Al Kaida

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De flagge fan Al Kaida

Al Kaida (Arabysk: القاعدة - it fundamint) is in islamityske terreurgroep dy't oanslaggen beleit tsjin de westerske wrâld, foaral de Feriene Steaten, en dy't oprjochte is en laat waard troch Osama Bin Laden Bin Laden kaam op 1 maaie 2011 om by oanfallen fan Amerikaanske militêren op syn fersterkte filla yn it noarden fan Pakistan. De twadde man fan Al Kaida is Ayman al-Zawahiri.

Grutte oanslaggen fan Al Kaida [bewurkje seksje]

  • 1997: Oanslach op westerske toeristen by Lúksor, Egypte; der falle om-ende-by 70 deaden.
  • 1998: Bomoanslaggen op 'e Amerikaanske ambassaden yn Nairoby, haadstêd fan Kenya, en Dodoma, haadstêd fan Tanzania; der falle likernôch 224 deaden en 1400 minsken wurde ferwûne.
  • 2000: Selsmoardoanslach op it Amerikaanske oarlochsskip USS Cole yn Jemen.

(2001)

  • 2003: Fjouwer bomoanslaggen yn Istanbûl, ûnder oaren op 'e Britske bank; der falle 54 deaden.
  • 2004: Yn Spanje falle yn Madrid 191 deaden by fjouwer oanslaggen op op-en-del-reis-treinen.