Pia Beck

Ut Wikipedy
Pia Beck

Pieternella (Pia) Beck (De Haach, 18 septimber 1925 - Malaga, 26 novimber 2009) wie in Nederlânse jazz-pianiste en sjongster.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pia Beck wie in natuertalint op de piano. Suver sûnder muzikaal ûnderrjocht waard sy maaie 1945 frege om te spyljen en te sjongen yn it Miller Sextet, wêrmei't sy optrede yn Belgje, Dútslân, Sweden en Nederlânsk-Ynje. Yn 1949 begon hja har eigen kombo. Beck har earste komposysje, Pia's Boogie, waard fuortendaliks in hit. Neist toernees troch Europa hie De Vliegende Hollander in fêst plak yn Skeveningen.

Yn 1952 gie sy foar it earst nei de Feriene Steaten, dêr't sy oany 1964 alle jierren optrede. Sy waard eareboargeresse fan New Orleans en Atlanta. Kollega Oscar Peterson neamde har de bêste jazzpianiste fan de wrâld.

April 1965 emigrearre sy mei har partner nei de Costa del Sol, dêr't sy yn earstoan in pianobar begûn. Doe't dy fallyt gien wie, lei sy har ta op it skriuwen fan reisgidsen en op de makelerdij. Yn 1975 makke sy har comeback as artyste yn it Sirkusteater yn Skeveningen. Op 18 septimber 2003 (har 78e jierdei) naam se ôfskied fan it publyk mei in konsert yn restaurant Castellum Novum yn Hilfertsom.

Yn 2017 waard in brêge sûnder namme yn Amsterdam doopt ta Pia Beckbrêge.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pia Beck wie ien fan de earste artysten dy't yn it iepenbier witte woe fan har homoseksualiteit (yn de Feriene Steaten fersette sy har ein jierren '70 tsjin de anti-homoaktiviste Anita Bryant). Mei har freondinne Marga Samsonowski en trjie bern út har houlik mei diskjockey Pete Felleman wenne hja fan 1965 ôf yn de Malagaanske wyk Churriana by Torremolinos yn Súd-Spanje. De âldste dochter stoar yn 2008 en Samsonowski stoar mids 2009.[1] Pia Beck stoar sels skraachoan in heal jier letter (ein 2009) yn de âldens fan 84 jier oan in hertstilstân.[2]

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Autobiografy:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Partner Pia Beck stoarn, De Telegraaf, 1 juny 2009.
  2. Jazzpianiste Pia Beck (84) stoarn, NU.nl, 26 novimber 2009.