Irak

Ut Wikipedy
الجمهورية العراقية
Al-Jumhuriyah Al-Iraqiyah
Flagge fan Irak Wapen fan Irak
Flagge Wapen
Lokaasje fan Irak
Offisjele taal Arabysk, Koerdysk
Haadstêd Baghdad
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
437.072 km²
1,10­%
Ynwenners (2005) 26.074.906
Munt Dinar (IQD)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 12 juny
Lânkoade IRQ
Ynternet .iq
Tillefoan 964

Irak is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Bagdad en de presidint fan de republyk is sûnt 2005 Jalal Talabani.

Irak wurdt begrinze troch:

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjintwurdige Irak is itselde gebiet as it eardere Mesopotaamje, en is wat gruttens oanbelangjend sawat itselde as doe. Mesopotaamje bestie út it lân tusken de rivieren Eufraat en Tigris. In protte beskavings hawwe oer Mesopotaamje hearske: de Sumearjers, Assyrjers, Babyloanjers, Perzen en Massedoanjers. Yn de 7e iuw waard Mesopotaamje troch de Islamityske Arabieren oermastere.

Fan de 15e iuw ôf makke Irak diel út fan it Ottomaanske Ryk, dat yn 1917 ta fal brocht waard. By it ferparten fan it Ottomaanse Ryk troch de Folkebûn kaam Irak ûnder Britsk mandaat. Faisal Ibn Hoessein waard troch de Britten as kening oansteld. De Britten hawwe Irak yn 1932 selsstannich makke, mar yn 1941 waard it opnij yn besit naam troch Grut-Brittanje; in militêre steatsgreep yn 1958 makke in ein oan it keningskip dat de Britten oplein hienen.

Yn 1979 waard Saddam Hoessein de machtichste man yn de Ba'ath-partij en dêrmei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhandige wize in ein makke oan alle opposysje.

Under syn bewâld fierde Irak in sân jier-duorjende kriich mei buorlân Iran, de Iran-Irakoarloch. Tagelyk mei de oarloch fûn ek de al-Anfal-kampanje plak, dêr't de Koerden by twongen waarden te ferfarren om plak te meitsjen foar Arabieren. De oanfal op it doarp Halabja wie hjir in part fan.

Op 2 augustus 1990 anneksearre Irak it folle lytsere buorlân Koeweit. Dit wie it begjin fan de Golfoarloch. Koeweit waard yn 1991 troch in ynternasjonale koalysje befrijd yn de militêre operaasje Desert Storm. It loftrek yn it noarden en it suden fan Irak waard dêrnei oernommen troch de Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje, neffens de útkomst fan FN-resolúsje 688.

Mei it ferlechje dat Irak kearnwapens of gemyske wapens hawwe soe foelen de Feriene Steaten en bûnsgenoaten it lân yn 2003 binnen, wat late ta de Irakkriich. Hjirby waard in ein makke oan it bewâld fan Saddam Hoessein. Om't der noch gjin oare autoriteit is dy sterk genôch is om it lân bestjoere te kinnen binne de oanfallers noch hieltyd yn it lân om te besykjen de frede dêr te hanthavenjen.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lân bestiet foar in grut part út woastyn en steppes, mar it gebiet tusken de twa grutte rivieren de Eufraat en de Tigris is fruchtber. De twa rivieren komme yn it noardwesten út Syrje it lân binnen, trochkrusen in grut part fan it lân en komme dan út yn de Perzyske Golf. It noarden is bercheftich, mei as heechste punt de Haji Ibrahim op 3.600 meter.

Der is in woastynklimaat mei drûge en hite simmers en mylde en Kûle winters. De temperatueren kinne simmers de 50 °C helje. De measte delslach falt tusken desimber en april en dan benammen yn it noarden.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste befolkingsgroepen yn Irak binne de Arabieren, de Koerden en yn wat mindere mate de Turkmenen. Fierders wenje der ek kristlike Assyrjers en Aramejers yn Irak.

Yn de midden en suden fan Irak wenje Arabieren wêrfan it meastepart, om-ende-by 60% fan de totale befolking, sjiïtyske binne. Hja wenje benammen yn it suden, dêr't him ek de hillige stêden fan de sjiïten, Karbala en Najaf, binne. Dêrnjonken wennet in grutte groep Sjiïten yn Bagdad, foaral yn de 'wyk' Sadr-stêd.

Yn it midden fan Irak, yn de saneamde Soennityske trijehoek, wenje benammen soennityske Arabieren, dy't likernôch 20% fan de befolking útmeitsje.

De foaral soennytyske Koerden libje yn it noarden fan Irak, dat ek wol Iraaksk Koerdistan neamd wurdt. De Koerden hawwe in grutte mate fan selsstannigens. Hja meitsje 20% fan de totale Iraakske befolking út en hawwe in eigen taal, it Koerdysk, en in eigen kultuer.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]