Eastersk-Ortodokse Tsjerke
De Eastersk-Ortodokse Tsjerke, ek wol oantsjutten as Ortodokse Tsjerken, beskôgje harsels as de fuortsetting fan de iene, wiere, hillige, katolike en apostolyske tsjerke. Sy neame harsels ek wol "Apostolysk Ortodokse Katolike Tsjerken". It wurd ortodoks hâldt yn 'goede oanbidding' en 'krekte lear', en wurdt yn dy sin ek wol brûkt as oar wurd foar 'rjochtsinnich' of 'strang yn de lear'. De Easterske ortodoksen oanfurdigje allinnich de dogma's dy't fêstlein binne yn de earste sân oekumenyske konsyljes.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn de 11e ieu (1054) fûn it grutte skisma plak tusken it eastlike en it westlike part fan de destiids kristlike wrâld. Dat liede ta de skieding fan de Tsjerke yn de Easterske-Ortodoksy en de Roomsk-katolike Tsjerke. De oarsaak dêrfoar moat socht wurde yn de kulturele en teologyske ferskilen dy't sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk hieltyd mear tusken East en West ûntstien wienen, lykas yn de politike ferhâldingen.
De paus, as patriarch fan Rome, kleemde it gesach oer de eastlike patriargaten wylst de patriarch fan Konstantinopel fan betinken wie dat hy as leider fan it "nije Rome" it measte rjocht hie om as spirituele lieder te fungearjen fan de hiele Tsjerke.
In oar wichtich punt dat it skisma yn de hân wurke wie de tafoeging troch de Westerske Tsjerken fan it Filioque oan de leauwensbelidenis of het Kredo fan Nicea-Konstantinopel. Omdat dizze tafoeging net troch in oekumenysk konsylje oannommen waard, woenen de Easterske Tsjerken dizze net akseptearje. Sy beskôgen it Filioque as teologysk ûnkrekt.
As gefolch fan de ûnienigens eks-kommunisearre paus Leo IX de patriarch fan Konstantinopel, en die Michaëlus Caerularius op syn beurt de paus yn de ban.