Hans Lesterhuis

Ut Wikipedy
J.H. Lesterhuis (1981)

Johannes Herman (Hans) Lesterhuis (Grins, 29 maart 1944Hilfertsom, 26 febrewaris 2009) wie in Nederlânsk bestjoerder binnen de KNVB, ek wie er boargemaster.

As berne Grinzer fuotballe er by Velociatas. Dêrnei hie er in tal fan bestjoersfunksjes yn de fuotbalwrâld. Sa wie er bestjoerslid fan SK Cambuur Ljouwert en acht jier lang foarsitter fan de KNVB-ôfdieling Fryslân. Fan 1996 ôf is er lanlik foarsitter fan de ôfdieling amateurfuotbal fan de KNVB. Yn novimber 2008 naam er nei trije terminen ôfskie. By syn ôfskie waard hy beneamd ta bûnsridder.

Hy wie njoggen jier boargemaster fan It Amelân en tweintich jier boargemaster fan Eaststellingwerf. Hans Lesterhuis wie lid fan de PvdA.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]