Tsjernobyl

Ut Wikipedy
Tsjernobyl
Чорно́биль
Oblast Kiëv
Oblast Kiëv
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Kiëv (oblast)
Rayon Ivankiv (sûnt 1986)
Sifers
Ynwennertal 500 (rûsd) (2010)
Hichte 140 m
Oar
Stifting 1193

Tsjernobyl (Russysk: Черно́быль — Oekraynsk: Чорно́биль) is in lytse stêd oan de rivier Pripjat, yn de oblast Kiev, yn it noarden fan de Oekraïne, net fier fan de grins mei Wyt-Ruslân. It plak waard ferneamd nei it ûngemak yn de tichteby lizzende kearnreäktor op 26 april 1986. De ionisearjende strieling dy't it gefolch fan dat ûngemak wie, is dêr noch sa sterk, dat de autoriteiten it net fertroud fine om dêr te wenjen. Dêrom is Tsjernobyl, dêr't eartiids sa'n 14.000 minsken wennen, no in spûkstêd. Itselde jildt foar de net fier ôf lizzende stêd Prypjat, dy't eartiids 55.000 ynwenners hie. Prypjat falt yn de saneamde ferfrjemdingssône, dy't yn in striel fan 30 kilometer om de kearnsintrale rint en dy't net frij tagonklik is. De tritichkilometersône is sûnt 15 augustus 2012 neffens Oleg Bondarenko, lid fan de regearingskommissy dy't oer Tsjernobyl giet, wer bewenber omdat it strielingsnivo genôch sakke is. Griente en fruit út de lânsdouwe kinne lykwols noch hieltyd net iten wurde, meidat de strieling dêrfoar noch wol te heech is.

Yn de regio om Tsjernobyl hinne is de strieling sa sterk net, mar ek dêr wenje noch hieltyd fiif miljoen minsken yn besmette kontreien.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]