Afganistan

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
دولت اسلامی افغانستان
Dowlat-e Eslami-ye Afghanestan
Flagge fan Afganistan Wapen fan Afganistan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Afganistan
Offisjele taal Pashtu, Dari
Haadstêd Kabûl
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
647.500 km²
0­%
Ynwenners (2002) 28.717.213
Munt Afghani (AFA)
Tiidsône UTC +4.30
Nasjonale feestdei -
Lânkoade AFG
Ynternet .af
Tillefoan 93

Afganistan (Pasjtû, Perzysk: افغانستان), offisjeel de Islamityske Republyk Afganistan is in lân mei likernôch 29 miljoen ynwenners yn Sintraal-Aazje. De haadstêd is Kaboel en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Hamid Karzai.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Lizzing

Afganistan wurdt begrinzge troch:

[bewurkje seksje] Lanskip

Bercheftich lânskip yn it noardwesten.

Afganistan foarmet it noardeastlike part fan it Heechlân fan Iran. It lânskip is tige bercheftich, mei skean oprinnende bergen en de útrinners fan it Hindûkûsj-heechberchtme, (mei piken heger as 7300 meter) yn it sintrum fan it lân. In grut part fan it lân bestiet út steppen en grús-woastinen. Ek lizze der fruchtbere falleien en flaktes.

Yn it suden, en yn it bysûnder yn it súdwesten, binne grutte woastinen yn it Helmendbekken, wêrûnder de gebieten fan Seistan en Registan. Yn it noarden, tusken de sintrale berchrigen de rivier Amu Darja lizze de heechlannen fan Badachsjan, Afgaanske Turkistan, de flakte fan Amu Darja, en de rike fallei fan Hary Rud (Arius) yn de noardwesthoeke fan it lân (it hert fan it âlde Ariana).

[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling

Provinsjes fan Afganistan.

Bestjoerlik is Afganistan opdield yn provinsjes (Dary velajât).

1 Badachsjan
2 Badghis
3 Baghlan
4 Balch
5 Bamijan
6 Daikûndi
7 Farah
8 Farjab
9 Ghazni
10 Ghûwr
11 Helmand
12 Herat
13 Dzjowzdjan
14 Kabûl
15 Kandahar
16 Kapisa
17 Chost
18 Konar
19 Kûndûz
20 Laghman
21 Lowgar
22 Nangarhar
23 Nimroez
24 Noerestan
25 Oroezgan
26 Paktia
27 Paktika
28 Pandjsjir
29 Parvan
30 Samangan
31 Sar-e Pol
32 Tachar
33 Vardak
34 Zabol

[bewurkje seksje] Skiednis

Ut prehistoarysk ûndersyk troch de Amearikaanske Universiteit fan Pennsylvania, it Smithsonian ynstituut docht bliken dat de minsk 50.000 jier lyn al yn Afganistan wie.

Sûnt de klassike âldheid hie Afganistan te krijen mei oanfallen fan oare folken, lykas de Perzen, Arabieren, Turken en Mongoalen. De Afgaanske stammen ferienen harren yn 'e 18e ieu ûnder ien autoriteit. Nei de tredde Afgaansk-Ingelske oarloch, fan 1919, waard Afganistan in eigen steat.

Yn 2001 wie der in ynvaazje fan de Feriene Steaten yn Afganistan. Direkte oanlieding wie in terroristyske oanslach troch Al Kaida op it World Trade Center yn New York. De lieder fan Al Kaida, Osama bin Laden, waard net oppakt, mar it wie wol de ein fan it Talibanregear yn Afganistan. Yn 2004 waard in nije grûnwet skreaun. Yn desimber 2001 karden de Feriene Naasjes it útstel fan de International Security Assistance Force (ISAF) yn Afganistan goed. Dizze troepemacht, gearstald troch de NAFO, is der om Hamid Karzai syn autoriteit oer Afganistan te befoarderjen.

[bewurkje seksje] Demografy

Etnyske groepen yn Afganistan
Talen yn Afganistan
Moskee yn Mazar-e Sjaryf
Kabûl

[bewurkje seksje] Etnyske groepen

Yn Afganistan wennet in grut ferskaat fan etnyske groepen. Trochdat der yn Afghanistan oant no ta gjin systematyske folkstelling dien is, binne de oantallen basearre op in ferwachting. Yn 2006 hat it BBC-nijsagintskip, CIA- en Feriene Naasjes-ynformaasje gearfetten om in better idee te krijen fan it tal etnyske groepen.

De Encyclopædia Britannica hat krekt wat oare sifers oangeande etnyske groepen yn Afganistan:

[bewurkje seksje] Taal

Yn Afganistan wurde 200 ferskate dialekten praat, en 57 ferskillende talen sprutsen.

It Pasjtûns is ien fan de twa offisjele talen yn Afganistan. De oare offisjele taal, it Darysk (mei it Perzysk besibbe taal) is foar likernôch de helte fan de Afganen memmetaal. It is foar Afganistan it Lingua franca en 85% fan de Afganen behearsket dizze taal.

Njonken dizze twa talen mei nasjonale erkenning binne der ek fiif minderheidstalen yn de regio's erkend. De wichtigste is it Ûzbekysk. Mar ek Turkmenysk, Belûtanysk, Paschai en Noeristany hawwe ûnder it regear fan Hamid Karzai in hegere status krigen. Mei help út Jeropa wurdt no besocht op 'e nij wurdboeken en lesmateriaal te skriuwen, yn it ramt fan it learprogram besibbe oan it weropbouwen fan Afganistan.

[bewurkje seksje] Religy

99% fan de befolking is Moslim: Likernôch 74-89% Sûnyt en 9-25% Sji-yt. Der binne tusken de 30,000 en 150,000 Hindûstanen en Sikhs yn de stêden Jalalabad, Kabûl, en Kandahar. Der wie oant 1979 in lytse Joadske mienskip yn Afganistan, hokker flechte is nei de Sowjet ynvaazje, en allinnich ien persoan, Zablon Simintov, wennet der no noch.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


Commons-logo.svg
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Afghanistan en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten.

îíí

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen