Galje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Galje likernoch 54 f. Kr.

Galje is de beneaming foar it westlike part fan Jeropa, dat oerienkomt mei it moderne Frankryk, Belgje, it westen fan Switserlân en dielen fan Nederlân en Dutslân bewesten de Ryn. Gallia is noch altiten de Grykske namme foar Frankryk. Galjers binne ek bekind as Kelten, de oarspronklike bewenners fan Galje en in grut part fan Jeropa.

[bewurkje seksje] Bewenners

De Galjers waard ferspreid troch Jeropa yn de Romeinske tiid, en sprutsen ferskate Keltiske dialekten. Der wennen ek Galjers yn de flakten fan noard-Itaalje, it saneamde Gallia Cisalpina (Galje oan dizze kânt fân de Alpen) en Feneetsje. Oare Kelten emigrearren oer de Pyreneeën, nei it noarden en westen fan Spanje, dêr't sy har mei de Iberiske oerbewenners minge ta it folk fan de Keltiberiërs, dat in oan it Galjisk besibbe taal spruts.

It gebiet waard ûnderferdield yn:

  • Gallia Cisalpina (Súd Alpen)
    • Gallia Transpadana (Noard Po)
    • Gallia Cispadana (Súd Po)
  • Gallia Transalpina (westlik fan de Alpen)
    • Gallia Narbonensis provincia
    • Gallia Comata (tusken Ryn & Pyreneeën)
      • Gallia Belgica
      • Gallia Aquitania
      • Gallia Celtica

Yn sawat al dy "Galje's" waarden dialekten fan deselde Keltiske taal sprutsen. Yn Aquitania waard lykwols in folslein oate taal sprutsen, besibbe oan it Baskysk en (wierskynlik) ek oan it distiid útstoarne Iberysk. It is om geografyske redenen dat Caesar dat diel ta "Gallia Comata" rekkene.

[bewurkje seksje] Skiednis

Galje waard beset troch de Romeinen, doe't Caesar de Galjyske stammen yn dit gebiet fersloech, yn de perioade tusken 58 f. Kr. - 51 f. Kr.. Hy skreau syn ûnderfinings yn in boek Commentarii de bello Gallico (Ferslachen oer de Galjyske oarloch). Dy oarloch koste it libben oan mear as in miljoen Galjers en sawat in miljoen waard ta slaaf makke. It gebiet waard dêrnei regearre as in Romeinske provinsje mei as haadstêd Lyon. Fan dy tiid ôf steane de Galjers ûnder grutte ynfloed fan de Romeinen en waarden sy Romanisearre. Sa stadichoan naam de befolking de taal en gebrûken fan de Romeinen oer. It Latyn leit oan de basis fan it moderne frânsk.

Fan ôf de 3e ieu begûn it Romeinske gesach ûnder tanimmende druk fan ynfallende Germaanske stammen te ferbroazeljen. Op 31 desimber 406 stutsen ferskate Germaanske stammen de Ryn oer, en begûn de ynvaazje fan Galje (sjoch Grutte Folksferfarren. Yn 486 kaam der in ein oan it Romeinske bewâld yn Galje, doe't de Romeinsk hearser Syagrius ferslein waard troch de Franken.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen