Bosniakken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yn de griene gebieten hawwe de Bosniakken de mearderheid

Bosniakken binne in Súd-Slavysk folk dat foar it meastepart yn Bosnje libbet, yn it Sandjak-gebiet op de grins fan Servje en Montenegro en sa fierder yn Kosovo.

De Bosniakken binne in lânseigen folk dat ûnder de Ottomaanske oerhearsking bekeard is ta de Islam. Sûnt dy tiid is it folk beynfloede troch East en West. Dat hat late ta in unike kultuer, mar ek ta ferfolgings. It gefolch hat west dat fan de krekt wat mear as 2,6 miljoen Bosniakken likernôch 0,5 miljoen útreizge binne. Op de Balkan steane sy bekend as autochtoane moslims, alhoewol't lang net alle Bosniakken moslims binne.

Bosniakken binne net itselde as Bosnjers, al is der in grut tal Bosniakken dat beide is.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De befolkingskloft wurdt foar it earst neamd yn in tal midsieuske dokuminten ûnder de beneaming "Bošnjani". Hja binne fan oarsprong in Slavysk folk dat har fermongen hat mei de eardere bewenners fan it gebiet, de Illyrjers dy't wer in mingd folk wie fan de folken dy't har dêr festige hienen (Kelten, Griken en Romeinen).

Under de Ottomaanske oerhearsking fan de Balkan, benammen yn de 16e en 17e ieu, giene de measte Bosniakken oer op it islamityske leauwen. Dat barde meastentiids út ekonomyske motiven mar ek trochdat jonge jongens yn it Ottomaanske leger ynlive waarden, ûnder oaren by de Janitsaren, en dêr twongen waarden har ta de islam te bekearjen. Nei it ynstoarten fan it Ottomaanske Ryk waarden de Bosniakken in protte ûnderdrukt trochdat sy as kollaborateurs fan de Osmaanske Turken sjoen waarden.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

Bosniakken binne meastentiids Slavyske moslims en folgje meast de Soennityske foarm fan de islam. De Bosniakken wurde dêrom ek wol "Bosnyske Moslims" neamd, mar feitlik sjoen is dat fout trochdat de Bosniakken net allinnich yn Bosnje wenne, mar bygelyks ek yn Kroaasje, Servje, Masedoanje, Montenegro en Sloveenje en lang net alle Bosniakken binne moslim. Fierders wenje op de Balkan ek guons dy't wol moslim mar gjin Bosniak binne.