François Hollande

Ut Wikipedy
François Hollande (2015)

François Gérard Georges Nicolas Hollande (Rouen, Normandje, 12 augustus 1954) is in Frânsk politikus fan de Sosjalistyske Partij, de Parti Socialiste (PS).

Hollande is opgroeid yn in doarpke ûnder de reek fan de stêd Rouen. Letter ferfear de húshâlding nei Neuilly-sur-Seine. Hy is alumnus fan de École des hautes études commerciales de Paris en de École nationale d'administration.

Hy wie fan 1997 oant 2008 de partijfoarsitter fan de Parti Socialiste, en tusken 2001 en 2008 boargemaster fan Tulle. Novimber 2005 waard er troch de partij nei foarren skood as kandidaat foar de presidintsferkiezing yn 2007. Hollande syn eardere partner Ségolène Royal, by wa’t er fjouwer bern hat, wie ek gadingmakker fan de PS foar de presidintsferkiezings. Earste helte 2006 die lykwols bliken dat Ségolène Royal folle populêrder by de kiezers wie as hy dat wie. Sy helle de twadde ferkiezingsomloop, mar waard ferslein troch Nicolas Sarkozy.

Op 24 maaie 2007 makke Hollande bekend op te stappen as haad fan de Parti Socialiste. Yn de striid om syn opfolging stipe er Martine Aubry en net syn eks-partner Royal.

Sûnt 2008 is Hollande foarsitter fan de departemintsrie foar Corrèze. By de presidintsferkiezingen fan 2012 wie er kandidaat fan syn partij. Hy fersloech de sittende presidint Nicolas Sarkozy en waard keazen ta 24e presidint fan de Frânske Republyk. De ynhuldiging wie 15 maaie 2012.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: