich ferklaard.
- 19 - De DSB Bank fan Dirk Scheringa wurdt fallyt ferklaard.
- 22 - Windows 7 wurdt útbrocht troch Microsoft.
Novimber [bewurkje seksje]
- 6 - By it fabryk fan Fryslân Campina yn Dronryp ûntsnapt salpetersoer, der wurdt grut alaarm slein yn de omkriten.
- 9 - It is 20 jiere lyn dat de Berliner Muorre foel.
- 13 - Domino Day yn Ljouwert, it rekôrd wurdt brutsen mei goed 4,4 miljoen stienen.
- 13 - Der wurdt 90 liter wetter yn fêste foarm fûn op de moanne.
- 14 - De lânlike yntocht fan Sinteklaas wurdt yn Skiedam hâlden.
- 18 - Yn de Urkerbosk wurdt it lichem fûn fan in 14-jierrige Urker jongen.
- 18 - Yn seis Nederlânske fúzjegemeenten binne gemeenterieferkiezings. Yn de measte oare gemeenten wurde de ferkiezings op 3 maart 2010 hâlden.
- 19 - De Belgyske politikus Herman van Rompuy wurdt keazen ta earste Presidint fan de Jeropeeske Rie.
- 22 - De CERN werstart de Grutte Hadron-fersneller by Genève, Switserlân.[1]
- 21 - It Junior Eurovisie Songfestival 2009 wurdt hâlden yn de Oekraïne, de Nederlanner Ralf Mackenbach wint de wedstryd.
- 25 - Yn Belgje beneamd kening Albert II Yves Leterme ta premier. Hy folget Herman van Rompuy op, dy't de Presidint fan de Jeropeeske Rie wurdt. De gearstalling fan it nije regear ferskilt kwealik mei it regear fan Van Rompuy.
- 25 - In rjochtbank yn Switserlân stelt fêst dat de Frânsk-Poalske regisseur Roman Polanski op borchtocht frijkomt.
- 29 - Yn in referindum stimt 57% fan de Switserske befolking foarin ferbod op it bouwen fan nije minaretten yn harren lân. De fjouwer minaretten dy't al yn it lân steane meie stean bliuwe.
- 30 - Yn it Dútske München begjint it proses tsjin de 89-jierrige John Demjanjuk. Hy wurdt der fan fertocht bewaker west te wêze yn it ferneatigingskamp Sobibór wurke te hawwe, dêrom wurdt him handiedichheid oan moard op wis 27.900 Joaden te lêste lein.
Desimber [bewurkje seksje]
- 1 - Ramses Shaffy, Nederlânsk sjonger, fersteard oan de gefolchen fan slokdarmkanker. Hy is 76 jier wurden.
- 1 - It Ferdrach fan Lissabon giet fan start, de Jeropeeske Uny giet in nije fase yn.
- 3 - De Keninklike Nederlânske Marine hâld 13 Somalyske piraten oan en befrijdet 2 Tansianen.[2]
- 3 - Fokke Bauke Rispens fan Tsjom, de âldste Fries, fersteard op 106-jierrige leeftyd.[3]
- 4 - It kabinet fan Nepal komt gear op de Mount Everest om omtinken te freegjen foar de klimaattop yn Kopenhagen.
- 4 - By in brân yn in nachtklup yn Perm, Ruslân, komme 112 minsken om it libben en reitsje 123 minsken ferwûne.
- 5 - Tsientûzenen minsken demonstrearje yn ferskate Jeropeeske stêden yn oanrin nei de klimaattop yn Kopenhagen.
- 5 - Sinteklaasjûn.
- 7 - Yn Kopenhagen begjint de klimaattop.
- 7 - Yn Iran wurde studinteprotesten nei oanlieding fan de Dei fan de Studint spikerhurd delslein.
- 10 - Yn de Sint Pitertsjerke fan Grou krijt Oebele Vries de Joast Halbertsmapriis úrtikt. De dosint oan de Stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins krijt de trijejierlikse ûnderskieding foar syn folsleine wittenskiplike wurk.[4]
- 10 - FrieslandCampina makket bekend dat it de kommende jierren 200 banen skraabje. De tsiisproduksje yn Dronryp wurdt yn 2011 stillein en ek yn Drachten slút it bedriuw ek harren tsiisferpakkingsôfdieling yn Drachten en moatte 73 minsken fuort by it fabryk yn Ljouwert. Wol komme der by it fabryk yn Wolvegea 45 banen by.[5]
- 15 - De gemeenterie fan Boarnsterhim stimt foar de opheffing fan de gemeente. Allinne de trije FNP leden stimme tsjin.
- 17 - Troch in soad sniefal yn Nederlân en Fryslân komt it lân frijwol plat te lizzen. Yn Oerterp komt 70 sentimeter snie te lizzen.[6]
- 18 - De klimaattop yn Kopenhagen wurdt beëinige.
- 25 - In reizger út Nigearia op de Northwest Airlines-flucht 253 fan Amsterdam nei Detroit besiket it fleantúch op te blazen, de oanslach mislearret.
- 28 - Op It Hearrenfean wurde njoggen jongeren oppakt foar fernielerij.[7]
Berne [bewurkje seksje]
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 12 jannewaris - Keimpe van der Meulen ,âld-skûtsjeskipper (76 jier)
- 13 jannewaris - Kick Stokhuyzen, kwismaster NCRV
- 14 jannewaris - Jacques Scheepsbouwer, oprjochter fan it Ot en Sienmusem
- 12 febrewaris - Lis Hartel, Earste froulike medalje winneres by de hynstesport op de Olympyske Simmerspullen (* 1921)
- 17 febrewaris - David Hartsema, Nederlânsk skriuwer, dichter en keunstner
- 26 febrewaris - Hans Lesterhuis, âld PvdA-boargemaster It Amelân en Eaststellingwerf en fuotbalbestjoerder, † te Hilfertsom
- 27 febrewaris - Gerriet Postma, keunstskilder (76 jier)
- 24 maart - Martin Brozius, akteur
- 22 april - Martin Bril, Nederlânsk skriuwer
- 27 april - Jan de Jong, iismaster Thialf
- 1 maaie - Henk Nijdam, hurdfytser
- 21 maaie - Jan Riedstra, sakeman en fuotbalbestjoerder
- 24 maaie - Jan Nauta, âld-keeper SK It Hearrenfean
- 14 juny, Frank de Vries, âld-riedslid PvdA yn Eaststellingwerf, âld-steatelid
- 25 juny - Michael Jackson, popsjonger (* 1958)
- 25 july - Harry Patch, 111 jier, lêst oerbleaune Britske militêr dy't yn de Earste Wrâldkriich focht
- 27 july - Michaël Zeeman, Nederlânsk skriuwer, dichter, resinsint en televyzjepresintater
- 5 augustus - Harm Fennema fan Akkrum, garaazjehâlder en bestjoerder Frysk Hynste Stamboek
- 8 augustus - Tony Feitsma, heechlearaar Frysk (* 1928)
- 21 augustus - Tjerk Kramer (Warns), riedslid FNP (62 jier)
- 23 augustus - Edzo Toxopeus, minister, kommissaris fanb de keninginne en Twadde Keamerlid VVD
- 25 augustus - Edward Kennedy, Amerikaansk politikus (* 22 febrewaris 1932)
- 11 septimber - Hennie van Schoonhoven, earder fuotballer fan û.o. SK Cambuur Ljouwert
- 4 oktober, Harry Frieswijk, âld-direkteur FBTO
- 13 novimber - Gerrit Tasma (te Hurdegaryp), oersetter en regisseur Jouster Kritetoaniel (*1926)
- 28 novimber - Tryntsje van der Zee, oersetster toaniel foar Tryater en Frysk amateurtoaniel
- 1 desimber - Ramses Shaffy, sjonger en akteur
- 1 desimber - Henny Siebel, sjoernalist (*1943)
- 13 desimber - Hendrik ten Hoeve, riedslid PvdA en histoarysk gewisse fan Ljouwert. (*1945)
- 24 desimber - Markus Bakker, Twadde Keamerlid CPN 1956-1982
- 26 desimber - Yves Rocher, grûnlizzer kosmetika-ympearium
Ieuwen: 16e -- 17e -- 18e -- 19e -- 20e -- 21e ieu -- 22e -- 23e -- 24e -- 25e -- 26e
Jierren: 2004 - 2005 - 2006 - 2007 - 2008 - 2009 - 2010 - 2011 - 2012 - 2013 - 2014
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|