Austraalje (lân)
|
|||||
| Offisjele taal | Ingelsk | ||||
| Haadstêd | Kanberra | ||||
| Steatsfoarm | Parlemintêre monargy | ||||
| Gebiet % wetter |
7.686.850 km² 1% |
||||
| Ynwenners (2004) | 20.180.878 | ||||
| Munt | Australyske dollar (AUD) | ||||
| Tiidsône | UTC +8 oant +11 | ||||
| Nasjonale feestdei | 26 jannewaris | ||||
| Lânkoade | AUS | ||||
| Ynternet | .au | ||||
| Tillefoan | 61 | ||||
Austraalje is fierwei it grutste lân fan it wrâlddiel Austraalje. It is sûnt 1901 ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk en is in parlemintêre monargy mei Elizabeth II as keninginne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Austraalje wurdt begrinzge troch:
- Papoea Nij-Guinea Yndoneezje, de Arafurasee en de Timorsee yn it noarden;
- de Yndyske Oseaan yn it westen;
- de Grutte Oseaan yn it easten.
[bewurkje seksje] Lânskip
It lytste wrâlddiel bestiet foar 70 % út woastyn en woastyneftige lânskippen, dy't yn it westen en it hast ûnbewenne midden oerhearskje. Lykop rinnend oan de eastkust rint oer in lingte fan 3000 km de Great Dividing Range, in heechgeberchte en foar de kust strekt him it 2000 km. lange Grut Barriêrerif út. Yn it noarden lizze tropyske bosken en gerssavannen, dy't by de kust oergean yn rein- en mangrovewâlden. Oan de eastkust lizze rigen bergen mei as heechste berch de Mount Kosciuszko, op in hichte fan 2228 meter. Oare bekende bergen en rotsen binne: Uluru (Ayers Rock), Kata Tjuta (de Olga's), Mount Augustus, de Devils Marbles en Wave Rock. De grutste rivieren binne de Murray en Darling yn it suden. Súdeastlik fan it kontinint leit it eilân Tasmaanje dat eartiids troch de Nederlanner Abel Tasman ûntdekt waard.
Utsein in soad natuer- en nasjonale parken beskikt Austraalje oer in protte strannen en binne der genôch mooglikheden foar avontoerlike fakânsjes.
[bewurkje seksje] Steaten
Austraalje bestiet út 6 steaten en 3 territoaria.
De seis steaten binne:
- Nij-Súd-Wales mei as haadstêd Sydney
- Queensland mei as haadstêd Brisbane
- Tasmaanje mei as haadstêd Hobart
- Victoria mei as haadstêd Melbourne
- West-Austraalje mei as haadstêd Perth
- Súd-Austraalje mei as haadstêd Adelaide
De trije territoaria binne:
- Australysk Haadstedelik Territoarium mei de haadstêd Kanberra
- Noardelik Territoarium mei as haadstêd Darwin
- Jervis Bay Territoarium
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Foar de ûntdekking fan Austraalje
Likernôch 50.000 jier ferlyn binne de earste minsken ôfset nei Austraalje. Dizze earste minsken wienen de Aborizjinals. 50.000 Jier lyn wie in soad wetter beferzen, dêrtroch leinen der natuerlike brêgen fan Aazje nei Austraalje sadat de minsken en de bisten nei Austraalje rinne koenen. Dit hat ûngefear 40.000 jier lang kind. De ierde waarme wer op en it iis begûn wer te teien. Sa waard Austraalje wer in eilân.
Yn it jier 150 waard der foar it earst oer Austraalje skreaun troch de Griken. Se neamden it lan “Terra Australis”. In soad minsken wiene hjirtroch fassinearre en woenen der hinne.
[bewurkje seksje] Nei de ûntdekking
Yn 1770 naam James Cook Austraalje foar Grut Brittanje yn besit en neamde it 'New South Wales'. Oant 1865 tsjinne it as strafkoloanje foar de Britten. De earste frije ymmigranten arrivearren al yn 1793 yn de omkriten fan it tsjintwurdige Sydney. Yn 1901 slueten alle seis Britske koloanjes op it Australyske kontinint harren as it Mienebest fan Austraalje oanien by it Britske Ymperium.
De Britske foarstinne is noch altyd steatshaad fan Austraalje.
[bewurkje seksje] Demografy
It meastepart fan de ûngefear 21 miljoen Austraaljers stammet ôf fan Jeropeeske ymmigranten út de 19e en 20e ieu. Sûnt de ein fan de Twadde Wrâldkriich is de befolking ferfjouwerfâldige. Ymmigranten út oare parten fan de wrâld binne troch de Australyske regearing lange tiid tsjin holden. Tsjintwurdich komme in protte ymmigranten út Aazje en Oseaanje.
De lânseigen Aborizjinals meitsje tsjintwurdich om-ende-by 2,2% fan it befolkingstotaal út, sy foarmje de ûnderkant fan de maatskippij. Troch in grut wurkleasheidsifer, in protte kriminaliteit en alkoholisme leit de libbensferwachting fan dizze befolkingsgroep in stik leger as by oare Austraaljers.
[bewurkje seksje] Ekonomy
BYP per persoan is $37.300 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3% lânbou, 26,4% yndustry en 70,6% tsjinsten.