Oekraïne
|
|||||
| Offisjele taal | Oekraynsk | ||||
| Haadstêd | Kiev | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
603.700 km² 0% |
||||
| Ynwenners (2004) | 47.732.079 | ||||
| Munt | Hryvnia (UKH) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Nasjonale feestdei | - | ||||
| Lânkoade | UKR | ||||
| Ynternet | .ua | ||||
| Tillefoan | 380 | ||||
Oekraïne is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Kiev en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Viktor Joesjtsjenko.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
Lizzing [bewurkje seksje]
Oekraïne wurdt begrinzge troch:
- Wyt-Ruslân yn it noarden;
- Ruslân yn it noardeasten;
- de Swarte See yn it suden;
- Moldaavje, Roemeenje en Hongarije yn it súdwesten;
- Slowakije en Poalen yn it westen.
Lânskip [bewurkje seksje]
Oekraïne is it twadgrutste lân fan Europa nei Ruslân. It lân hat in oerflak fan 603.7000 km² en in kustline by de Swarte See is 2.782 km lang.
It lânskip is meast flak mei de fruchtbere Pontyske steppe yn it suden en hat ferskillende plato's. De wichtichste dêrfan is it Donets(Donbass)plato yn it uterste easten fan it lân.
In part fan de Karpaten rint troch it westen fan Oekraïne. De heechste berch yn dat gebiet is de Hoverla (2.061 m). Yn it easten binne noch wat heuvels. It heechste punt op it skiereilân Krim is de berch Roman Kosch (1.545 m). It wetter fan de rivieren Dnjepr en Desna komt út it noarden wei en streamt fia Kiev nei de Swarte See. Troch it westen streame Dnjestr, Proet, Westlike Boech en Súdlike Boech. Yn it easten is de Siwerskyj Donez in sydrivier fan de rivier de Don dy't troch Ruslân streamt. De kust fan de Swarte See bestiet út in protte en riviermûnings, wylst de kust by de Krim just rotseftich is.
Oekraïne hat in tuskenbeiden klimaat. De Krim hat in Middellânske seeklimaat. Yn it noarden en westen falt mear rein as yn it easten en súdeasten. Yn de winter wurdt it op de Krim net sa kâld. Nei it noarden ta wurdt it winterdeis in stik kâlder. Yn de simmer is de temperatuer yn it hiele lân frij heech.
Fan de befolking wennet 67% yn de steden, de oare 33% op it plattelân. De fiif grutste stêden binne Kiev (de haadstêd), Kharkiv, Donetsk, Dnjepropetrovsk en Odesa, dy't allegear mear as 1.000.000 ynwenners ha.
Skiednis [bewurkje seksje]
Sûnt de âldheid hat it steppegebiet fan Oekraïne bewenne west troch hieltyd oare folken: de Skyten (7e ieu f.Kr. - 3e ieu f.Kr.), Goaten en Hunnen (4e ieu - 5e ieu), Slaven (6e ieu) en Mongoalen (13e ieu).
Yn de 8e ieu fearen Wytsingen oer de rivieren yn East-Europa en setten har nei wenjen yn Oekraïne. De Wytsingen fermongen har mei de oarspronklike Slavyske befolking. De Wytsingen kamen foar in grut part út Sweden. Der wienen twa groepen Wytsingen, de Wareger en de Rus. Dy twa groepen wienen beskiedend foar de stifting fan de earste Eastslavyske steat, it Kievske Ryk. Om 1200 hinne rekke de ienheid yn dat ryk wei. Om 1240 oerweldigen de Mongoalen it Oekraïnske part fan it eardere ryk.
In kearpunt yn de skiednis fan Oekraïne wei de ynliving fan Galysje-Wolynje, steatkundich sjoen de opfolger fan Kiev, troch Poalen (1340-1349). Nei de personele uny tusken beide lannen (1386) rekke Oekraïne stadichoan hieltyd fierder ûnder Poalske ynfloed. In protte boeren flechten wei nei de kozakken dy't harren selsstannige posysje wol tsjinoer Poalen yn stân hâlde koenen.
