Sint-Petersburch

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Izaäkkatedraal
Narva-triomfbôge
It grutte paleis fan Peterhof mei de Grutte Kaskade
It Katarinapaleis yn Poesjkin

Sint-Petersburch (Russysk: Санкт-Петербург, Sankt-Peterboerg) is de twadwichtichste stêd fan Ruslân nei Moskou. It is in havenstêd dêr't in soad yndustry is, mar it is ek in wichtich wittenskiplik en kultureel sintrum. Beskiedend is de 18e en 19e ieuske boukeunst, de grêften, grutte lange diken, tunen, parken en paleizen binne foar toeristen tige nijsgjirrich.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Geografy

De rivier de Neva begjint yn de Finske golf. De stêd leit yn it deltagebiet. De stêd is boud op 42 eilannen. Heechwetter is in gefaar foar de stêd omdat de stêd net sa heech boppe seenivo boud is.

[bewurkje seksje] Demografy

Der wenje likernôch 5 miljoen minsken. Al yn it ferline hawwe in soad minsken út it westen har nei wenjen set yn Sint-Petersburch. Yn 2009 wie 89,1 % fan de ynwenners etnyske Russen. Dêrby komme 2,1 % Joaden, 1,9 % Oekraïners, 1,9 % Wyt-Russen en lytsere mienskippen fan Tataren, Kaukazen, Oesbeken en Finnen.

Befolkingsûntjouwing
Grafyk: Untjouwing ynwennertal (ynklusyf it part fan de stêdekloft dat bestjoerlik by de stêd heart)
        jier         ynwennertal
1725 75.000
1750 150.000
1800 300.000
1846 336.000
1852 485.000
1858 520.100
1864 539.100
1867 667.000
1873 842.900
1881 876.600
1886 928.600
1891 1.035.400
1897 1.264.900
1901 1.439.400
jier ynwennertal
1908 1.678.000
1910 1.962.000
1915 2.318.600
1920 722.000
1926 1.616.100
1936 2.739.800
1939 3.191.300
1944 2.559.000
15 jannewaris 1959 2.888.000
15 jannewaris 1970 3.512.974
17 jannewaris 1979 4.072.528
12 jannewaris 1989 4.460.424
9 oktober 2002 4.159.635
1 jannewaris 2005 4.039.751
Satelytfoto Sint-Petersburch
Nevski prospekt
Koepel yn de Hermitage
Nicolaas I

[bewurkje seksje] Transport

Sint-Petersburch hat in seehaven, in fleanfjild (Пулково Poelkovo) en farwetter nei de Wolga/Baltyske steaten. Yn de stêd ryd sûnt 1955 in metro. Sûnt 2008 leit der in 115 km lange ringdyk om de stêd hinne.

[bewurkje seksje] Ekonomy

Der is in protte yndustry, lykas stielyndustry, gemy, skepebou en masinebou. Der is in grutte autoyndustry. Bedriuwen út it bûtenlân binne Wrigley, Gillette, Rothmans, Unilever, Japan Tobacco en Coca-Cola. De bierbrouwerij Baltika hat hast in miljard euro omset (yn 2005). Baltika is de grutste bierbrouwerij yn Ruslân en East-Jeropa, en de twadgrutste fan Jeropa nei Heineken. Dútslân is op ekonomysk mêd tige fan belang foar Sint-Petersburch.

[bewurkje seksje] Underrjocht

De Russyske Akademy fan Wittenskippen sit yn de stêd en der binne ûndersyksynstituten by de rûs, fierders binne der trije universiteiten en in konservatoarium.

[bewurkje seksje] Kultuer

Der binne sa'n 120 museums, bygelyks de Hermitaazje en it Russysk Museum. Der binne 50 teaters sa as it Mariinskiteater. It Eastersk-Ortodokse Alexander Nevski-kleaster is ien fan de wichtichste bouwurken yn de stêd. Neffens UNESCO sit Sint-Petersburch yn de top tsien fan meast attraktyfste reisdoelen fan de wrâld.


Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen