Slaven (folk)
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
De Slaven hearre ta ien fan de grutste etnyske groepen yn Jeropa en hearre by de Yndo Jeropeeske folken. Sy wurde yndield yn de East-Slaven (Russen, Grutrussen, Wytrussen en Oekraïners), West-Slaven (Poalen, Tsjechen, Slowaken en de Sorben), en Súd-Slaven (Serven en Kroaten, Slovenen, Bulgaren en Masedoanjers).
De earste Slavyske stammen wennen yn 2500-1000 f. Kr. yn Poalen en de Oekraïne. Fan de 5e ieu ôf wreide harren gebiet hiel bot út. Tsjintwurdich bestiet tusken de Slavyske folken allinnich noch taalbesibbens.