By it Bestân fan Androesjovo fan 1667 waard it gebiet fan Oekräine troch Poalen en Ruslân ferparte. Yn 1764 waard de lêste hetman ôfsetten en yn 1783 waard it liifeigenskip ynfierd. Nei de Poalske dielingen fan 1772, 1793 en 1795 wie it grutste part fan Oekraïne ûnder Russysk bewâld kaam. De 19e ieuske opposysjebeweging tsjin it tsarisme krige yn Oekraïne al gau in nasjonalistysk krakter en rûn yn maart 1917 yn Kiev út op de foarming fan in sintrale Rada (Ried) as fertsjintwurdiging fan Oekraïnske politike streamingen. It útroppen fan Oekraïne ta Folksrepublyk yn novimber 1917 late ta in konflikt mei de sintrale bolsjewistyske regearing, dy't wegere om de oerwegend linksdemokratyske Rada te erkennen. Yn jannewaris 1918 folge de proklamaasje fan Oekraïne as soevereine steat. Dêrop bruts yn Kiëv in troch de bolsjewisten stipe opstân út. De Rada koe har hanthavenje troch frede te sluten mei de Sintralen en dêrnei mei help fan Dútske troepen de oarder werstelle.
Nei de boargeroarloch en de Poalsk-Russyske Oarloch slute Oekraïne yn desimber 1922 it steatsferdrach ta konstituearring fan de Sowjet-Uny. Besikingen nei 1939 troch Oekraïnske nasjonalistyske aktivisten om de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldkriich foar eigen doelen te brûken, rûnen fêst op de politike belangen en de rasistyske foaroardielen fan de Dútsers, dy't in grouwélich skrikbewâld fierden. Nei de Twadde Wrâldkriich bleaunen oant en mei it begjin fan de jierren '50 yn de westlike Oekraïne kloften partisanen aktyf.
Yn de twadde helte fan de 20e ieu ûntwikkele Oekraïne har ta ien fan de wichtichste en wolfarrende Sowjetrepubliken fan de Sowjet-Uny. Yn 1954, ûnder it bewâld fan Chroesjtsjov, waard it skiereilân de Krim oerhevele fan Rusland nei Oekraïne.
Nei de steatgreep yn Moskou ferkleare it Oekraïense parlemint har op 24 augustus 1991 ûnôfhinklik.
Bestjoerlike yndieling [bewurkje seksje]
Oekraïne is opdield yn 24 oblasten, ien autonome republyk en twa steden mei in bysûndere status.
Oblasten:
Demografy [bewurkje seksje]
Befolking [bewurkje seksje]
Neffens de Oekraïnske folkstelling fan 2001, meitsje etnyske Oekraïners 77.8% fan de befolking út. Oare befolkingsgroepen binne Russen (17.3%), Wyt-Russen(0.6%), Moldavjers (0.5%), Krim-Tartaren (0.5%), Bulgaren (0.4%), Hongaren (0.3%), Roemenen (0.3%), Poalen (0.3%), Joaden (0.2%), Armeenjers (0.2%), Griken (0.2%) en Tartaren(0.2%). De yndustrialisearre gebieten yn it easten en súdeasten binne it tichtbefolke en 67.2 persint fan de befolking wennet yn stedske gebieten.
Taal [bewurkje seksje]
It Oekraynsk is de offisjele taal fan Oekraïne. Dizze taal is nau besibbe oan it Russysk. Fan de befolking hat 67% it Oekraïynsk as memmetaal en 24% it Russysk. De lêste neamde taal wurdt benammen sprutsen op de Krim en de eastlike oblasten Donetsk en Loehansk. Yn it westen sprekt in lytse minderheid ek Hongaarsk, Poalsk en Roemeensk. Op de Krim sprekt noch in minderheid it Krimtataarsk.
Doe't Oekraïne noch in part fan de Sowjet-Uny wie, waard kennis fan de eigen taal troch de Kommunisten net oanmoedige, de befolking moast Russysk praten. Nei de ûnôfhinklikens bloeide de taal wer op. Lykwols leit it brûken fan it Oekraïynsk noch hieltyd gefoelich by de etnyske minderheden yn it lân, benammen by de 15 miljoen Russen.
Religy [bewurkje seksje]
De grutte mearderheid fan de Oekraïners is kristlik. It kristendom is sûnt 988 de oerhearskende godstsjinst fan it lân. Dat jier besleat foarst Fladimir de Grutte him ta it kristendom te bekearen en lit him dopen. Goed trije fearn fan de befolking heart ta de Eastersk-Ortodokse Tsjerke, om-ende-by acht prosint by de Oekraïensk-katolike Tsjerke en fierders wenje yn it lân 300.000 Joaden en sa' 500.000 moslims.
Ekonomy [bewurkje seksje]
BYP per persoan is $7.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 9% lânbou, 32,2% yndustry en 58,8% tsjinsten.