Dútslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bundesrepublik Deutschland
Flagge fan Dútslân Wapen fan Dútslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Dútslân
Offisjele taal Dútsk
Haadstêd Berlyn
Steatsfoarm Federale parlemintêre republyk
Gebiet
% wetter
356.974 km²
2,18­%
Ynwenners (2004) 82.531.700
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 3 oktober
Lânkoade DEU
Ynternet .de
Tillefoan 49

Dútslân (Bundesrepublik Deutschland), ek wolris poepelân neamd, is in lân yn Sintraal-Jeropa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2005 Angela Merkel.

Dútslân is in federale republyk mei sechstjin dielsteaten (Bundesländer). Dútslân is lid fan de Feriene Naasjes, NAFO, de G8 en de G4 lannen. Dútslân hat it Kyoto protokol en Schengen akkoard tekene. Yn 2002 krige Dútslân de euro as munt. De ekonomy is de tredgrutste fan de wrâld neffens BYP en de grutste eksportearjende naasje yn 2007. Dútslân is kwa ynwennertal it grutste lân fan de Jeropeeske Uny en hat in oerflak fan 356.974 km².

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Tinkstien fan de Romeinske tiid yn it Teutoburgerwâld.
Kaart fan Dútslân
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Dútslân.

Yn de prehistoarje waard it gebiet dat no Dútslân is, bewenne fan Germanen en Kelten. Ut Skandinaavje wei kamen de Germanen yn Dútslân, dy't har mei it Grutte Folkeferfarren nei it suden en westen teagen. Julius Caesar ferovere Galje yn de 1e ieu f. Kr. en makke fan de Ryn de grins fan it Romeinske Ryk. De Romeinen stiften de stêden Keulen en Trier.

It Hillige Roomske Ryk wie it earste Reich of keninkryk. It begûn mei Karel de Grutte, hy wie de earste Frankyske Ryk om it jier 800 hinne. De kroaningen fan de keizers fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan Karel de Grutte yn 800. It Hillige Roomske Ryk ûntstie yn 843 mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Verdun en bleau bestean oant 1806, de tiid fan Napoleon.

It twadde Reich begûn mei in ferdrach yn 1871 yn Versailles. It Dútske Ryk kaam byinoar en de basis wie Prusen, útsein Eastenryk. Dútslân bleau in ryk mei in ferskate folken foar noch in 50 jier. Dútslân wûn de Frânsk-Dútske Kriich mei Frankryk yn 1871, en yn de Earste Wrâldkriich sette hja op 'e nij út ein mei in ynfaazje yn Frankryk. De kriich einiget mei it fjochtsjen yn 'e rinfuorgen, fuorgen groeven troch soldaten foar beskermjen. Der wienen in soad soldaten ferstoarn by de beide partijen. De kriich einiget yn 1918, en de Dútske keizer naait út nei Nederlân. Nei de revolúsje einiget it Twadde Reich en wie it begjin fan de demokratyske Weimar Republyk. Nei de kriich wienen der grutte ekonomyske problemen yn Dútslân troch it Ferdrach fan Versailles en de Grutte Depresje oer de gânse wrâld. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich waard op 9 novimber 1918 troch de sosjaaldemokratyske politikus Philipp Scheidemann yn Berlyn de republyk útroppen. Fanwege reboelje yn Berlyn kaam de nasjonale gearkomste yn 1919 foar de earste kear by elkoar yn Weimar, dêr't de namme Weimarrepublyk troch ûntstien is.

Skiednis fan Dútslân

Brandenburg gate sunset quadriga.jpg

Dútslân
Germanen
Franken
Saksenkriich
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazi Dútslân
West en East-Dútslân

It "Tredde Ryk" wie Nazy-Dútslân; fan 1933 oant en mei 1945. Adolf Hitler wie lieder fan it regear, en mei goedkarring fan it parlemint krige hy op 23 maart 1933 de folsleine macht oer it lân, striidkrêften en regear. Hitler anneksearre Eastenryk en Tsjechje, mar nei de anneksearring fan Poalen bruts 1 septimber 1939 de Twadde Wrâldkriich út. Oan it begjin wie de kriich foar Dútslân in súkses, Nazy-Dútslân ferovere in grut part fan Jeropa en de Sowjetuny. Nei de Slach om Stalingrad stie it der min foar mei it Dútske eastfront, en stadichoan lutsen de Dútsers har fjochtsjendewei werom út it easten. Nei de ynvaazje by Normandje, D-Day, waard de kriich op trije fronten fierd tsjin Nazi-Dútslân (west, súd en east). Ridlik gau feroveren de alliearden Parys. In tebeksetter foar de alliearden, en in súkses foar Nazi-Dútslân wie Market Garden, lykwols wie der nei de slach tefolle optimisme by de Dútsers, dy't doe noch kânsen seagen om mei it Ardennenoffensyf foar in kearpunt yn de kriich te soargjen. Yn de Slach om Berlyn binne mear as 300.000 minsken stoarn, ek Adolf Hitler holdt it libben net, hy die himsels tekoart op 30 april 1945. Op 8 maaie 1945 wie de folsleine kapitulaasje fan Nazi-Dútslân tekene. Yn july/augustus 1945 waard de Konferinsje fan Potsdam holden, dêr't de oerwinners gear kamen oer de takomst fan Dútslân. Wat it grûngebiet oangiet moasten de gebieten beëasten de rivieren Oder en Neisse ûnder Poalsk bewâld komme. De gebieten yn it westen dy't wilens de kriich aneksearre waarden, it Frânske Elzas-Lotaringen, Belgje krige syn Eastkantons werom. Lúksemboarch en Eastenryk waarden loskeppele fan Dútslân.

Besettingssônes yn 1945

Dútslân waard ferparte oer fjouwer besettingssônes, it noardeasten waard Britsk, súdeasten Amerikaansk, it oan Frankryk oanswettende gebiet Frânsk en it easten waard de Sowjet besettingssône. Berlyn waard ek yn fjouweren dield. It wie de bedoeling dat de fjouwer lannen har eigen paad folgen mar de Alliearden begûnen al ridlik gau gear te wurkjen. De spanningen tusken east en west waarden grutter neidat de Sowjetuny help foar weropbou yn har sône wegere, yn it westen sette it Marshallplan útein. Op 23 maaie 1949 waard de Bûnsrepublyk oprjochte, it besloech de Frânske, Britske en Amerikaanske besettingssônes. West-Dútslân waard folslein ûnôfhinklik ferklearre op 5 maaie 1955, Bonn waard de haadstêd. Fjouwer dagen letter, op 9 maaie 1955, waard West-Dútslân NAFO-lid. Op 7 oktober 1949 waard de DDR oprjochte, Dútslân bestie fan dy dei ôf út east en west. Op 14 maaie 1955, seis dagen neidat West-Dútslân by de NATO kaam, waard East-Dútslân lid fan it Warsjaupakt. Yn 1973 waarden East- en West-Dútslân lid fan de Feriene Naasjes. Yn it tiidrek fan 1949 oant 1961 flechten likernôch 3 miljoen minsken fan de DDR nei West-Dútslân. Om dy flechtlingestream te kearen waard yn 1961 de Berlynske Muorre boud. Yn 'e simmer en hjerst fan 1989 boaze de flechtlingestream út de DDR wei nei it westen oan, omdat Hongarije op 2 maaie 1989 de grins mei Eastenryk iepene, dêr't in soad ynwenners fan de DDR brûkme fan makken.

9 novimber 1989 wie de ein fan de Berlynske Muorre, minsken út east en west koenen yn dy twa lannen frij reizgje. Nei de Wiedervereinigung kamen der yn desimber 1990 demokratyske ferkiezings. Yn 1991 waard besletten dat it regear fan Bonn nei Berlyn soe, dy ferhuzing wie yn 1999 foltôge. Nei it gearfoegjen fan de twa Dútslannen opponearre it Dútske regear him as grut foarstanner fan in ferienigd Jeropa. Yn de Feriene Naasjes boaze de macht fan Dútslân oan en it lân soe sels graach in eigen sit yn de Feiligensried hawwe wolle. Dy ûntwikkelings yn de Jeropeeske Uny en de Feriene Naasjes wurde troch oare lannen mei in skalk each besjoen. Nei de werieniging hat de Bundeswehr bydroegen oan ynternasjonale militêre missys yn Joegoslaavje en Afganistan. De earste kear, nei de Twadde Wrâldkriich, wie yn 1999 yn de Kosovo-kriich. Yn it ramt fan de terreurbestriding wie Dútslân solidêr mei de Feriene Naasjes yn de kriich tsjin it terreur dy't him utere yn de ynvaazje fan Afganistan yn 2001. Nei de ferkiezings fan 2005 slagge it net om in tradisjonele koalysje te foarmen. De kristlik-sosjale koalysje (CDU/CSU en SPD) foarmet in grutte koalysje yn it parlemint mei Angela Merkel (CSU) as kânselier.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It Alpengea yn Beieren
Eilân Rügen yn it Noarden

Dútslân wurdt fan it suden nei it noarden hieltyd leger. Yn it suden lizze de Beierske Alpen mei de Zugspitze as heechste punt. Dan komt it middelberchte fan de Swabyske Alpen en de Frankyske Alpen en it Sauerlân en de Harts. Dêrfoarby leit it Noarddútsk leechlân, mei it djipste punt yn Neuendorf yn Sleeswyk-Holstein. Dútslân wurdt begrinzge troch de Noardsee, Denemark en de Eastsee yn it noarden, Poalen en Tsjechje yn it easten. Eastenryk en Switserlân yn it suden en Frankryk, Lúksemboarch, Belgje en Nederlân yn it westen.

Eilannen[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Dútske Waadsee lizze de Fryske eilannen. De eilannen oan 'e kant fan de Noardsee kinne yn twa groepen skifte wurde, de Noard- en Eastfryske eilannen. De Noardfryske eilannen mei de eilannen Söl, Oomram, Pälweerm, Feer en de Halligen en it Hilgelân dat fierder fan de kust ôf leit, hearre by de dielsteat Sleeswyk-Holstein. De Eastfryske eilannen Boarkum, Júst, Nordeneach, Langerëach, Spikereach en Wangereach hearre by Nedersaksen. Yn de Eastsee lizze by de kust lâns noch in tal eilannen, de grutsten binne Rügen en, mei twa brêgen oan de fêstewâl ferbûn, Usedom. De grutste eilannen yn de Dútske marren binne Mainau, Lindau en Reichenau yn de Bodenmar en Herrenchiemsee yn de Chiemmar.

Wetter[bewurkje seksje | edit source]

De Donau rint fan west nei east troch Súd-Dútslân, en giet dan fierder de grins mei Eastenryk oer. De Ryn streamt bylâns de grins mei Switserlân en de grins mei Frankryk, en streamt dan fierder nei it noarden oant dy de grins mei Nederlân oergiet. Yn it leechlân streame de Iems, de Weser en de Elbe nei it noarden en noardwesten nei de Noardsee. Yn Meklenburch-Foarpommeren streame ferskate lytse rivierkes nei de Eastsee. De Neise en Oder foarmje de grins mei Poalen, oant de Oder it lêste stik troch Poalen nei see streamt.

De marren yn Dútslân binne yn 'e lêste iistiid foarme, doe't de gletsjerfallij mei wetter fuld wie. De measte fan dy grutte marren lizze fandatoangeande yn gebieten dy't eartiids mei grutte iismassa's bedutsen wienen, of yn 'e omkriten fan de gletsjers, sa as yn Meklenburch en krekt boppe de Alpen. De grutste mar fan Dútslân is de Bodenmar (Dútsk: Bodensee) op de grins mei Switserlân en Eastenryk. De grutste mar dy't hielendal yn Dútslân leit is de Müritz yn Meklenburch-Foarpommeren.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Dútslân is sûnt 1949 in demokratysk-parlemintêre bûnssteat. De grûnwet waard kundich makke op 23 maaie 1949. De grûnwet kin troch in twatredde mearderheid yn 'e bûnsdei en bûnsrie feroare wurde. De lêste feroaring wie yn 2006. Guon artikelen, dêr't de grûnslach fan de grûnwet yn omskreaun is, kinne net feroare wurde. Dútslân hat 16 dielsteaten (Bundesländer) (sûnt 1990, dêrfoar wie it East- en West-Dútslân). De bûnssteat is it machtichst ("Bundesrecht bricht Landesrecht"), mar de dielsteaten hawwe ek aardich wat foech. De federaasje nimt bûtenlânske saken en definsje foar har noed.

Dútslân hat algemien stimrjocht (sûnt 1918) fan 18 jier ôf (soms ek fan 16 jier ôf foar de regionale ferkiezings), en hat in twakeamersysteem. De bûnsdei hat op syn minst 598 leden, en wurdt alle fjouwer jierren troch it folk keazen. Yn it kiessysteem fan de Bûnsdei is der in mearderheids en distriktenstelsel. By de ferkiezings is der in kiesdrompel fan fiif persint. De bûnsrie hat 69 leden, dat binne de fertsjintwurdigers en dielsteatregearen (net fan de dielsteatbefolking). Baden-Wúrtemberch, Beieren, Nedersaksen en Noardryn-Westfalen hawwe seis stimmen, Hessen hat fiif, Berlyn, Brandenburch, Rynlân-Palts, Saksen, Saksen-Anhalt, Sleeswyk-Holstein en Túringen hawwe elk fjouwer, Bremen, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren en it Saarlân hawwe trije stimmen. Der moat sa stimd wurde, dat net in lid stimt, mar it bûnslân. Dat wol sizze, dat as Hessen foar 'A' stimt, kar 'A' fiif stimmen hat. Federale wetten dy't mei it foech fan de dielsteaten te krijen hawwe, of saken dy't de dielsteaten dwaan moatte, moatte earst troch de bûnsrie goedkard wurde. De dielsteaten hawwe in eigen grûnwet, regear en parlemint. De dielsteatparleminten wurde yn fjouwer dielsteaten nei fjouwer jier keazen, yn de oare tolve dielsteaten bart dat alle fiif jierren. It haad fan de steat, de Bûnspresidint, is der om de steat te fertsjintwurdigjen en wurdt alle fjouwer jierren troch de Bûnsgearkomste keazen. De Bûnspresidint kin mar ien kear op 'e nij keazen wurde. De bûnskânselier is it haad fan it regear, en dy beskiedet de rjochtlinen fan de polityk. De kânselier wurdt troch de Bûnsdei, nei in útstel fan de presidint, keazen. Hy/hja wurdt, krekt as syn ministers, troch de presidint beneamd.

Sûnt 1949 binne de wichtichste nasjonale partijen yn Dútslân de CDU, de SPD. De FDP, Linkspartei en Bündnis 90/Die Grünen binne trochstrings opposysjepartijen dy't út en troch koalysjes foarme mei de CDU of SPD.

Militêr[bewurkje seksje | edit source]

Dútske namme Fryske namme Tal soldaten
Heer lânmacht 115.147
Marine marine 25.000
Luftwaffe loftmacht 62.700
Zentraler Sanitätsdienst sintrale medyske tsjinst 17,690
Streitkräftebasis stypjende ienheid 47.713

It leger fan Dútslân, de Bundeswehr, hat ferskate ûnderdielen lykas Heer (lânmacht), Marine (marine), Luftwaffe (loftmacht), Zentraler Sanitätsdienst (sintrale medyske tsjinst) en Streitkräftebasis (stypjende ienheid). It tsjinstplichtsysteem is net sa dat eltse man fan 18 jier tsjinstplicht dwaan moat. Op 3 jannewaris 2011 waard de lêste ljochting tsjinstplichtigen oproppen. It Dútske leger giet oer op in leger dat allinnich noch mar út beropsmilitêren en frijwilligers bestiet.

Der is noch altiten in soarte fan tsjinstplicht mar dat kin ek Zivildienst (rûch oerset as boargertsjinst) wêze, of frijwilliger by in brânwacht of it Reade Krús. Yn 2003 besleinen de militêre útjeften 1.5% fan it BYP.

Dielsteaten[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Dielsteaten fan Dútslân.
Dielsteaten fan Dútslân.

