Kaliningrad
Ut Wikipedy
Kaliningrad (Калининград; oant 1946 Keningsbergen; Dútsk: Königsberg) is in stêd yn Ruslân en de haadstêd fan de oblast (provinsje) Kaliningrad. Der wenje likernôch 420.000 minsken (2008). Nei de ein fan de Sowjetuny yn 1991 bleau it in eksklave tusken Poalen en Litouwen oan de Eastsee. Kaliningrad leit yn de histoaryske regio East-Prusen, en hearde oant 1945 by Dútslân.