Kataloanje
Ut Wikipedy
| Flagge | Wapen |
|---|---|
| Lokaasje yn Spanje | |
| Algemien | |
| Haadstêd | Barselona |
| Oerflakte | 32.114 |
| Befolking | 7.083.000 |
| Befolkingstichtens | 218,73 |
| Oare ynformaasje | |
| Heechste punt | |
| Provinsjes | Barcelona, Gerona, Lerida, Tarragona |
Kataloanje (Katalaansk: Catalunya, Spaansk: Cataluña) is ien fan de 17 Spaanske regio's. Kataloanje leit yn it noardeasten fan Spanje oan de kust fan de Middellânske See. De kust bestiet út de Costa Brava, Costa del Maresme, Costa del Garraf en de Costa Dorada. De regio grinzet yn it suden oan de regio Valencia, yn it westen oan Arragon en yn noarden oan Frankryk. De haadstêd en grutste stêd fan Kataloanje is Barselona.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
Kataloanje bestiet út fjouwer provinsjes:
| Provinsje | Ynwennertal | Haadstêd | Ynwennertal |
|---|---|---|---|
| Barselona | 5.270.958 | Barselona | 1.593.485 |
| Gerona |
675.455 | Gerona |
86.672 |
| Lerida |
399.439 | Lerida<br | 124.709 |
| Tarragona | 704.907 | Tarragona | 128.152 |
| Totaal | 6.995.206 |
[bewurkje seksje] Klimaat
Kataloanje beskikt oer in mediterraan klimaat mei sêfte winters en waarme simmers. Fierder it lân yn wurde de winters troch de fermindere ynfloed fan de seewyn kâlder en simmers hjitter. De Katalaanske Pyreneeën dy't sawat 3,5 kilometer heech binne, hawwe in berchklimaat. Ek yn de berchdalen oan de foet fan de Pyreneeën, sa as yn Tremp, kin it winters goed kâld wurde. Op de hege Pyreneeën falt yn de winter in soad snie dat sels simmerdei lizzen bliuwt. It noflike klimaat oan de kust en de kâlde winters yn de bergen ticht by Barselona, lûke sawol simmers as winters in soad toeristen.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
- It kleaster Santa María de Poblet, yn Poblet (provinsje Tarragona
- De Romaanskse tsjerken yn de fallei "Vall de Boí", yn de provinsje Lerida
- It argeologyske ensemble fan Tarraco yn Tarragona
- Palau de la Música Catalana konsertgebou yn Barcelona
- Hospital de Sant Pau, sikehûs yn Barcelona
- Sagrada Familia fan Antoni Gaudi yn Barselona
- Park Güell fan Antoni Gaudi yn Barselona
- Palau Güell fan Antoni Gaudi yn Barselona
- Casa Milà fan Antoni Gaudi yn Barcelona
[bewurkje seksje] Natuer
Kataloanje hat in tige ôfwikseljend lânskip, dat bestiet út bergen, , rotskusten, 'grutte fjilden en rivierdelta's, dêr't de Ebrodelta de wichtigste fan is.

