Poalen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rzeczpospolita Polska
Flagge fan Poalen Wapen fan Poalen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Poalen
Offisjele taal Poalsk
Haadstêd Warsjau
Steatsfoarm Parlemintêre republyk
Gebiet
% wetter
312.685 km²
2,6­%
Ynwenners (2010) 38.186.860
Munt Zloty (PLN)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 3 maaie
Lânkoade POL
Ynternet .pl
Tillefoan 48

Poalen is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Warsjau en de presidint fan de republyk waard yn 2010 Bronisław Komorowski.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

Poalen wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

De geografy yn Poalen is yn fiif skiften te ûnderskieden. Yn it noardwesten de Baltyske seekust, dy't by de Baai fan Pommeren begjint en einiget yn 'e Golf fan Gdansk. Sintraal Poalen en noard-Poalen hearre by it Noard Jeropeeske Leechlân dêr't it lânskip fan troch rivierdellings trochsnien is. Fan de see ôf komt nei de leechlannen it heuvelgea, en in gea mei marren dy't foarme is yn de Pleistoseen iistiid. Besuden it leechlân binne de regio's Sileezje en Mazovje te finen, dêr't yn de iistiid grutte falleien foarme binne. Fierder nei it suden lizze de Poalske berchregio, de Karpaten en de Sudeten.

De grutste rivieren fan Poalen binnen de Wisla (ek bekend as Weichsel) en de Oder. It grutste mar is Sniardwymar 13,8 km², yn it Mazurysk marrengebiet. Heechste berch fan it lân is de Rysy mei 2499 meter, dy't yn de Tatra leit, in ûnderdiel fan de Karpaten. Yn it easten fan Poalen leit it grutste restant fan it Eurpeeske oerbosk, it oerbosk fan Bialowieza.

Utsein it prachtige lânskip binne Krakow, Warsjau, Wroclaw en Gdansk populêre reisdoelen.

Stêden[bewurkje seksje | edit source]

Warsjau, mei it kastiel en de katedraal op 'e eftergrûn.
Poznan.
Alde sintrum fan Gdansk.
De 5 grutste stêdekloften
stêdekloft provinsje tal ynwenners (2005)
1 Katowice Sileezje 3.487.000
2 Warsjau (Warszawa) Masoovje 2.679.000
3 Krakau (Kraków) Lyts Poalen 1.400.000
4 Lodz (Łódź) Lodz 1.300.000
5 Trijstêd (Trójmiasto) Pommeren 1.100.000

De trijestêd is de stêdekloft fan Gdansk, Sopot en Gdynia.

De 10 grutste stêden
stêd tal ynwenners (2009)
1 Warsjau (Warszawa) 1.711.466
2 Krakau (Kraków) 754.854
3 Lodz (Łódź) 744.541
4 Breslau (Wrocław) 632.240
5 Poznan (Poznań) 556.022
6 Gdansk (Gdańsk) 455.830
7 Stettin (Szczecin) 406.427
8 Bromberch (Bydgoszcz) 358.029
9 Lublin 350.392
10 Katowice 308.724

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Poalsk Litouske Uny
Opskowe fan de grinzen nei de Twadde Wrâldkriich

Om 500 f.Kr. waard it gebiet fan it hjoeddeiske Poalen bewenne troch Germaanske folken. Yn de 2e ieu ûntstie in lytse folkeferfarren en begûn sommige folken û.o. de Goaten en Fandalen stadichoan yn súdlike en eastlike rjochting wei te lutsen. Op de ein fan de 5e ieu wennen Slavyske folken yn it gebiet om Poznan en Gniezno. Harren earste foarst wie Miesko I dy't him yn 966 bekeare litten hat ta it Kristendom en de ferskillende Slavyske folken tusken de rivieren Oder en Wisla ûnder ien bewâld ferienige. Syn soan Boleslaw de Dappere waard ta earste kening kroand, makke Kiev ta haadstêd en ferstevige de posysje fan de jonge steat yn Midden-Europa. It wurd Poalen is ôfkomstich fan it Poalske wurd "Pole", dat fjild of flakte betsjut. Dêrnei stie Poalen bleat oan bûtenlânske oanfallen en ynlânske twisten.

Under Wladimir de Koarte (± 1320) waard de ienheid fan Poalen werstelle. Syn soan Kasimir de Grutte (1313-1370) ferovere dielen fan Galysje en Oekraïne. In pakesizzer fan Kasimir boaske Jagiello, grutfoarst fan Litouwen. Hjirtroch ûntstie de Poalsk-Litouwske Uny en berikte Poalen syn grutste útwreiding. Kasimir IV (1447-1492) slagge deryn in ein te meitsjen oan it bestean fan de Dútske Oarde troch dy foarfêst te ferlein. As gefolch dêrfan waard it westen fan Prusen Poalsk en it easten dêrfan ûnderhearrich oan Poalen.

Under de keningen Sigismund I en Sigismund II belibbe Poalen yn de 16e ieu in kulturele bloeitiid. Ynlânsk rûn de macht fan de keningen lykwols tebek. Poalen waard in keninkryk mei in keazen kening. Yn de twadde helte fan de ieu ûntstie de Poalske lândei, besteande út kening en Senaat. Fan 1572 ôf hie de kening gjin macht mear en wie sprake fan in 'keninklike republyk', mei meastentiids bûtenlânske foarsten as keningen.

Under de kontrareformaasje ferlear Poalen hieltyd mear lân oan de omhinne lizzende steaten Ruslân, Sweden, Prusen en it Osmaanske Ryk. Troch de Poalsk dielingen fan 1772, [1793]] en 1795 gie de Poalske steat lang-om-let ten ûnder. Napoleon brocht Poalen wer te libben mei de stifting fan it grut-hartochdom Warsjau (1807-1814), mar nei de Frânske tiid rekke it lân opnij ûnder Russysk, Prusysk en Eastenryks bewâld. Yn Russysk Poalen brutsen yn 1830 en 1863 opstannen út tsjin it Russifikaasjebelied fan Ruslân. Dy opstannen waarden hurd en bloedich ûnderdrukt.

Nei de Earste Wrâldkriich waard yn 1918 in nij Poalen stifte, dat syn ûnôfhinklikens tsjin de Sowjetuny oer súksesfol ferdigen yn de Poalsk-Russyske Oarloch fan 1920-1921. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard it lân dield tusken Nazy-Dútslân en de Sowjetuny. De Twadde Wrâldkriich waard in ramp foar Poalen, wêrby 20% fan 'e befolking ferstoar en it lân swier troffen waard. Nei de oarloch waarden de east- en westgrins nei it westen ta ferskood, mei in grutte twongen folksferhuzing as gefolch. Mear noch as oare lannen dy't troch de Sowjetuny op Dútslân ferovere wienen, kaam Poalen ûnder direkte ynfloed fan 'e Sowjetuny.

Yn 1980 kaam it ta arbeidersûnrêst yn Gdansk troch de frije fakbûn Solidariteit mei Lech Walesa as lieder. Yn augustus 1989 wûn dit bûn de ferkiezings, de earste frije ferkiezings efter it [Izeren Gordyn]. Letter stoarten alle oare kommunistyske rezjyms fan 'e oare Midden- en East-Jeropeeske lânnen yn, mei as symboalysk hichtepunt de fal fan'e Berlynske Muorre.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Woiwodschappen fan Poalen

Yn Poalen binne 16 woiwodschappen of provinsjes dy't wer ûnderferdield binne yn 379 distrikten (powiats). Dy powiats hawwe yn totaal wer 2478 gemeentes (gmina's).[1]

De 16 woiwodschappen of provinsjes binne:

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Let goatyske houten tsjerke yn de Karpaten Haczów

It meastepart fan de Poalen binne Katolyk en hawwe de Poalske nasjonaliteit. By de lêst folkstelling fan 2002 waarden 36.983.700 Poalen registrearre, oftewol 96,74% fan de befolking. 471,500 minsken (1.23%) seinen dat se in oare nasjonaliteit hiene. 774,900 minsken (2.03%) hawwe har nasjonaliteit net oanjûn. Nasjonaliteiten fan oare etnyske groepen binne Sileezjers, Dútsers, Oekraïners, Letten, Russen, Joaden en Wyt-Russen.

