Wladimir Pûtin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wladimir Pûtin

Wladimir Wladimirovitsj Pûtin, (Russysk: Владимир Владимирович Путин, (Leningrad, 7 oktober 1952) is in Russyske politikus en de eardere presidint fan Ruslân. De ôfkoarting fan syn naam (VVP) wurdt wol brûkt as syn bynamme en komt oerien mei de Russyske ôfkoarting foar "Bruto binnenlânsk produkt" (VVP). Pûtin wurdt troch syn politike tsjinstanners as diktator sjoen, om syn ûnderdrukking fan de parsefrijheid en syn hurde optreden tsjin demonstraasjes en opstannen tsjin it regearingsbelied. By it meastepart fan de Russen is hy lykwols populêr omdat hy stabiliteit, wolfeart en selsrespekt brocht hat. Syn presidinsjele termyn rûn op 7 mei 2008 ôf. Hy waard opfolge troch Dmitri Medvedev. Op 8 maaie waard Pûtin beneamd ta premier fan Ruslân.

Hoewol't formeel sjoen binnen it Russyske bestjoerssysteem de presidint boppe de premier stiet, liket yn de praktyk Pûtin as premier noch altiten de rol fan werklike Russyske lieder te spyljen. Sa treedt hy by wichtige barens meastentiids op as wurdfierder ynstee fan Medvedev en krijt Pûtin op televyzje folle mear stjoertiid as eardere premiers. Op 4 maart 2012 waard hy werkeazen foar in tredde termyn.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen