Ruslân

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Российская Федерация
Flagge fan Ruslân Wapen fan Ruslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ruslân
Offisjele taal Russysk
Haadstêd Moskou
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
17.075.200 km²
0,5­%
Ynwenners (2006) 142.893.540
Munt Roebel (RUR)
Tiidsône UTC +2 oant +12
Nasjonale feestdei -
Lânkoade RUS
Ynternet .ru
Tillefoan 7

Ruslân, offisjeel Russyske Federaasje, is it grutste lân yn 'e wrâld, en leit foar in part yn Jeropa en foar in part yn Aazje. De haadstêd is Moskou en de presidint fan de federaasje is sûnt 2008 Dmitri Medvedev. De eardere presidint Vladimir Poetin is tsjintwurdich premier. De Russyske Federaasje is in atoommacht en ien fan de G8 lannen. Yn de Feriene Naasjes is Ruslân ien fan de seis lannen mei in permanint feto rjocht.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Iere skiednis

It Kievske Ryk

Oan de midsieuwen ta wie it Jeropeeske part fan Ruslân bewenne troch Slavyske, Baltyske en Finsk-Oegryske stammen. Guon fan de Slavyske folken teagen nei it easten. De súdrussyske steppegea wie bewenne troch nomadyske folken. It Grutbulgaarske ryk rikte tusken 552 en 745 fier nei it easten, oant op wat hjoed de dei Russysk grûngebiet is. Om it jier 654 parte Grutbulgarije him yn trije dielen. Tusken de 10e en 14e ieu hearde it gebiet tusken Wolga en Kama ta de Wolgabulgaren. Benoarden it Grutbulgaarske Ryk ûntstie yn 862 it Kievske Ryk mei as haadstêd Kiev. It ynwennertal fan it Kiewske Ryk yn de 12e ieu wurdt rûze op 4 oant 9 miljoen. Yn 'e lette midsieuwen wie der frijwat striid tusken de Russyske foarsten en dat wie foar de Mongoalen in boppeslach. De Mongoalen dominearren it gebiet yn de 13e oant en mei 15e ieu en hienen harren haadplak oan de Wolga. It foarstedom Muscovy ûntstie yn de 12e ieu en ferovere stadichoan de syn oanswettende foarstedommen. Yn de iere 17e ieu ferfette in nije Romanov Dynasty de ekspânsjepolityk nei de Stille Oseaan. Peter I (1682-1725) wreide út nei de Baltyske See en it lân krige it Russyske Ryk as namme. Yn de 19e ieu krige it Russyske Ryk noch mear gebiet derby yn Jeropa en Aazje. It ferlies fan de Russyske-Japaneeske Kriich fan 1904-05 late ta in revolúsje yn 1905, dy't ta herfoarmingen yn it parlemint liede soe.

[bewurkje seksje] Sowjetuny

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Sowjetuny.

Yn de Earste Wrâldkriich wie it lân earm en it leger hie net folle súkses. It folk wie tsjin de Tsaar en yn de measte stêden wie reboelje. De kommunisten mei Vladimir Lenin as lieder griepen de macht yn de Oktoberrevolúsje en foarmen de Sowjetuny. It bewâld fan Josef Stalin makke it kommunisme sterker yn de Sowjetuny wêryn't Ruslân hieltyd dominanter waard. Nei de oanfal fan Nazi-Dútslân fan 22 juny 1941 kaam de Sowjetuny oan de kant fan de alliearden yn de Twadde Wrâldkriich. Yn de earste moannen fan de kriich stoaren miljoenen soldaten fan it Reade Leger, letter ferhongeren by it belis op Leningrad mear as ien miljoen boargers. It earste súkses fan it Reade Leger wie de ferdigening fan Moskou yn de winter fan 1941-42. It kearpunt fan de kriich wie de Slach om Stalingrad yn de winter fan 1942-43. Yn maaie 1945 wûn it Reade Leger de Slach om Berlyn en dêrmei wie de kriich wûn foar de Sowjetuny. Meiïnoar binne der yn it tiidrek 1941-1945 op syn minst 20 miljoen minsken stoarn yn de Sowjet gebieten, hast de helte dêrfan wienen boargers. Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich boazen de spanningen tusken de Sowjetuny en de oare alliearden oan.

Lannen fan it Warsjaupakt.

By de fredesûnderhannelingen wreide de Josef Stalin de macht fan de Sowjetuny út yn Poalen, Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Bulgarije en East-Dútslân. Yn dy lannen bleauwen hûnderttûzenen Sowjet soldaten stasjonearre. De Kâlde Kriich dominearre oant 1989 de wrâldpolityk. De groei fan de ekonomy fan de Sowjetuny stûke yn de Kâlde Kriich oant Michail Gorbatschow mei de glasnost (iepenheid) en perestroika (herfoarming) it kommunisme besocht te modernisearjen. It moderne kommunisme joech minsken yn de 'besette' lannen de romte om yn ferset te kommen. Yn juny 1991 waard Boris Jeltsin keazen as presidint by de earste Russyske presidintsferkiezings fan de Russyske Dielrepublyk. Yn augustus 1991 besochten konservative kommunisten de macht te gripen mar de steatsgreep wie fergees. Nei de mislearre steatsgreep besluten de Russyske presidint Boris Jeltsin en fertsjinwurdigers fan de oare Sowjet republiken om de Sowjetuny op te heffen op 31 desimber 1991.

[bewurkje seksje] Russyske federaasje

Under Boris Jeltsin wurde yn Ruslân dielen fan de ekonomy privatisearre en demokratyske herfoarmingen trochfierd. Lykwols gong it ekonomysk hieltyd, de ynflaasje gong omheech en de federaasje rekke polityk ynstabyl. Neffens in protte Russen is dat sûnt it presidintskip fan Vladimir Putin yn 2000 better wurden. De hege prizen foar grûnstoffen en belestingherfoarmingen stypje dy ûntjouwing.

Ferskate lannen ferklearren har nei it oprjochtsjen fan de nije Russyske Federaasje ûnôfhinklik fan Ruslân. Lykwols liet dat net ta yn Tsjetsjeenje. De krisis yn Tsjetsjeenje wie foar Vladimir Putin reden om de terrorismebestriding te ferbetterjen, wat de demokrasy beheine. Op 16 april 2009 ferklearret Ruslân de ein fan de Tsjetsjeenje operaasje. [1]

Yn augustus 2008 begjint de Kriich yn Súd-Osseesje. De Russyske Federaasje stipet mei ynset fan militêren de ûnôfhinklikensstriid fan Abkaazje en Súd-Osseesje dy't har los meitsje wolle fan georgje.

[bewurkje seksje] Geografy

Ruslân hat in oerflak fan 17.075.200 km². Der binne yn totaal 20.241,5 km oan lângrinzen, de kustliny is 37.653 km lang. Ruslân wurdt begrinzge troch:

Yn it Jeropeeske diel fan Ruslân is de wichtichste rivier de Wolga. Dat is de langste rivier fan Jeropa en streamt inkeld troch Ruslân. Nei 3.534 km streamt it wetter yn de Kaspyske See. As farwetter ferbynt de Wolga Noard-Jeropa mei Sintraal-Aazje. In belangrike rivier foar de Slavyske steaten is de Dnjepr. Dy begjint westlik fan Moskou en streamt troch Wyt-Ruslân en de Oekraïne, en komt út yn de Swarte See. Troch it Dnjepr-Boech-Kanaal is dy mei de Poalske rivier Boech en mei de Wisla en Memel ferbûn, dêrtroch is de Dnjepr in wichtich farwetter. Oare belangrike rivieren binne de Kama (1.805 km) en Wjatka (1.314 km).

Topografy fan Ruslân

It heechste punt fan Ruslân is de Elbrus (5.642 meter) yn it Kaukasus berchte. De grutste stêden fan de Russyske Federaasje binne:

  1. Moskou (10,1 miljoen ynwenners)
  2. Sint-Petersburch (4,58 miljoen ynwenners)
  3. Novosibirsk (1,42 miljoen ynwenners)
  4. Nizjni Novgorod (1,35 miljoen ynwenners)
  5. Jekaterinenburch (1,26 miljoen ynwenners)

[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling

Subnasjonale ienheden fan Ruslân.

Sûnt 1992 omfet de Russyske Federaasje 89 gebieten mei in ferskaat oan status, te witten:

  • 49 oblasten (provinsjes)
  • 21 selsstannige republiken (okroechs)
  • 6 krajs
  • 1 selsstannich oblast
  • 10 nasjonale regio's (selsstannige distrikten)
  • 2 federale stêden (Moskou en Sint Petersburch)

De selsstannige republiken fan Ruslân beskôgje harren somtiids as soeverein (ûnder mear Tatarstan) of sels as ûnôfhinklik (Tsjetsjeenje). Fierders kinne de grondgebieten fan dizze ienheden inoar oerlaapje. Sa lizze nasjonale regio's meastentiids op it grûngebiet fan in oblast. Sûnt 2000 bestiet tusken al dizze regio's en it nasjonale nivo in tuskenlaach fan sân federale distrikten (federalnyj okroeg). It sintrale regear yn Moskou hat him ta doel steld om it oantal dielgebieten nei likernôch 50 tebek te bringen. De offisjele taal yn al dizze gebieten is it Russysk, mar dêrnjonken wurde ek talleaze tige útinoar rinnende talen sprutsen. Guon fan dy talen fungearje yn selsstannige republiken as de lokale fiertaal neist it Russysk.

[bewurkje seksje] Ekonomy

Ynternasjonaal hannelssintrum yn Moskou. Troch de kredytkrisis wurdt de 612 m hege Ruslân toer net mear boud

BYP per persoan is $14.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 4,7% lânbou, 39,1% yndustry en 56,2% tsjinsten. Nei de Sowjetuny woe Boris Jeltsin it kapitalisme nei Ruslân helje. Tusken 1991 en 1997 gong it BYP mei 42% omleech. Yn 1997 wie der in lytse groei fan 2%, mar troch de finansjele krisis dy't begûn op 17 augustus 1998 waard it wer minder. Sûnt 1999 groeit de ekonomy mei 6% yn 't jier. Dat hat te krijen mei de nijwearde fan de Roebel en de hege oaljeprizen. Mei it stadich groeien fan de ynvestearrings en salaris komt de ynlânske ekonomy wer op gong. Lykwols is der yn it tiidrek 2000-2005 noch in grut ferskil tusken ryk en earm. De middenklasse is yn dy perioade noch hiel lyts. De dominearjende oligarchen en oare rike lju en it banksysteem dat net goed funksjonearret wurdt it kreëarjen fan in middenklasse dreech. In soad banken wurde troch dy rike lju beheart en brûke it jild fan de banken foar lieningen oan bedriuwen dy't oan har keppele binne. Troch de Kriich yn Súd-Osseesje yn augustus 2008 en de ynternasjonale kredytkrisis wurdt ferwachte dat it BYP wer omleech gean sil. AvtoFramos yn Moskou, dy't foar Renault boud, hat it fabryk fan 12 des. 2008 oant en mei 12 jan. 2009 slute moatten. Yn it mega projekt Moscow city is de bou fan de 612 m grutte Ruslân toer yn novimber 2008 stillein, yn febrewaris 2009 is bekend makke dat it projekt útsteld is en dat de toer net boud wurde sil neffens inisjele plenning. [2]

[bewurkje seksje] Befolking

  • Befolking: 144,6 miljoen (2003)
    • Prognoaze: 133,3 miljoen (2015)
  • Befolkingsgroei (trochsnee oer it tiidrek 1975-2000): 0,3% (2003)
    • Befolkingsgroei (trochsnee oer it tiidrek 2000-2015): -0,5% (2003)
  • Stedsbefolking (persintaazje fan de hiele befolking): 73% (2008)
    • Prognoaze: 74,3% (2015)
  • Bern en jeugd - part fan de befolking ûnder 15 jier: 16,2% (2003)
    • Prognoaze: 16,4% (2015)
  • Alderein - part fan de befolking âlder as 65: 11,5% (2003)
    • Prognoaze: 13,3% (2015)
  • Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne poppen: 66,03 jier (2009)
    • Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne froulju: 73,14 jier (2009)
    • Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne manlju: 59,33 jier (2009)
    • Wierskynlike persintaazje froulju dat de leeftyd fan 65 jier hellet (2000-2005): 76,3% (2003)
    • Wierskynlike persintaazje manlju dat de leeftyd fan 65 jier hellet (2000-2005): 44,7% (2003)
    • Wierskynlike persintaazje dat de 60 net hellet: 31,6% (2003)
  • Tal bern de frou: 1,41 (2009)
  • Persintaazje HIV/AIDS: 1,1% (2007)
  • Tal ymmigranten: 0,28 ymmigranten/1.000 ynwenners
  • Ernyske groepen: Russen: 79,8%, Tataren: 3,8%, Oekraïners: 2%, Baskiren: 1,2%, Tsjoevasjen: 1,1%, oar/net bekend: 12,1% (2002)
  • Tal ynwenners per fjouwerkante meter: 8 (2003)
  • Persintaazje minsken boppe de 15 jier dy't skriuwe en lêze kin: 99,4% (2002)
  • Taal: Russysk en in soad minderheidstalen
  • Religy: Russysk-Ortodoks: 80%, Islam: 10-15%, Kristendom: 2%, lyts mindertallen Boedisten en Joaden.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrich

Russian Anthem chorus.ogg
It Russyske folkliet

[bewurkje seksje] Ferwizing nei boarne

  1. Russia declares end to Chechnya 'operation' artikel op CNN Ingelsk
  2. [http://www.gazeta.ru/business/2008/11/21/2890861.shtml Russysk artikel oer it stillizzen fan de bou fan de Ruslân toer

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Ruslân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons Commons: Ruslân – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Ruslân – geografyske en histoaryske kaarten

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen