Turksk

Ut Wikipedy
Lannen mei Turksksprekkenden

Turksk (Türkçe) is ien fan de Turkske talen en de offisjele taal yn Turkije. It Turksk is ek ien fan de offisjele talen fan Syprus en inkele gemeenten fan Masedoanje. Der binne sa'n 81 miljoen Turksk-sprekkers. Bûten Turkije wurdt de taal sprutsen troch Turkse minderheden yn lannen fan de Balkan en de Kaukasus lykas Irak, Grikelân, Bulgarije, Kosovo, Bosnje, Syrje, Roemeenje, Moldaavje en Azerbeidzjan. Turksk wurdt ek sprutsen troch in soad ymmigranten yn oare lannen, lykas Nederlân, Belgje en Dútslân. It is in agglutinearjende taal mei fokaalharmony. Tige faak wurdt it Turksk as foarbyld neamd as der sprutsen wurdt oer agglutinearjende talen.

Besibbe talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Turksk makket diel út fan de famylje fan Turkske talen, dy't ek sprutsen wurde yn in grut part fan Sintraal-Aazje, en dy't sa'n grutte ûnderlinge sibskip hawwe, dat se foar it meastepart ûnderling fersteanber binne. De Turkske talen wurden op harren beurt rekkene ta de Altayske talen, dy't hegerop gearkomme mei de Oeraalske talen. Teminsten neffens guon akademisy lykas de Eastenrykske taalkundige Dr. Phil. Hermann F. Kvergić. It hege fersteanberheidsgehalte tusken de ûnderlinge talen, lykas it Altayske Turksk en it Oeraalske Finsk spilet hjiryn ek in grutte rol.

Skrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Turksk wurdt skreaun mei it Turksk alfabet: in, in bytsje oanpast Latynsk alfabet. Hjiryn binne ûnder oaren de letters x, q en w net opnomd yn it alfabet, wylst der wol oare letters ekstra taheakke binne lykas ç, ğ, ı, ö, ş en ü. Dit alfabet, dat yn it Turksk Türk alfabesi hjit (Turksk alfabet), waard yn 1928 yn it ramt fan de Kemalistyske herfoarmings yn Turkije ynfierd.

Turksk alfabet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Turksk alfabet hat 29 letters. De letters Ç, Ğ, I, Ö, Ü en Ş komme net foar yn it Fryske alfabet.

 a - A 
 b - B 
 c - C 
 ç - Ç 
 d - D 
 e - E 
 f - F 
 g - G 
 ğ - Ğ 
 h - H 
 ı - I 
 i - İ 
 j - J 
 k - K 
 l - L 
 m - M 
 n - N 
 o - O 
 ö - Ö 
 p - P 
 r - R 
 s - S 
 ş - Ş 
 t - T 
 u - U 
 ü - Ü 
 v - V 
 y - Y 
 z - Z 

Osmaansk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar 1928 waard foar de taal in, ek in bytsje oanpast, Arabysk alfabet brûkt. De taal skreaun yn dat alfabet wurdt ornaris Osmaansk neamd (Turks: Osmanlıca).

Hoewol't it eigentlik deselde taal is, gean de ferskillen tusken it hjoeddeiske Turksk en it Osmaansk fierder as allinnich it skrift. It Osmaansk is ôfmakke mei in hiel soad Arabyske en Perzyske lienwurden en troch taalsuvering hat men dy ynfloed yn it hjoeddeiske Turksk drastysk redusearre. Hjirtroch is der in grut ferskil yn wurdskat ûntstien. Wylst it Osmaansk as elitetaal foar de eallju, de geastlikheid en de riken foar it folk ûnfersteanber wie, waard it puristyske Öztürkçe, wat as reaksje yn opdracht fan Kemal Atatürk ûntwurpen waard, likemin troch folle minsken begrepen. Nei in oantal tige kontroversjele taalherfoarmings, net selden lykop geand mei (gewelddiedige) rezjymwikselings, is de hjoeddeiske Turkske skriuwtaal ûntstien, dy frij aardich by de sprektaal oanslút.

Utspraak letters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit is de útspraak fan inkele letters út it Turkske alfabet.

c dzj (General [ing])
ç tsj (Tsjechje)
ş sj (sjouwe)
ı ə (de)
ğ oergongsletter, kwealik útsprekke
y j
j zj (Jaques [fr])
u oe
ü u (minút)
ö koarte eu (beurt)
g (garçon [fr])

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder in pear útdrukkings yn it Frysk mei harren Turkske ekwifalint.

Frysk Turksk
goeie merhaba
goemoarn günaydın
oant sjen güle güle
asjobleaft(yn fraachfoarm) lütfen
tige tank teşekkür ederim
ja evet
nee hayır
Turksk Türkçe
Frysk Fryskaca
Fries Friesalı
Kinne jo Frysk prate? Fryskaca konuşabiliyor musunuz?
Ik wit it net. Bilmiyorum
Kinne jo Ingelsk prate? İngilizce konuşabiliyor musunuz?
Ik hjit ..... Benim adım ......
Hoe hjitsto? Senin adın ne?

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dr. Phil. Hermann F. Kvergić La Psychologie de Quelques Éléments des Langues Turques (Wenen 1935)