Coca-Cola

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Enjoy Coca-Cola
1941, Kanada

Coca-Cola is de namme fan in alkoholfrij drinken dat makke is fan sûkersjerp en bestânsdielen fan kolabeammen, oanfold mei kafeïne en koalsoergas. Coca-Cola wie it earste Cola-merk. Hjoed de dei is Coca-Cola it grutste Cola-merk. De Coca-Cola Company húsmannet yn de Amerikaanske stêd Atlanta, en is de grutste frisdrankeûndernimming op de wrâld. It 'Coca-Cola logo' is ien fan de bekenste merklogo's en wurdt faak besjoen as it symboal foar de westerske wrâld.

Coca-Cola is útfûn yn 1886 troch de apteker John Pemberton, dy't it drankje as in medisyn en genotsmiddel ûntwikkele tsjin ûnder oaren pineholle en wurgens. It idee om it drankje Coca-Cola te neamen komt fan syn sakepartner Frank Robinson. De sierlike letters op de ferpakking fan dit Colamerk binne ek fan Robinson. It logo, de flessen (mei froulike foarmen), de merkstrategy en de drank hawwe der mei-inoar foar soarge dat it merk yn'e hiele wrâld bekend waard.