Spanje

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Reino de España
Flagge fan Spanje Wapen fan Spanje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Spanje
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Madrid
Steatsfoarm Monargy
Gebiet
% wetter
504.782 km²
1,04­%
Ynwenners (2008) 46.063.511
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 2 juny
Lânkoade ESP
Ynternet .es
Tillefoan 34

Spanje is in lân yn it Súdwest-Jeropa. De haadstêd is Madrid en de kening fan de monargy is sûnt 1975 Juan Carlos I.

Spanje wurdt begrinzge troch:

Eastlik fan it fêstelân lizze yn de Middellânske See de Baleären. Foar de kust fan de Westlike Sahara lizze de Kanaryske Eilannen, en op de noardkust fan Afrika lizze ek noch twa Spaanske eksklaves, Ceuta en Melilla, en foar de kust noch in pear Spaanske eilântsjes. Oan de Strjitte fan Gibraltar leit Gibraltar, in enklave dy't part fan Britske is.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Spanje.

[bewurkje seksje] Geografy

Spanje omfet it grutste part fan it Ibearysk skiereilân. Yn it noardeasten foarmje de Pyreneeën de grins mei Frankryk en Andorra. Yn it súdeasten leit de Sierra Nevada, mei de heechste top fan Spanje, de Mulhacen, 3.482 m. Mar ek de rest fan it lân is bercheftich. Ut dy bergen komme de rivieren, lykas de Ebro dêr't it skiereilân nei neamd is, en de langste rivier fan Spanje, de Guadalkwivir.

[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling

Spanje is in parlemintêre monargy mei in grûnwet út 1978. Op it stuit is Juan Carlos fan Spanje kening. It lân is opdield yn 17 autonome regio's, dy't meast fieder opdield binne yn provinsjes. De twa enklaves hawwe de status fan autonome stêden.

Sjoch ek de Spaanske regio's.

[bewurkje seksje] Demografy

Spanje hie yn 2008 46.063.511 ynwenners. De grutste befolkingstichtens is oan de eastkust en yn en om de haadstêd Madrid hinne.

[bewurkje seksje] Talen

Al is Spaansk offisjeel troch it hiele lân, der binne noch fjouwer oare talen dy't ek offisjeel binne, yn parten fan it lân.

[bewurkje seksje] Gearwurking

Spanje is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 24 novimber 1977 fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1982 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 1986 fan de Jeropeeske Uny.

[bewurkje seksje] Ekonomy

BYP per persoan is $33.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,6% lânbou, 30,2% yndustry en 66,1% tsjinsten.

[bewurkje seksje] Militêr

Struktuer

De Spaanske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine.

Mankracht

Yn 2008 wienen der 10.033.069 Spaanske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 8.228.426 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 203.650.

Budzjet

Militêr budzjet $9,9 miljard (2003).
Persintaazje fan it BYP 1,2 % (2003).

[bewurkje seksje] Transport

Wichtichste havens binne Algeciras, Barselona, Bilbao, Cartagena, Huelva, Tarragona, Valencia. De fleanfjilden fan Madrid en Barselona wurde ta de tsien grutsten fan Jeropa rekkene (2007). De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.

Spanje hat (2006):
681.224 km ferhurde dyk.
14.974 km spoardyk.
1.000 km farwetter.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen