Euro

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Munten en bankbiljetten fan de eurosône.

De euro, ek wol jero, is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek oantsjut as de wol de "eurosône". Nei de Amerikaanske dollar is de euro de belangrykste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.

Dielnimmers[bewurkje seksje | edit source]

De eurosône (2014)

De euro is in wettich betelmiddel yn 18 fan de 28 lannen fan de Jeropeeske Uny. Dizze lannen binne:

Lân Sûnt Alde munt Wikselkoers fan Euro
rand Belgje 1999 (fysike ynfiering 2002) Belgyske frank BEF 40,3399
rand Dútslân 1999 (fysike ynfiering 2002) Dútske mark DEM 1,95583
rand Eastenryk 1999 (fysike ynfiering 2002) Eastenrykske schilling ATS 13,7603
rand Estlân 2011 Estske kroan EEK 15,6466
rand Finlân 1999 (fysike ynfiering 2002) Finske markka FIM 5,94573
rand Frankryk 1999 (fysike ynfiering 2002) Frânske frank FRF 6,55957
rand Grikelân 2001 (fysike ynfiering 2002) Grykske drachme GRD 340,750
rand Ierlân 1999 (fysike ynfiering 2002) Ierske pûn IEP 0,787564
rand Itaalje 1999 (fysike ynfiering 2002) Italjaanske lire ITL 1936,27
rand Letlân 2014 Letske Lats LTL 0,702804
rand Lúksemboarch 1999 (fysike ynfiering 2002) Lúksemboarchske frank LUF 40,3399
rand Malta 2008 Malteeske lire MTL 0,429300
rand Nederlân 1999 (fysike ynfiering 2002) Nederlânske gûne NLG 2,20371
rand Portegal 1999 (fysike ynfiering 2002) Portegeeske escudo PTE 200,482
rand Syprus 2008 Syprioatyske pûn CYP 0,585274
rand Sloveenje 2007 Sloveenske tolar SIT 239,640
rand Slowakije 2009 Slowaakske kroan SKK 30,1260
rand Spanje 1999 (fysike ynfiering 2002) Spaanske peseta ESP 166,386

Boppedat binne der ek noch seis lannen en gebieten dy’t net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de euro as betelmiddel haw. Dit binne:

Fjirder binne der noch fiif oare lannen, en twa monetêre gebieten dy’t harren munt oan de euro keppele haw.

Yn de takomst sille ek oare lannen fan de Jeropeeske Uny tatrede ta de Eurosône.

Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.

De euro is ek de munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de dollar wurdt de euro dêr oant no ta net brûkt.

Munten[bewurkje seksje | edit source]

De munt wurd opdield yn 100 sinten per euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út die fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten ha in Jeropeeske side dêr't in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare side stiet in ôfbyld dy’t per lân fan útjefte ferskillet.

Euroteken[bewurkje seksje | edit source]

It euroteken

It euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De dûbelde line is it wenstige ûnderskie tusken in letter en in muntsymboal, mar wurdt ek beskôge as symboal fan de fêstheid fan de munt. It teken waard op 12 desimber 1996 presintearre troch de Jeropeeske Kommissie.

Wikselkoersen[bewurkje seksje | edit source]

Koers € 1 Muntienheid   Koers € 1 Muntienheid   Koers € 1 Muntienheid
13,7603 Eastenrykske schilling (ATS) 5,94573 Finske markka (FIM) 0,702804 Letske Lats (LVL)
40,3399 Belgyske frank (BEF) 6,55957 Frânske frank (FRF) 0,429300 Malteeske lire (MTL)
0,585274 Syprioatyske pûn (CYP) 340,750 Grykske drachme (GRD) 2,20371 Nederlânske gûne (NLG)
1,95583 Dútske mark (DEM) 0,787564 Ierske pûn (IEP) 200,482 Portegese escudo (PTE)
15,6466 Estske kroan (EEK) 1936,27 Italiaanske lire (ITL) 239,640 Sloveenske Tolar (SIT)
166,386 Spaanske peseta (ESP) 40,3399 Lúksemboarchske frank (LUF) 30,1260 Slowaakske kroan (SKK)

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]