De 16 dielsteaten (Bundesländer, iental: Bundesland) binne:

  1. Baden-Wúrtemberch (Baden-Württemberg)
  2. Beieren (Bayern)
  3. Berlyn (Berlin)
  4. Brandenburch (Brandenburg)
  5. Bremen
  6. Hamburch (Hamburg)
  7. Hessen
  8. Meklenburch-Foarpommeren (Mecklenburg-Vorpommern)
  9. Nedersaksen (Niedersachsen)
  10. Noardryn-Westfalen (Nordrhein-Westfalen)
  11. Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz)
  12. Saarlân (Saarland)
  13. Saksen (Sachsen)
  14. Saksen-Anhalt (Sachsen-Anhalt)
  15. Sleeswyk-Holstein (Schleswig-Holstein)
  16. Turingen (Thüringen)

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Dútslân hat 82,5 miljoen ynwenners wêrfan 32,5% net religjeus is. Mei 31,2% (25,7 miljoen) op 31-12-2006 is it Roomsk-katolike leauwen it grutste leauwen, dêr't de oanhingers fan foar it meastepart yn it westen en suden wenje. Hast 31% an de befolking (25,4 miljoen) is protestant, dy wenje benammen yn it noarden. It tal minsken dat sneins yn 'e tsjerke sit is 4,4 persint (2006) by de katoliken en sa'n oardel persint (2005) by de protestantske tsjerke. Yn Dútslân is in lytse Joadske mienskip mei 0,2 miljoen en likernôch 3,3 miljoen moslims.

Mear as de helte fan de befolking yn it gebiet dat eartiids East-Dútslân wie en yn 'e dielsteat Hamburch leaut net.

De katolike en protestantske tsjerken en de synagogen krije jild fan de steat. Suver alle ynwenners fan it lân prate Dútsk. Utsein de Denen en Friezen yn Sleeswyk-Holstein, de Friezen yn it Sealterlân (East-Fryslân) de Sorben yn East-Dútslân (Brandenburch en Saksen), en de sigeuners ferspraat oer it hiele lân. Dy folksgroepen hawwe op Jeropeesk en Dútsk nivo erkenning as taalminderheid en nasjonale minderheid.

Oan it begjin fan de santiger jierren hawwe miljoenen gastwurkers út oare lannen wei har nei wenjen set yn Dútslân. Meiïnoar binne der 7 miljoen bûtenlanners, dêr't it tal Dútsers mei op 82,5 miljoen komt. De grutste ymmigrantetalen binne it Arabysk, Koerdysk (0,3%) en it Turksk (1,8%).

Der wenje ek Dútsers yn oare lannen, benammen yn East Jeropa, dy groepen hjitte Folksdútsers, dy't sûnt de midskieuwen al nei it bûtenlân tsjogge. Dy groepen hawwe noch hieltyd de Dútske kultuer en prate Dútsk. Yn guon East Jeropeeske lannen binne dy erkend as nasjonale minderheid.

Stêden[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side List fan grutste stêden yn Dútslân.
Grutste stêden fan Dútslân

Berlyn
Berlyn
Hamburch
Hamburch
Plak Stêd Dielsteat Ynwennertal
München
München
Keulen
Keulen
1 Berlyn Berlyn 3.510.000
2 Hamburch Hamburch 1.810.000
3 München Beieren 1.380.000
4 Keulen Noardryn-Westfalen 1.020.000
5 Frankfurt am Main Hessen 700.000
6 Stuttgart Baden-Wúrtemberch 600.000
7 Düsseldorf Noardryn-Westfalen 590.000
8 Dortmund Noardryn-Westfalen 580.000
9 Essen Noardryn-Westfalen 570.000
10 Bremen Bremen 550.000
Oare grutte stêden yn Dútslân binne: Bonn - Chemnitz - Darmstadt - Dresden - Duisburg - Erfurt - Essen - Flensburch - Freiburg im Breisgau - Fulda - Gelsenkirchen - Hannover - Jena - Karlsruhe - Kassel - Kiel - Koblenz - Leipzig - Lübeck - Ludwigshafen - Mainz - Mannheim - - Neurenberch (Nürnberg) - Oberhausen - Aldenboarch - Osnabrück - Saarbrücken - Stuttgart - Trier - Wiesbaden

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Frankfurt is it finansjele sintrum fan Dútslân

Dútslân hat de grutste nasjonale ekonomy yn Jeropa, en is de tredgrutste fan de wrâld. Sûnt de 18e ieu is Dútslân in lân dat de motor fan Jeropa west hat, mei nije ûntjouwingen by de rûs. De eksport fan guod fan Dútslân nei oare lannen is ien fan de redenen fan de wolfeart. Dútslân is it grutste eksportlân mei 1.327 triljoen euro oan eksportearre saken yn 2007 en de hannelbalâns wie 268 miljard euro yn 'e plus.[1] De eksport fan Dútslân nei lannen fan de Jeropeeske Uny wie 736 miljard euro yn 2007. Meïnoar eksportearre Dútslân yn 2007 foar 969 miljard euro oan guod oer de hiele wrâld. It wichtichste Dútske eksportguod yn 2007:

  1. Auto's en autodielen 181 miljard
  2. Masinen 139 miljard
  3. Gemyske produkten 128 miljard

De tsjinstensektor smyt likernôch 70% fan it Bruto Ynlânsk Produkt op, de yndustry 29,1 persint en de lânbou 0,9%. Gâns produkten komme fan yngenieurs, lykas auto's, masines, metaal, en gemysk guod. Dútslân is lieder op it mêd fan duorsume enerzjy technology. De grutste, jierlikse, ynternasjonale hannels eveneminten en kongressen wurde yn stêden as Hannover, Frankfurt and Berlyn holden.

Dútslân wie yn 2007 it grutste eksportlân fan guod

Fan de grutste bedriuwen fan de wrâld dy't by in oandielenmerk ynskreaun binne, hawwe neffens Fortune Global 500, de 37 bedriuwen mei de grutste omset har haadkertier yn Dútslân. De tsien grutsten binne Daimler, Volkswagen, Allianz (bedriuw mei de measte winst), Siemens, Deutsche Bank (bedriuw mei de twadmeaste winst), E.ON, Deutsche Post, Deutsche Telekom, Metro en BASF.[2] De Deutsche Post, Robert Bosch en Edeka binne de grutste wurkjouwers.[3] Wrâldferneamde bedriuwen binne Mercedes Benz, SAP AG, BMW, adidas, Audi, Porsche en Nivea.[4]

Dútslân is in sterk foarstanner fan Jeropeeske ekonomyske en politike yntegraasje, en it kommersjele belied wurdt fierhinne beskieden troch oerienkomsten mei lidsteaten fan de Jeropeeske Uny (JU) en de wetjouwing fan JU mienskiplike merk. Dútslân hat de mienskiplike Jeropeeske munt, de euro, en it monetêre belied komt fan de Jeropeeske Sintrale Bank yn Frankfurt. It modernisearjen en yntegrearjen fan de ekonomy yn East-Dútslân bliuwt in dreech proses en duorret oant 2019, alle jierren giet der sa'n $80 biljoen nei East-Dútslân. Der is in delgong fan wurkleazens, en it tal wurkleazen yn novimber 2007 wie 8,1%.[5] It persint wurkleazen yn it gebiet dat oant 1990 West-Dútslân wie is 6.7% en yn it gebiet dat oant 1990 East-Dútslân wie binne dat 13.4%.

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | edit source]

De haven fan Hamboarch is de twadgrutste fan Jeropa en njoggengrutste fan 'e wrâld

Yn 2002 wie Dútslân nûmer fiif op 'e list fan lannen dy't it measte enerzjy ferbrûke, en twa-tredde part dêrfan wie ymportearre. Yn itselde jier wie Dútslân de grutste Jeropeeske ferbrûker fan elektrisiteit; it elektrisiteitsferbrûk yn dat jier wie 512.9 kilowatt yn it oere. It Dútske regear komt mei inisjativen wat duorsume enerzjy oangiet, hja wolle dat duorsume enerzjy yn 2050 50% fan de totale streamfoarsjenning beslacht. Yn 2000 wie der in oerienkomst fan it regear dêr't yn stie dat der yn 2021 gjin nuklêre sintrales mear yn Dútslân wêze meie. [6] Yn 2006 besloech duorsume enerzjy mar 1.3% fan de totale streamfoarsjenning.

Omdat Dútslân op in sintraal plak yn Jeropa leit is it in lân fan belang wat transport oanbelanget. Dútslân hat in drok transport netwurk dat ek noch fan dizze tiid is. De Dútske sneldiken (Autobahn) is it tredgrutste sneldikenetwurk fan 'e wrâld der binne op de measte plakken gjin faasjebeheinings.

De meast wichtige stêden fan Dútslân binne ferbûn mei in faasjetrein. De InterCityExpress of ICE rydt ek nei oare lannen. De faasje fan de trein is tusken de 160 km/h en 300 km/h. De Deutsche Bahn stiet noed foar de ICE dy't om it healoere, oere of oardeloare by de stasjon delrydt.[7]

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Feestdagen[bewurkje seksje | edit source]

De nasjonale feestdei is de Dei fan de Dútske ienheid op 3 oktober. It is de iennichste feestdei dy't troch de steat Dútslân fêstlein is. Alle oare feestdagen wurde keazen troch de dielsteaten fan Dútslân. Der binne acht oare dagen dy't yn alle dielsteaten fierd wurde: kristlike feestdagen: goede freed, peaskemoandei, Himelfearstdei, Pinkstermoandei en de twa krystdagen; oare net kristlike feestdagen binne nijjier en Dei fan de arbeid. De feestdagen en de sneins wurde yn Dútslân „Tage der Arbeitsruhe und der seelischen Erhebung“ neamd.

Sport[bewurkje seksje | edit source]

De meast populêre sport yn Dútslân is fuotbal. Mear as seis miljoen leden en 170.000 klups binne oansletten by de Deutscher Fußball-Bund (Dútske Fuotbal Bûn). De heechste divyzje fan it Dútsk fuotbal hjit de Bundesliga.

Media[bewurkje seksje | edit source]

Regionale omroppen
Namme Ofkoarting Dielsteaten
Bayerischer Rundfunk BR Beieren
Hessischer Rundfunk hr Hessen
Mitteldeutscher Rundfunk MDR Saksen, Saksen-Anhalt en Turingen
Norddeutscher Rundfunk NDR Hamboarch, Meklenburch-Foarpommeren, Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein
Radio Bremen RB Bremen
Rundfunk Berlin-Brandenburg RBB Berlyn en Brandenburch
Saarländischer Rundfunk SR Saarlân
Südwestrundfunk SWR Baden-Wúrtemberch en Rynlân-Palts
Westdeutscher Rundfunk WDR Noardryn-Westfalen
Kommersjele stjoerders

De bekendste kommersjele tillevyzjestjoerders binne ProSiebenSat.1 Media AG, de RTL Group, MTV Networks Deutschland en NBC Universal Deutschland. Dêrnjonken binne der ek stjoerders wêrfoar apart betelle wurde moat, bygelyks Premiere en arena.

Kranten

Der is in ryk ferskaat oan kranten yn Dútslân, de meast lêzen deiblêden binne de Bild, de Frankfurter Allgemeine Zeitung en de Süddeutsche Zeitung. Der Spiegel en Focus binne de meast bekende wykblêden.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan de Dútske kultuer rint in hiel ein fierder werom as it bestean fan Dútslân as politike ienheid. Op kultureel mêd is de Dútske kultuer nau ferbûn mei de Dútske taal. Rûchwei nei 1800 feroaret it begryp Dútske kultuer, it is dan ferbûn mei it Dútske steatsgebiet. Sa is it mooglik dat minsken dy't yn har tiid bydroegen hawwe oan de Dútske kultuer fan buten de hjoeddeiske Dútske lânsgrinzen komme, mar likegoed ûnderdiel binne fan de Dútske kultuer. In soad Dútsers om utens, soms om politike of religieuze redenen flechte, binne nau ferbûn mei de Dútske kultuer. In tal foarbylden binne Albert Einstein, Karl Marx en Friedrich Engels. It oansjen fan de Dútske kultuer waard slim tamtearre troch de Twadde Wrâldkriich en de Holocaust. Hjoed wurdt de Dútske taal en kultuer yn de wrâld op 128 lokaasjes fertsjinwurdige troch it Goethe-Institut.

Filosofy[bewurkje seksje | edit source]

De measte ferneamde Dútske filosofen binne Nikolaus von Kues, Gottfried Wilhelm Leibniz, Immanuel Kant, Georg Wilhelm Friedrich Hegel, Karl Marx, Arthur Schopenhauer, Friedrich Nietzsche en Martin Heidegger. Bekende Dútske filosofyske streamingen binne it Dútske Idealisme en it troch Karl Marx en Friedrich Engels ûntworpen Marxisme. De saneamde Frankfurter Skoalle fan Theodor Adorno en Max Horkheimer kaam yn de 20e ieu mei de Krityske Teory. Jürgen Habermas wie harren opfolger en is ien fan de ferneamdste filosofen op 'e wrâld.

Keunst[bewurkje seksje | edit source]

Ien fan de ferneamdste keunstners út de renêssânse is Albrecht Dürer. Peter Paul Rubens is berne yn Siegen, mar ferhuze letter nei Antwerpen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Dútske literatuer.

De Dútske literatuer begjint al yn de midsieuwen, in foarbyld dêrfan is Walther von der Vogelweide. De measte ferneamde histoaryske Dútske skriuwers binne Johann Wolfgang Goethe, Friedrich Schiller en de Bruorren Grimm. De Dútske winners fan de Nobelpriis foar de Literatuer wienen Theodor Mommsen (1902), Paul Heyse (1910), Gerhart Hauptmann (1912), Thomas Mann (1929), Hermann Hesse (1946), Heinrich Böll (1972) en Günter Grass (1999).

Muzyk[bewurkje seksje | edit source]

Op it mêd fan muzyk hat de Dútske kultuer in ryk ferline mei mannen as Johann Sebastian Bach, Ludwig van Beethoven, Richard Wagner en Wolfgang Amadeus Mozart. Hjoed binne Herbert Grönemeyer, Nena, Tokio Hotel en Rammstein net allinnich yn Dútslân, mar ek yn in hiel soad oare lannen bekend.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

Weißwurst mei Brezel en swiete moster.

Yn Dútslân is der in wiidweidich oanbod oan regionale itensprodukten. Yn Noard-Dútslân wurde de jirpels op ferskillende manieren klearmakke. Yn it suden ite se faak Knödel, Spätzle en Nudeln (soarte fan pasta). Regionale spesjaliteiten binne Weißwurst (Beieren), Frankfurter Kranz (Hessen), Bratwurst (Noard-Beieren en Turingen), Schwenkbraten (Saarlân), Maultaschen (Baden-Wúrtemberch), Schwarzwälder Kirschtorte (Baden-Wúrtemberch), Thüringer Rostbratwurst (Turingen) en Saumagen (Rynlân-Palts). Wat it drinken oangiet is Dútslân bekend om syn ferskaat oan biersoarten. Yn it Súdwesten binne de wyngerden, it dan ek yn 'e reden dat der neist bier ek faak wyn dronken wurdt. In twadde útsûndering is East-Fryslân, dêr't benammen in soad tee dronken wurdt en dêr't sprake is fan in teekultuer.

Sa as ek yn oare lannen fan de Jeropeeske Uny jildt foar Dútslân de trend dat minsken hieltyd minder de tradisjonele drege kost en wat mear lichtere fetearm ite.

Yn de Dútske regio's binne der ferskate brea- en woarstsoarten. Tradisjoneel is it waarme miel middeis en de jûns in breamiel. De dei begjint trochstrings mei in moarnsbrochje mei in stik bôle of Brötchen/Semmeln, belein mei tsiis of skinke mar ek wol ris wat swiets (hunich, jam ensfh.) en dêrby faak in sean aai. By it moarnsbrochje wurdt ornaris kofje (yn Noard-Dútslân tee) of molke dronken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Dútslân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons Commons: Dútslân – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Dútslân – geografyske en histoaryske kaarten

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Spiegel special nr.5/2008 side 15
  2. Global 500 Germany, CNN Money. Ingelsk
  3. Global 500 Biggest Employers, CNN Money. Ingelsk
  4. The 100 Top Brands 2006, Businessweek. Ingelsk
  5. Arbeitslosenzahl unter 3,5 Millionen gesunkenTagesschau. Dútsk
  6. Germany split over green energy, BBC, 13 gersmoanne 2007
  7. Geschäftsbericht 2006 der Deutschen Bahn AG, Deutsche Bahn, 2007, 19 wynmoanne.