Montenegro

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Republika Crna Gora
Република Црна Гора
Republyk Montenegro
Flagge fan Montenegro Wapen fan Montenegro
Flagge Wapen
Lokaasje fan Montenegro
Offisjele taal Servysk, Albaneesk
Haadstêd Podgorytsa
Steatsfoarm Republyk
Gebiet 13.812 km²
Ynwenners (2004) 621.000
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 13 july
Ynternet cg.yu
Tillefoan 381

Montenegro (Swartberch) is in lân op de Balkan. De haadstêd is Podgorytsa.

It lân hat justjes minder ynwenners as de provinsje Fryslân, (2006) it oerflak beslacht 13.812 km2 en is dêrmei dûbel sa grut as Fryslân.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

Montenegro wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

Mar yn Durmitor, Nasjonal Park

Montenegro bestiet foar it grutste part út heech berchlânskip mei steile skeanten dy't oant 2500 meter hichte rinne. De bergen fan Montenegro wurde rekkene ta de meast rûge gebieten yn Jeropa en is nochal min tagonklik. It lânskip stiet op de wrâlderfgoedlist.

Ien fan it lân opmerklikste piken is Bobotov Kuk yn de Durmitor bergen. Yn de berchgebieten fan Montenegro lizze in bysûnder grut tal marren. Oan de grins mei Albaanje leit it Skadarsko Jezero Mar, it grutste mar op de Balkan.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Montenegro wie part fan de bûn fan de lêste twa parten fan it eardere Joegoslaavje, de steatebûn Servje en Montenegro. De bân mei it folle gruttere Servje waard lykwols stadichoan losser. Op 21 maaie 2006 waard yn Montenegro in folksstimming holden oer de fraach at Montenegro part fan de steatebûn bliuwe moast as selstannich wurde moast. By in opkomst fan 86,49% wie 55,5% foar, dêr't foar in beslút mar 55% by 50% easke wie. Op 3 juny om 20.00 oere rôpe it parlemint fan Montenegro doe de ûnôfhinklikens út.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

De etnyske ferdieling fan de befolking wie neffens de folkstelling fan 2003 as folgt: de Montenegrinen 43,16% en Servjers 31,99% wienen de grutste befolkingsgroepen, de Bosniakken 7,77%, Albanezen 5,03%, Kroaten 1,1% en sigeuners 0,42% de lytsere.

De Montenegrinen stien wat skiednis, taal en religy oanbelanget ticht by de Servjers. It wichtichste skeel is dat Montenegro yn it tiidrek fan de Ottomanen ûnôfhinklik bleau wylst Servje dat net wie. Oft de Montegrinen wol of net part útmeitsje fan de bredere Servyske naasje, is ûnderdiel fan (in benammen nasjonalistysk) debat.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

Fan de befolking is 78,5 % kristelik (om-ende-by 75 % Servysk-ortodoks en 3,5 % katolyk). Moslims meitsje 15 % út fan de befolking. Ta dizze religy hearre de etnyske Albaneeske minderheid, dy't fral by de grins mei Albaanje wenje, en de Bosniakken.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Yn Montenegro wurdt Montenegrijnsk sprutsen, dizze taal is in foarm fan it Servo-Kroatysk, de offisjele taal is lykwols (noch) Servysk.

De offsjele taal is de Ijekavyske fariant fan dy taal, dy't ek yn Bosnje sprutsen wurdt. Dizze taal wurdt troch guons "Montenegrijnsk" neamd. Der wurdt sawol brûk makke fan it Latynske as it Syrillyske alfabet. Yn sommige gebieten mei in Albaneeske mearderheid is it brûken fan it Albaneesk troch oerheidsorganen tastean.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Gemeenten fan Montenegro

Montenegro is yndield yn 21 gemeenten (opština):

  • Andrijevica
  • Bar
  • Berane
  • Bijelo Polje
  • Budva
  • Cetinje
  • Danilovgrad
  • Herceg Novi
  • Kolašin
  • Kotor
  • Mojkovac
  • Nikšić
  • Plav
  • Plužine
  • Pljevlja
  • Podgorytsa
  • Rožaje
  • Šavnik
  • Tivat
  • Ulcinj
  • Žabljak

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

BYP per persoan is $3.800 (2007).