Itaalje

Ut Wikipedy
Repubblica Italiana
Flagge fan Itaalje Wapen fan Itaalje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Itaalje
Offisjele taal Italjaansk
Haadstêd Rome
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
301.230 km²
2­%
Ynwenners (2003) 57.998.353
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 2 juny
Lânkoade ITA
Ynternet .it
Tillefoan 39

Itaalje, sûnt 1946 offisjeel de Italjaanske Republyk, is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Rome en de presidint fan de republyk is sûnt 2015 Sergio Mattarella.

Itaalje wurdt begrinzge troch:

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Itaalje bestie foar 1861 net yn steatsferbân, omdat it gebiet ferdield wie yn ferskate lytsere steaten, faak ûnder útlânsk tafersjoch (troch lannen as Eastenryk, Frankryk en Spanje ). Yn de frije steat Piedmont kaam de greve fan Cavour yn 'e fyftiger jierren fan 'e 19e iuw mei plannen om de Eastenrikers út Lombardije en Feneetsje te reagjen, om ta in Noard-Italjaanske steat te kommen. De oare sintrale en súdlike Italjaanske steaten hiene dêr ek belang by en slueten har oan by Piedmont. It slagge Garibaldi yn 1860 om it suden fan Itaalje te feroverjen fan it Keninkryk fan Sisylje, en it Keninkryk Itaalje waard stifte. Vittorio Emanuele II wie de earste kening fan Itaalje. Yn 1861 wiene Latium en Fenetië noch hieltyd net in diel fan Itaalje, se koene har net losmeitsje fan de Paus en de Eastenrykske keizer. Feneetsje kaam nei kriich tsjin Eastenryk yn 1866 by Itaalje, en Latium mei Rome waard yn 1870 ferovere , tagelyk wie dat de ein fan de pontifikale steat en de macht fan de paus. De paus, lilk om dat foarfal, ferklearre himsels finzen yn 'e Italjaanske Steat, omdat Katolike minsken net meidienen oan it politike barren. Itaalje focht yn 'e earste wrâldkriich mei Grut-Brittanje, Frankryk en Ruslân tsjin de sintrale mogendheden. De kriich waard fochten oan de eastlike grins fan Itaalje, dat begrinzge wurdt troch Eastenryk. Nei it 'Caporetto ferlies', like de kriich foar Itaalje ferlern, mar trochdat de alliearden de kriich wûnen yn 1918 wie it oer, en Itaalje krige Súd-Tirol, dat foarhinne Eastenryksk wie, alhoewol't it doe ek al foar in diel bewenne waard troch Italjanen.

1922 wie it jier fan in nije Italjaanske beweging, laat troch Benito Mussolini, lieder fan it Faksisme yn Itaalje. Hy waard regearingslieder en diktator, en neamde himsels 'duce'. Hy begûn in freonskip mei Adolf Hitler en focht oan syn kant mei yn 'e twadde wrâldkriich. Itaalje die fan 1940 ôf mei oan de kriich en stried mei Dútslân tsjin Frankryk, Grut-Brittanje en Ruslân. Op 25 july 1943 kaam de Faksistyske Grutte Rie gear, dêr't Mussolini ôfgean moast as regearingshaad. Itaalje wie fan 8 septimber 1943 ôf net mear in meistander fan Dútslân. Itaalje waard in meistander fan Frankryk en Grut-Brittanje, mar it Italjaanske hear wie betiisd, se wisten net mear wa't har fijân wie. Yn it noarden fan Itaaje begûn de Italjaanske beweging Resistenza te fjochtsjen tsjin it Dútske hear. Mussolini besocht it op 'en nij mei in Noardlik Italjaanske Faksisten steat, de Republyk fan Salò, mar dat wie net in súkses. Op 25 april 1945 wie Itaalje frij. De steat waard in republyk op 2 juny 1946, nei in referindum wêrby't froulju foar it earst stimme mochten.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om-ende-by 75% fan Itaalje is bercheftich of heuveleftich en rûchwei 20% fan it lân is beboske. Der binne smelle stripen fan leechlân lâns de Adriatyske kust en parten fan de Tyrreenske kust.

Eilannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lân hat twa grutte eilannen, Sisylje yn it suden en Sardynje yn it westen. It tredde grutte eilân, Korsika, heart by Frankryk. Itaalje hat fansels ek in soad lytsere eilannen, dêr't Elba faaks it ferneamdst fan is. It meast súdlike eilân, Lampedusa, leit tichter by it fêstelân fan Afrika as by it fêstelân fan Itaalje.

Berchten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't Itaalje op it Afrikaanske kontinintale plat leit hat de hegere faasje fan Afrika yn Jeropa de Alpen opstood. De noardgrins fan Itaalje leit dan ek oer de toppen fan de Alpen. It grutste berchte dat dêrby binnen de grins leit is de Dolomiten. Min of te mear oanslutend oan de Frânske Alpen begjint de rêchbonke fan Itaalje, de Apeninen, dy't troch gâns Itaalje nei it suden rinne. Fierders binne der yn Itaalje ferskate fulkanen, dêr't de Fesuvius by Napels, de Etna op Sisylje en it fulkaaneilân Stromboly de ferneamdste fan binne.

Wetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eastkust fan Itaalje is oan de Adriatyske See, dy't fia de Strjitte fan Otranto yn de Ionyske See oergiet, wêrfan de Golf fan Taranto de twa úteinen fan Itaalje skiedt. De Strjitte fan Messina rint tusken it fêstelân en Sisylje troch. Dat eilân hat oan de súdkant de Middellânske See, wêrfan it Malta Kanaal de ôfskieding foarmet fan Malta, en it Sisyliaansk Kanaal de ôfskieding mei Tuneezje. Oan de noardkant fan it eilân leit de Tyrreenske See, dy't fierder beheind wurdt troch Sardynje, Korsika en it fêstelân. Oan it noardein fan it Frânske Korsika skiedt de Liguryske See it eilân fan de Italjaanske fêste wal.

Yn it noarden lizze de fjouwer grutte marren fan Itaalje, de Lago Maggiore, de Komo Mar, de Iseo Mar en de Garda Mar. Yn de flakte tusken de Alpen en de Apeninen rint de rivier de Po. Yn de midden fan it lân leit benoarden Rome ek noch in groep marren, wêrûnder de Mar fan Bolsena.

Enklaves[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Rome leit it ûnôfhinklike Fatikaanstêd. Noardliker leit ticht by de Adriatyske See San Marino.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografyske ûntwikkeling fan Itaalje

Yn 2003 bestie de befolking fan Itaalje út 57.998.353 ynwenners.

Sûnt it midden fan de njoggentiger jierren hie Itaalje as ien fan de earste Jeropeeske lannen in negative befolkingsgroei. Wat betsjut dat it oantal berten lytser is as it oantal minsken dy't stoarn binne. Lykwols is de lêste 2 à 3 jierren wer sprake fan in hiel lytse groei. Utsein Rome en Palermo hawwe de grutte stêden in omleechgeand oantal ynwenners.

taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meastepart fan de befolking sprekt de Italjaanske taal (wêrûnder ferskate dialekten); der binne Dútsk-, Frânsk-, Sloveensk-, Gryksk-, Friulaansk- en Kroatyske- sprekkende minderheden. It Italjaansk komt fan it Latyn (de taal dy't eartiids de Romeinen sprutsen). De Dútsksprekkende minderheid yn Noard-Itaalje wurdt Zimbern neamd.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawat alle Italjanen binne Roomsk-Katolyk. De Italjaanske haadstêd Rome is de sit fan de Paus.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lân is ferdield yn 20 regio's, dy’t yn in totaal fan 107 provinsjes wer ûnderferdield binne. Dizze 20 gebieten hawwe parleminten en oerheden. As resultaat fan in referindum fan 2001 binne de regionale foegen ferhege.

Sjoch ek de Italjaanske Regio’s.

Militêr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Struktuer

De Italjaanske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en militêre polysje (Arma dei Carabinieri).

Mankracht

Yn 2005 wienen der 13.884.079 Italjaanske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 11.285.488 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 31.317.

Budzjet

Militêr budzjet $28 miljard (2003).
Persintaazje fan it BYP 1,8 % (2004).

Gearwurking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Itaalje is in stiftsjend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). Sûnt 1955 is it lân lid fan de Feriene Naasjes. Itaalje is ek in stiftsjend lid fan de Jeropeeske Uny (1957).

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

BYP per persoan is $30.900 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2% lânbou, 27% yndustry en 70,9% tsjinsten.

Transport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wichtichste havens binne Augusta, Genoa, Livorno, Ravenna, Sarroch, Taranto, Trieste en Feneesje. De fleanfjilden fan Rome, Milaan en Feneesje binne de grutsten fan Itaalje. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Itaalje hat (2006):
487.700 km ferhurde dyk.
19.460 km spoardyk.
2.400 km farwetter.

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Lidsteaten: BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-GuyanaGuadelûpMartinykMajotRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadearaSpanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten: AlbaanjeNoard-MasedoanjeMontenegroServjeTurkije