Istanbûl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Istanbûl
Istanbul collage.png
Lokaasje yn Turkije
Istanbul Turkey Provinces locator.gif

Tiid sône :
UTC +1/Simmer UTC +2
Flagge Wapen
Wapen fan Istanbûl
Basis ynformaasje
Gebiet 1,538,77  km² Stêd
Populaasje 10,034,830 (2006)
Tal ynwenners km² 6,521
seenivo 40 - 100 m
Regear
Lân Turkije Flag of Turkey.svg
Provinsje Istanbûl
Administratife yndieling 27 distrikten
Boargemaster Kadir Topbaş
Webside Istanbul Portal

Istanbûl hiet yn it ferline ek wol Byzantium en Konstantinopel. De stêd hie eartiids de namme Tsargrad yn de Slavyske talen. Istanbûl is de grutste stêd fan Turkije mei likernôch 8,5 miljoen registrearre en 3 miljoen net-registrearre ynwenners. De stêd hat 27 distrikten, dy't meiïnoar de haadstêd fan de provinsje Istanbûl foarmje.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Istanbûl leit oan de Gouden Hoarn en de Bosporus. De Bosporus ferbynt de Swarte See en de See fan Marmara, hjir rint de Jeropeesk Aziatyske grins. De stêd Istanbûl leit sawol yn Jeropa as yn Aazje. Mei in ynwennertal fan likernôch 11,5 miljoen ien fan Jeropa's grutste stêden.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De orizjinele namme wie Byzantion yn it Gryksk, en hie Byzantium as Latynske namme. Byzantium wie oan de begjin in koloanje fan Griken út Megara yn 667 f. Kr., en krige de namme fan harren kening Byzas. Yn 196 n. Kr. wie Byzantium ferneatige troch de Romeinen, en dêrnei wer opboud troch de keizer fan it Romeinske Ryk Septimius Severus. Konstantyn de Grutte fûn dizze lokaasje gaadlik om in nije Romeinske stêd te bouwen, en yn it jier 330, waard Byzantium de nije haadstêd fan it Romeinske Ryk. De stêd krige de namme fan Konstantyn de Grutte Konstantinopel (Konstantinopolis yn it Gryksk).

Doe't it Romeinske Ryk opdield waard yn twa dielen, it East-Romeinske Ryk wie ferneamd as it Byzantynske Ryk, hjir wie de haadstêd Konstantinopel. Alhoewol't de stêd feroare waard troch Krúsfarders foar in skoftsje, bleau Konstantinopel syn politike, kulturele, religjeuze en ekonomyske funksje behâlde. De ein fan it âlde Konstantinopel kaam doe't de Ottomanen de stêd yn 1453 feroveren.

Nei de ein fan it Ottomaanske Ryk, waard de Republyk fan Turkije stifte mei de nije haadstêd Ankara.

Berne yn Istanbûl[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]