Yn it ferline wie der in soad ymport fan oare lannen en fan in oar leauwen, it Joadendom bygelyks. Dat feroare nei 1939, omdat der troch de Nazy Holocaust in soad Joaden fermoarde wiene. Nei de Twadde Wrâldkriich is Poalen kommunistysk wurden.

Yn 'e ôfrûne jierren is it ynwennertal omleech gien troch emigraasje en in delgong fan it bertesifer. Yn 2006 hat it regear de Poalske befolking op 38,536,869 rûze, dat is in bytsje mear as mei de rûzing fan 2002 (38,230,080). Sûnt Poalen by de Jeropeeske Uny heart, hat in grut tal har nei wenjen setten yn West Jeropeeske lannen lykas Grut-Brittanje en Ierlân. Guon organisaasjes sizze dat minsken weiteagen om de hege wurkleazens (10.5%) en de kâns om in better libben te krijen.

Der binne ek lytse Poalske minderheden yn 'e buorlannen sa as de Oekraïne, Wyt-Ruslân en Letlân, en noch in stikmannich. De grutste tal fan de Poalske folkgroep bûten Poalen wennet yn 'e Feriene Steaten fan Amearika.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De offisjele taal is Poalsk. It is in West-Slavyske taal yn it Slavyske talenskift. It Russysk, Dútsk en it Ingelsk wurde it meast sprutsen as twadde taal. Ingelsk, dat sûnt inkele jierren as twadde taal op skoalle leard wurdt, mear troch de jongerein, Russysk mear troch de âlderein. It Russysk is lange jierren as twadde taal op skoallen les yn jûn en wurdt mei as gefolch fan taalbesibbens noch hieltyd troch in protte Poalen sprutsen.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2002 wie 89,8% Roomsk-katolyk, 1,3% wie Poalsk-orthodoks (benammen in Wytrussyske minderheid yn Podlachje), 0,3% protestantsk en 8,3% hie gjin religy opjûn. It tal Poalske katoliken nimt stadichoan ôf, yn 2008 wie 88,4 % roomsk-katolyk. It tsjerkgean nimt hurder ôf, gie yn 1998 noch mear as de helte fan de roomsk-katoliken nei tsjerke, yn 2006 rûn dat tebek nei 46 %, en yn 2007 nei 44% en 38% yn 2008.

Ynternasjonale gearwurking[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt de oprjochting op 24 oktober 1945 is Poalen al lid fan de Feriene Naasjes, en fan 14 maaie 1955 oant 1991 wie Poalen ek stiftend lid fan it Warsjaupakt. Mar sûnt 1999 is it lân lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 29 novimber 1991 fan de Rie fan Jeropa. Poalen is sûnt 1 maaie 2004 lid fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.


Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

BYP per persoan is $16,200 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 4.1% lânbou, 31,6% yndustry en 64,4% tsjinsten.

Militêr[bewurkje seksje | edit source]

Struktuer

De Poalske definsje hat in lânmacht (ynklusyf marine) en loftmacht.

Mankrêft

Yn 2008 wienen der 9.741.508 Poalske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 7.937.840 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 257.605.

Budzjet

Militêr budzjet $3,5 miljard (2002).
Persintaazje fan it BYP 1,7 % (2002).

Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Wichtichste havens binne Gdansk, Gdynia, Swinoujscie en Szczecin. Der binne 10 ynternasjonale fleanfjilden yn Poalen, de grutsten binne dy fan Warsjau, Krakau, Katowice, Gdansk en Breslau. Yn Poalen is in totaalferbod op alkohol yn it ferkear. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Poalen hat (2006):
295.356 km ferhurde dyk.
23.072 km spoardyk.
3.997 km farwetter.

Oare plakken[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Polska en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.



Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens:

Fuotnoat:

  1. Poals Buro foar Statistiek, 2008