Russyske roebel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Papierjild 5.000 roebel

De Russyske roebel is de munt fan de Russyske Federaasje. 100 kopeken binne ien roebel. De roebel wie ek de munt fan de Sowjetuny (1917-1991). De ôfkoarting fan de hjoeddeiske roebel is RUB (ISO 4217). Op 1 jannewaris 1998 waard nei in desennium fan hyperynflaasje in nije roebel ynfierd: 1 nije roebel komt oerien mei 1000 âlde roebels. De ôfkoarting fan de âlde roebel wie RUR.

[bewurkje seksje] Munten en bankbiljetten

Ien roebel is ferdield yn hûndert kopeken. Der binne munten fan 1, 5, 10, 50 kopeken, en fan 1, 2, 5, en 10 roebel. Yn de tiid fan de Sowjetuny wienen der ek munten fan 2, 3, 15 en 20 kopeken. Bankbiljetten binne der fan 10, 50, 100, 500, 1000 en 5000 roebel.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen