Goaten
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
De Goaten soenen neffens oerlevering út is suden fan Skandinaavje (Sweden) komd wêze. Neffens guon is it eilân Gotlân yn de Eastsee nei harren ferneamd. Skiedkundigen binne it hjir net oer iens. Guon geane derfan út dat dizze ferhalen yn wêzen klopje, ek om it foarkommen fan Goaten yn dizze krite. Oaren twifelje oan dizze ôfkomst, en tinke dat it oer twa ferskate folken giet mei nammen dy't tafallich op inoar lykje.
Mear wissens hawwe wy oer it tiidrek koart foar it begjin fan de jiertelling. De Goaten wennen doe oan wat no de Poalske kust is. Argeologen kinne har oerbliuwsels dêr as de Wielbark-kultuer. Yn de twadde en tredde ieu wreiden de Goaten har út nei it suden, oer Poalen, Wyt-Ruslân en Oekraïne.