Bulgarije
Ut Wikipedy
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Bulgaarsk | ||||
| Haadstêd | Sofia | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
110.910 km² 0,3% |
||||
| Ynwenners (2003) | 7.537.929 | ||||
| Munt | Lev (BGN) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Nasjonale feestdei | 3 maart | ||||
| Lânkoade | BGR | ||||
| Ynternet | .bg | ||||
| Tillefoan | 359 | ||||
Bulgarije is in lân yn Súdeast-Jeropa. De haadstêd is Sofia en de presidint fan de republyk is sûnt 2002 Georgi Parvanov
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Bulgarije wurdt begrinzge troch:
- Roemeenje yn it noarden;
- de Swarte See yn it easten;
- Turkije en Grikelân yn it suden;
- Masedoanje yn it súdwesten.
- Servje yn it noardwesten;
[bewurkje seksje] Klimaat
Bulgarije hat in midden-Jeropeesk lânklimaat mei waarme simmers en kâlde winters. Yn it suden fan it Balkangeberchte hearsket in sêfter klimaat mei mediterrane trekjes. De deitemperatuer leit trochstrings yn it binnenlân om de 24 graden. Yn july en augustus is de waarmste perioade fan it jier. It is dan trochstrings 27 graden.
[bewurkje seksje] Skiednis
De Donau-Bolgaren, in Turkske stam út Sintraal-Aazje en de lokale Slavyske befolking foarmen yn de 7e ieu de earste Bulgaarse steat. Yn de 14e ieu waard it oermastere troch it Ottomaanske Ryk.
Op 3 maart 1878 krige Bulgarije har selsstannigens werom as selsstannich prinsdom fan it Ottomaanske ryk en op 22 septimber 1908 folge folsleine ûnôfhinklikens mei de stifting fan in eigen keninkryk. Tidens de Balkanoarloggen en de Earste Wrâldkriich wûn en ferlear it grûngebiet.
Nei de Twadde Wrâldkriich kaam Bulgarije yn de ynfloedssfear te lizzen fan de Sovjetuny en soe it in kommunistyske folksrepublyk wurde. Doe't dêr yn 1990 in ein kaam oan it kommunistysk tiidrek waard Bulgarije in demokrasy.
[bewurkje seksje] Demografy
De measte ynwenners fan Bulgarije binne etnyske Bulgaren (83,9%. Der is yn it lân in Turkske minderheid fan (9,4%) en lytsere groepen binne de Roma (4.7%), Russen (0,2%), Armeenjers (0,1%) en Masedoanjers. Bulgarije, hat noch altyd historyske oanspraken yn Masedoanje. Se beskogje Masedoanje net as in apparte befolkingsgroep en de taal is neffens harren in Bulgaarsk dialekt.
De offisjele taal fan it lân is it Bulgaarsk dan mei it Syrillysk alfabet skreaun wurdt.
[bewurkje seksje] Godstsjinst
It grutste diel fan de befolking heart ta de Bulgaarsk-Ortodokse Tsjerke. Yn 1953 waard de Bulgaarske Tsjerke, dy 't yn 1946 ûntbûn wie opnij ynsteld. Der is ek in moslim minderheid.
[bewurkje seksje] Kultuer
De Bulgaarske muzyk is ûnder leafhawwers fan wrâldmuzyk of folksmuzyk tige wurdearre fanwege it foarkommen fan tige ûnregelmjittige maatsoarten.
Bulgarije 's meast ferneamde komponist wie Pancho Vladigerov, syn wurk wie en is tige populêr. It konservatoarium yn Sofia is nei him neamd. In ferneamde komponiste en harpiste is Anna-Maria Ravnopolska-Dean.
De Bulgaren brûke it Syrilyske alfabet. Methodius en Cyrillus fan Saloniki hawwe dit alfabet betocht. Sy binne wichtige persoanen yn de skiednis fan Bulgarije.
[bewurkje seksje] Ekonomy
BYP per persoan is $11.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 6,2% lânbou, 32,3% yndustry en 61,5% tsjinsten.
[bewurkje seksje] Militêr
De Bulgaarske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine. Yn 2008 wienen der 1.701.979 Bulgaarske mannen fan tusken 16-49 jier wêrfan 1.364.029 fit binne foar ynset. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 39.477. 2,6 % fan it BYP (2005) is ornearre foar militêre doelen.
[bewurkje seksje] Transport
Wichtichste havens binne Burgas en Varna. Boekarest hat it grutste fleanfjild fan Bulgarije. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.
Letlân hat (2006):
40.231 km ferhurde dyk.
4.294 km spoardyk.
470 km farwetter.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
- Boyanakerk
- Veliko Tarnovo de âlde haadstêd
- Ridder fan Madara
- Rotstsjerken fan Ivanovo
- Thrasysk grêf fan Kazanlak
- Âlde sintrum fan Nesebar
- Natuerreservaat Srebarna
- Nasjonaal park Pirin
- Rilakleaster
- Thrasysk grêf fan Sveshtary
- De sân formaasjes rûn Melnik
[bewurkje seksje] Keppeling om utens


