Albaanje
Ut Wikipedy
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Albaneesk | ||||
| Haadstêd | Tirana | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
28.748 km² 4,7% |
||||
| Ynwenners (2003) | 3.582.205 | ||||
| Munt | Lek (ALL) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Nasjonale feestdei | 28 novimber | ||||
| Lânkoade | ALB | ||||
| Ynternet | .al | ||||
| Tillefoan | 355 | ||||
Albaanje is in lân op de Balkan. De haadstêd is Tirana en de presidint fân de republyk is sûnt 2002 Alfred Moisiu.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Albaanje wurdt begrinzge troch:
- Montenegro yn it noardwesten;
- Servje yn it noardeasten;
- Eardere Joegoslavyske republyk fan Masedoanje yn it easten;
- Grikelân yn it súdeasten;
- de Adriatyske See yn it westen.
[bewurkje seksje] Lânskip
Albaanje bestiet benammen út heuvel- en bercheftich gebiet, behalve oan de Adriatyske kust. De heechste berch is de Korab (2.764 m) op de grins mei Masedoanje. De belangrykste rivieren fan it lân binne de Drin, de Mat, de Shkumbin, de Vijose en de Seman, mar dizzen binne meastentiids slim te befarren. Mear as in tredde fan it lân bestiet út bosken en moerassen en in selde part is greidlân; mar ien fiifde fan it lân is kultivearre. Neist Tirana binne de belangryke stêden Vlora, Durras, Shkodar en Korça.
Oan de kust is it klimaat typysk Mediterraansk te neamen, mei hite, droege simmers en mylde, wiete winters. It binnenlân mei syn bergen hat kâlde, strange winters en mylde simmers.
[bewurkje seksje] Skiednis
Albaanje wie sûnt de 15e ieu part fan Turkije. Op 28 novimber 1912 rôp it lân de ûnôfhinklikens út. It waard 29 july 1913 erkend as ûnôfhinklik prinsdom, mar mei minder gebiet as de Albanen ta harren lân rekkenen. Yn de Earste Wrâldkriich waard it nije lân troch ferskate lannen ynnaam, mar nei de oarloch, yn 1921 waard de ûnôfhinklikens befêstige, wer mei de grinzen fan 1913. Yn 1925 waard Albaanje in republyk ûnder Achmed Zogû, dy't yn 1928 kening waard. Yn de tritiger jierren besocht Itaalje it bewâld oer Albaanje te krijen, en naam it lân yn 1939 yn, oant Dútslân de besetting yn 1943 oernaam.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Albaanje in kommunistyske republyk. Der wie hieltyd noch in drang nei in grutter Albaanje, mar om't Metoheija, it lân oer de eastgrins, no part wie fan Joegoslaavje, dat as protektor fan Albaaanje fungearre, koe dêr net in soad oan dien wurde. Oarsom wie de relaasje mei Grikelân yn it súden net goed, om't in part fan it âlde Epirus part fan Albaanje wie, wylst Grikelân de Griken dêr part fan Grikelân meitsje woe. Doe't Joegoslaavje him yn 1948 ôfkearde fan de Sowjetuny, rekke Albaanje, dat dat net die, isolearre. Doe't de Sowjetuny en Joegoslaavje letter wer bannen foarmen fielden de Albanen harren allinne litten, en yn 1961 rjochte it lân him op kommunistysk Sina. Yn 1992 foel it kommunistyske regear, mar de demokratisearing en privatisearring soargen foar in soad problemen en skandalen, en alle jierren emigrearje in soad Albanen nei de buorlannen of fierder fuort.
[bewurkje seksje] Demografy
It lân leit der rûch hinne en hat natuerlike grinzen mei oanswettende lannen en wie dêrtroch hat it lân yn it ferline syn etnyske eigenheid hâlde kinnen. Likernôch 90% fan de befolking is etnysk Albaneesk, 3% is Gryksk en dan binne der noch Flach-, Bulgaarske, Servyske en sigeunerminderheden. Albaanje wurdt skaaimerke as in Balkanlân, mar ûnderskiedet him op ferskate mêden fan de lannen deromhinne. De minsken binne foar it grutste part etnysk Albaneesk en
[bewurkje seksje] Taal
De Albaneeske taal is in aparte taalgroep yn de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Albaneesk wurdt ek praat yn Kosovo. Minderheidstalen yn Albaanje binne it Massedoanysk en Gryksk.
[bewurkje seksje] Religy
It tal minsken dat oan de islam wurd rûsd op 70% fan de befolking. In twa-tredde part fan de minsken soe kristlik wêze. Yn de Kâlde Kriich wie Albaanje in ateïstyske steat en it praktisearjen fan it leauwen wie ferbean. De tsjerken en moskeeën wienen fan 1967 oant en mei 1990 sletten. De sifers binne basearre op boarnen fan foar de Twadde Wrâldkriich.
[bewurkje seksje] Ekonomy
BYP per persoan is $5.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 21,2% lânbou, 20,5% yndustry en 58,3% tsjinsten. Nei de kommunistyske tiid waard de ekonomy yn 1992 privatisearre. De ekonomy woe nei de Kâlde Kriich minder hurd op gong komme as yn de oanswettende Balkan lannen. De ynflaasje is lykwols laach en stabyl. Likernôch 15% fan it BYP wurdt betelle troch Albaanjers om utens dy't it jild op bankrekkens fan famyljeleden stoarte. Enerzjytekoarten en in minne ynfrastruktuer meitsje it lân net sa oantreklik foar bûtenlânske ynvestearders. Mei subsydzje fan de Jeropeeske Uny besiket Albaanje syn diken en spoardiken te ferbetterjen.
[bewurkje seksje] Militêr
- Struktuer
De Albaanske definsje hat in kommando foar dêr't de lânmacht, loftmacht en marine ûnder falle. In stypjende ienheid mei dy't ek ferantwurdlik is foar de logistyk. En in apart kommando foar training en oplieding (2009).
- Mankracht
Yn 2004 wienen der 944.592 Albaanske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 800.665 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2009 wienen dat der 34.778.
- Budzjet
Persintaazje fan it BYP 1,49 % (2005).
[bewurkje seksje] Transport
De wichtichste fleanhaven fan Albaanje is Tirana Rinas Mother Teresa deunby Tirana.
Albaanje hat (2008):
7.020 km ferhurde dyk.
447 km spoardyk.
43 km farwetter.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- (in) Presidint fan Albaanje
- (in) Parlemint fan Albaanje


