Andorra
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Katalaansk | ||||
| Haadstêd | Andorra la Vella | ||||
| Steatsfoarm | Federale monargy | ||||
| Gebiet % wetter |
468 km² -% |
||||
| Ynwenners (2003) | 69.150 | ||||
| Munt | Euro (EUR) | ||||
| Tiidsône | UTC +1 | ||||
| Nasjonale feestdei | 8 septimber | ||||
| Lânkoade | AND | ||||
| Ynternet | .ad | ||||
| Tillefoan | 376 | ||||
Andorra is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Andorra la Vella en de ko-prinsen fan it prinsdom binne sûnt 2003 Joan Enric Vives Sicília, biskop fan Seu d'Urgel en Nicolas Sarkozy, presidint fan Frankryk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It lân Andorra bestiet sûnt 1278. Yn dat jier kaam der in ein oan in rige fan gewelddiedige konflikten tusken de biskop fan Urgel en de greve fan Foiks. De beide tsjinstanners slute frede dy't besegele wurdt yn in dokumint dat bekend stiet ûnder de namme Pareages. De ôfspraken dy't doe makke binne, foarmje noch alltyd de basis fan it tsjintwurdige politike stelsel.
Fan it begjin ôf oan wurdt Andorra regearre troch twa steatshaden. Dat wienen ynearsten de biskop fan Urgel en de greve fan Foiks, mar troch erfopfolging gong de ko-funksje fan de greve oer op it Frânske keningshûs. Doe't yn de 19e ieu in ein kaam oan de Frânske monargy, gong de funksje oer op de presidint fan Frankryk.
Tsjintwurdich is Andorra op it politike mêd sterk ferbûn mei de Jeropeeske Uny, sûnder dat it der lid fan is. Sa makket it brûkme fan de euro as betelmiddel, mar slacht sels gjin eigen munten. Foar de ynfiering fan de euro wienen de Frânske frank en de Spaanske peseta beide wettich betelmiddel.
[bewurkje seksje] Geografy
Andorra is 468 km² grut en wurdt begrinze troch Frankryk yn it noarden en Spanje yn it suden.
Troch de lizzing yn de Pyreneeën bestiet Andorra foaral út bergen mei in hichte fan trochstrings 1.996 meter, wêrfan de Coma Pedrosa de heechste is, mei 2.946 meter. De bergen wurde yn it lân skieden troch trije smelle falleien yn in Y-foarm. Dizze falleien falle gear op it punt dêr't de grutste rivier, de Valira, de grins mei Spanje oergiet. Dit is ek it leechste punt fan it lân, op in hichte fan 870 meter.
La Massana befettet de fiif heechste piken fan it lân. Yn Enkamp lizze de grutste marren. De minst oantaaste natuer is te finen yn Grau Roig, yn de parochy Enkamp.
It klimaat fan Andorra komt fierhinne oerien mei it evenredige klimaat fan de omlizzende lannen, mar troch har hegere lizzing falt der winters trochstrings mear snie en is it simmers wat koeler.
[bewurkje seksje] Demografy
Yn 2003 hie Andorra 69.150 ynwenners, wêr't de Andorrezen sels in minderheid yn foarmje. Amperoan 33% fan de befolking is nammentlik yn besit fan de Andorreeske nasjonaliteit. De grutste groep bûtenlânske ynwenners binne Spanjerts (43%), dy't trijeresom mei Portegezen (11%) en de Frânsen (7%) ynwenners de grutste ‘bûtenlânske’ groepen fertsjintwurdigje.
De offisjele taal is it Katalaansk, dat ek sprutsen wurdt yn de neistlizzende Spaanske regio Kataloanje en dêr't Andorra kultureel in soad op liket.
De oerhearskjende godstsjinst is it Roomsk-katolisisme.